Fan de dea nei it libben
1Ek jimme wienen eartiids geastlik dea troch jimme misse slaggen en sûnden. 2Dêr libben jimme yn, yn ’e geast fan dizze wrâld en fan ’e hearsker oer de machten yn ’e loft. Dy geast is no noch oan it wurk yn har dy’t net nei God harkje wolle. 3Wy hearden dêr ienris ek allegearre ta, doe’t wy libben yn ús selssuchtige begearten, mei’t wy dienen wat dy selssucht en ús eigen holle ús ynjoegen. En wy foelen, oan ússels oerlitten, ûnder Gods grime, krekt as de oaren.
4Mar God is kleare barmhertigens, fanwegen de grutte leafde dy’t Er ús bewiisd hat. 5Hy hat ús dêrom, ek al wienen wy dea troch ús missetten, mei Kristus wer libben makke – troch syn genede binne jimme behâlden. 6Ja, Hy hat ús mei Kristus opwekke en ús mei Him in plak reemakke yn ’e himelske kontreien. 7Dat hat Er dien om yn ’e kommende tiden te toanen, hoe’t de rykdom fan syn genede alles te boppe giet, troch syn goedens foar ús oer dy’t Er yn Kristus Jezus bewiisd hat.
8Want troch genede binne jimme behâlden, troch de wei fan it leauwen. En dat komt net fan jimsels, mar God hat it jimme jûn. 9It is net troch goede dieden. God wol net dat ien opsprekke soe. 10Want Hy hat ús makke en yn mienskip mei Kristus Jezus hat Er ús skepen mei it each op goede dieden. Dy hat God al ree makke. Hy woe dat wy se yn ús libben dwaan soenen.
Ien yn Kristus
11Ferjit dêrom net: jimme, de heidenen nei it lichem, waarden eartiids ûnbesnienen neamd troch dy’t harsels besnienen neame om in yngreep oan it lichem mei minskehannen; 12jimme wienen doedestiids sûnder Kristus, stienen bûten it boargerrjocht fan Israel en jimme hienen part noch diel oan ’e ferbûnen dy’t rêste op Gods tasizzing. Jimme wienen sûnder hope en sûnder God yn ’e wrâld. 13Mar no, yn mienskip mei Kristus Jezus, binne jimme, dy’t ienris omfierrens stienen, tichteby kommen troch de dea fan Kristus. 14Want Hysels is ús frede, mei’t Er fan dy twa partijen ien makke hat en de fijânskip, dy’t as in muorre tusken har stie, delhelle hat. 15Mei syn eigen lichem hat Er de wet mei syn foarskriften en de regels dêrfan ôfskaft om yn Himsels fan dy twa ien nije minske te meitsjen yn mienskip mei Him en sadwaande frede te stiftsjen. 16En Hy hat dy beide yn ien lichem mei God fermoedsoene troch syn dea oan it krús, dêr’t Er de fijânskip oan deade hat. 17Hy is kommen en hat jimme it bliid boadskip brocht dat it frede is, frede foar jimme dy’t fier fan God wienen, en foar harren dy’t tichteby Him wienen. 18Want troch Kristus hawwe wy allebeide, Joaden en heidenen, de tagong ta de Heit yn ienselde Geast.
19Sa binne jimme dus langer gjin frjemden sûnder boargerrjochten, mar jimme binne meiboargers fan Gods folk en húsgenoaten fan God. 20Jimme binne boud op it fûnemint dat út de apostels en profeten bestiet, wylst Kristus Jezus sels de hoekstien is. 21Hy is it dy’t it hiele bouwurk yn ’e foegen hâldt, en sa groeit it ta in timpel dy’t de Hear tawijd is. 22Troch Him wurde ek jimme mei opboud ta in hûs dêr’t God mei syn Geast yn wennet.