Ferhâlding ta de Kanaäniten
1As de Heare dyn God dy dan yn it lân brocht hat dêrsto no hinne op reis bist om it yn besit te nimmen, en Hy hat gâns folken foar dy út jage: de Hetiten, de Girgasjiten, de Amoriten, de Kanaäniten, de Perizziten, de Chiwwiten en de Jebûsiten, sân folken, mear en machtiger as do, 2en de Heare dyn God hat se oan dy oerjûn, datsto se ferslachst, dan moatst se ûnder de ban bringe. Do meist gjin ferbûn mei har oangean en do meist har net mije. 3Do meist dy net mei har besibje. Dyn dochter meist net jaan oan ien fan har soannen, en ien fan har dochters meisto net nimme foar dyn soan. 4Oars soe hja dyn soan fan My ôfhelje, en dan soenen se oare goaden tsjinje. Dan soe de lilkens fan de Heare tsjin jimme losbaarne en dy mei hasten ombringe.
5Mar jimme moatte sa mei har dwaan: har alters moatte jimme omsmite, har wijstiennen tebrizelje, har wijde peallen omkapje en har goadebylden ferbaarne. 6Want do bist in hillich folk foar de Heare dyn God. De Heare dyn God hat dy útkard, datsto út alle folken op ’e ierde syn eigen folk wêze soest.
7Net omdat jimme machtiger wienen as al de oare folken, hat de Heare fan jim hâlden en jimme útkard. Jimme binne ommers minmachtiger as alle oare folken. 8Mar omdat de Heare jimme leafhie, en omdat Hy de eed, dy’t Er jimme foarfaars sward hie, hâlde woe, hat de Heare jimme mei in sterke hân útfierd en jim ferlost út ’e oarde fan ’e slaverhij, út ’e macht fan Farao, de kening fan Egypte.
9Do moatst dus witte, dat de Heare dyn God wier God is, de trouwe God, dy’t Him hâldt oan it ferbûn en de genede foar wa’t Him leafhawwe en syn geboaden neikomme, oant yn it tûzenste geslacht. 10Hy sil it lykwols elk dy’t Him hatet persoanlik ferjilde en him omkomme litte. Hy sil der net tsjinoan drige, mar it syn hater persoanlik ferjilde. 11Hâld dy dus oan de geboaden, de foarskriften en de rjochtsregels, dy’t ik dy hjoed gebied te dwaan.
12As jimme harke hawwe nei dizze rjochtsregels en as jimme dy bewarre en dêrneffens dien hawwe, sil de Heare jim God Him hâlde oan it ferbûn en de genede dy’t Hy oan dyn foarfaars mei in eed tasein hat. 13Dan sil Hy dy leafhawwe, dy segenje en dy oanwinne litte. Hy sil de frucht fan dyn skurte en de frucht fan dyn lân segenje, dyn nôt, dyn druvesop en dyn oalje, en wat dyn kij kealje en dyn skiep lamje yn it lân dat de Heare dyn foarfaars mei in eed tasein hat, dat Er it dy jaan soe. 14Segene silste wêze boppe alle folken; der sil te dines man noch frou ûnfruchtber wêze, en ek net ûnder dyn fee. 15De Heare sil alle sykten by dy weihâlde en de skriklike kwalen fan Egypte, dyst meimakke hast. Hy sil se net op dy lizze, mar se taskikke oan allegearre dy’t dy haatsje. 16Do silst alle folken ferneatigje, dy’t de Heare dyn God oan dy oerleveret. Do meist gjin begrutsjen mei har hawwe; har goaden meist net tsjinje, want dat soe in falstrik foar dy wurde.
17Ast al by dysels sizze soest: Dy folken binne machtiger as ik, hoe soe ik se ferdriuwe kinne? 18Wês dan net bang foar har; betink dan mar ris goed wat de Heare dyn God dien hat oan Farao en hiele Egypte; 19de grutte besikingen dyst mei eigen eagen sjoen hast, de wûnders en de tekens, de sterke hân en de útstutsen earm, dêr’t de Heare dyn God dy mei útfierd hat. Sa sil de Heare dyn God dwaan mei al de folken dêrsto sa bang foar bist. 20Fierder sil de Heare brimzen ûnder har stjoere, oant ek de lêsten dy’t har foar dy ferskûle ha, omkommen binne. 21Wês net benaud foar har, want de Heare dyn God, dy’t yn dyn midden is, is in grut en skriklik God. 22De Heare dyn God lykwols sil dy folken allinkendewei foar dy út jeie; hurd opinoar silsto se net ferjeie kinne, dat de wylde dieren dy net oermânsk wurde. 23De Heare dyn God sil se oan dy oerleverje. Hy sil har tige yn ûnstjoer bringe, oant hja útroege binne. 24Hy sil har keningen yn dyn macht jaan. Sadwaande silst har namme ûnder de himel útfeie. Gjinien sil foar dy bestean kinne, oantsto har útroege hast. 25Har goadebylden moatte jimme opbaarne. It sulver en goud dat dêroan sit, dat meist net begeare en nei dy nimme. It soe dy yn ’e macht krije kinne, en soks is de Heare dyn God in ôfgriis. 26Ek meist gjin ôfgriis yn dyn hûs helje, want sels soeste ûnder de ban komme. Do moatst it fûl ferfije en der suver fan grize, want it leit ûnder de ban.