Deuteronomium 34
Mozes stjert
1Doe gong Mozes út ’e flakten fan Moäb wei by de berch Nebo op, de top fan ’e Pisga, lyk foar Jericho oer. En de Heare liet him it hiele lân sjen fan Gileäd ôf oan Dan ta, 2hiele Naftaly en it lân fan Efraïm en Manasse en it hiele lân fan Juda oan ’e westlike see ta, 3it Suderlân, de Jordaanstreek, de flakte fan Jericho, de palmstêd, oan Soär ta. 4Doe sei de Heare tsjin him: Dit is it lân dat Ik har foarfaars Abraham, Izaäk en Jakob sward haw: Dyn neiteam sil Ik it jaan. Ik haw it dy mei dyn eigen eagen sjen litten, mar do silst net oer de Jordaan komme. 5Sa stoar hy dêr, yn it lân fan Moäb, Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare, neffens wat de Heare sein hie. 6Hy begroef him yn ’e delling yn it lân fan Moäb foar Beth Peör oer en oant hjoed-de-dei ta wit net ien wêr’t syn grêf is. 7Mozes wie hûnderttweintich jier doe’t er stoar. Syn eagen wienen net minder wurden en syn krêften net ferfallen. 8De Israeliten beskriemden Mozes yn ’e flakten fan Moäb tritich dagen lang, oant de tiid fan triennen en rou oer Mozes oer wie.
9Jozua no, de soan fan Nûn, wie fol fan in geast fan wysheid, want Mozes hie him de hannen oplein en de Israeliten harken nei him en hja dienen wat de Heare Mozes opdroegen hie. 10Lykwols is der net wer in profeet yn Israel opstien lykas Mozes, dêr’t de Heare persoanlik mei omgong, 11sjoen alle tekens en wûnders dy’t de Heare him opdroech yn Egypte foar Farao en al syn feinten te dwaan en foar syn hiele lân, 12en sjoen hiel de grutte krêft en de duchtige dieden, dy’t Mozes dien hat foar de eagen fan hiele Israel.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap