It liet fan Mozes
1Set de earen iepen, o himel, dan wol ik sprekke,
lit de ierde harkje nei wat ik te sizzen haw.
2Myn ûnderrjocht mei streame as de rein,
myn rede drippe as de dauwe,
as stjalprein oer it nijgers,
en as in stower oer it krûd,
3want ik rop de namme fan de Heare út:
Jou gloarje oan ús God!
4In rots is Er; folslein is syn wurk,
ja, al syn wegen binne rjocht.
In trouwe God, sûnder falskens,
rjochtfeardich en rjochtút is Hy.
5Dy’t syn bern net binne – in krom en ferwoeksen skaai –
hawwe it, ta har eigen skande, by Him bedoarn.
6Sille jim sa de Heare ferjilde,
jim, dwaas en ûnwiis folk?
Is Hy dyn heit net, dy’t dy wûn hat,
dy’t dy makke hat en yn wêzen roppen?
7Tink oan fier ferfleine dagen,
Sjoch nei de geslachten fan alear.
Freegje dyn heit en hy sil it dy fertelle,
dyn âlderein en hja sille it dy sizze.
8Doe’t de Alderheechste de folken in erfenis joech,
doe’t Hy de minsken útinoar sette,
doe hat Hy de grinzen fan ’e folken fêststeld,
neffens it tal fan Israels bern.
9It eigen oandiel fan de Heare lykwols wie syn folk,
Jakob it Him tametten besit.
10Hy fûn him yn it gebiet fan ’e woestyn,
yn in neare, spoekgûlende wyldernis.
Hy wie om him hinne, Hy stie noed foar him,
Hy paste op him as op syn eachappel.
11Lykas in earnfûgel syn broed oantrunet,
boppe syn jongen hinne en wer fljocht,
de wjukken útspriedt en syn jong opheint,
en it draacht op syn wjuk,
12sa late allinne de Heare him,
en in frjemde god kaam der net oan te pas.
13Hy liet him ride oer de hichten fan ’e ierde,
liet him ite fan ’e frucht fan it fjild.
Hy liet him hunich sûge út ’e rots
en oalje út ’e hurde balstien.
14Bûter fan ’e ko en molke fan it skiep,
mei it fet fan ’e lammen,
fan rammen fan Bazan en fan bokken,
mei fyn moal fan de alderbêste weet,
en it bloed fan ’e druven dronkst as brûzjende wyn.
15Doe waard Jesjûrûn fet en sloech achterút
– fet waardst, grou en weelderich –
en hy liet God farre, dy’t him makke hie
en ferachte de rots fan syn heil.
16Hja makken Him oergeunstich mei frjemde goaden,
mei grouwélichheden tergen se Him.
17Hja offeren oan kweageasten, ûngoaden,
goaden dêr’t hja gjin kunde oan hienen,
nijlingen, dy’t der noch mar amper wienen,
dêr’t jimme foarfaars gjin huver foar hân hawwe.
18De Rots dy’t dy wûn hie, tochtst net mear oan,
de God dy’t dy yn wêzen brocht, hast fergetten.
19Doe seach de Heare it en Hy ferwurp út argewaasje syn soannen en dochters.
20Hy sei: Ik sil My fan har ôfkeare,
dan sil Ik ris sjen wat der fan har wurdt.
Hja binne ommers in folkje dat alhiel ferkeard is,
bern, dêr’t men gjin steat op meitsje kin.
21Hjasels hawwe My oergeunstich makke mei wat gjin god is,
argewaasje hawwe se My jûn mei har dingen-fan-neat.
No sil Ik lykwols har oergeunstich meitsje mei wat gjin folk is,
troch in dwaas folk sil Ik har argewaasje jaan.
22Want in fjoer lôget op yn myn lilkens,
en it baarnt oant yn it djipste fan ’e ûnderwrâld.
It fertart it lân mei wat it opbringt,
it set de fûneminten fan ’e bergen yn ’e lôge.
23Ik sil har bedobje ûnder de rampen,
al myn pylken op har ôfsjitte.
24Binne se útmergele fan ’e honger en úttard fan ’e koarts
en fan ’e gefaarlike pest,
dan stjoer Ik beestetosken op har ôf,
it fergif fan dy’t yn it stof omkrûpe.
25Bûtendoar sil it swurd fersline,
en yn ’e hûs de deaskrik
sawol de jongfeint as de jongfaam,
it tatebern mei de âldman.
26Ik soe sein hawwe:
Lit My har fuortblaze,
it oantinken oan har ûnder ’e minsken weinimme,
27as Ik net bang west hie dat de fijân spotte soe,
har tsjinstanners it misbegripe soenen en sizze: Us macht is sa grut
en de Heare hat dit allegearre net dien.
28Ja, want it is in folk sûnder oerlis,
it ûntbrekt har oan ynsjoch.
29Och, wienen se mar wiis, dat se dit foar it ferstân krigen,
dan soenen hja begripe wêr’t it foar har op útrinne moat.
30Hoe soe ien tûzen achterneisitte,
en twa tsientûzen op ’e flecht jeie,
as har Rots har net ferkocht hie
en de Heare har net oerlevere?
31Want har rots is net as ús Rots,
sels ús fijannen moatte dat tajaan.
32Ja, har wynstokken komme fan ’e
wynstôk fan Sodom
en fan ’e ikkers fan Gomorra,
de druven dêrfan binne fergiftich,
har trossen binne bitter.
33Slangefergif is har wyn,
en fûl njirrefenyn.
34Wis, Ik haw it by My opgarre,
fersegele yn myn skatkeamers.
35Mines is de wrake en de ferjilding
op ’e tiid dat har foet wankelje sil,
want nei-oan is de dei fan har ûngelok
en it takomstich lot fljocht op har ta.
36Want de Heare sil rjocht dwaan oan syn folk,
en oer syn feinten Him erbarmje,
omdat Hy sjen sil dat har macht fergien is
en dat slaaf noch frije oerbleaun is.
37Hy sil sizze: Wêr binne har goaden,
– de rots dêr’t hja taflecht sochten –
38dy’t it fet fan har fleisoffers ieten
en de wyn fan har drankoffers dronken?
Lit dy no oerein gean en jim helpe,
lit dat jimme beskerming wêze.
39Sjoch dan no dat Ik it bin, Ik allinne,
en njonken My is der gjin god.
Ik lit stjerre en Ik meitsje libben,
Ik slach wûnen en Ik meitsje better,
en der is gjinien dy’t út myn hân ferlost.
40Ja, Ik stek myn hân nei de himel
en Ik sis: Sa wier as Ik ivich libje,
41as Ik myn flikkerjend swurd slipe haw
en myn hân it oardiel oangripe sil,
dan sil Ik wraak delkomme litte op myn tsjinstanners
en oer myn haters ferjilding.
42Ik fuorje myn pylken dronken mei bloed
en myn swurd kriget fleis te iten
fan it bloed fan ’e fersleine en de gefangene,
fan ’e langhierrige foarsten fan ’e fijân.
43Jubelje, o naasjes, oer syn folk,
want it bloed fan syn feinten sil Hy wreekje
en wraak sil Hy bringe oer syn tsjinstanners
en fersoening dwaan oer it lân, oer syn folk.
Lêste fermoanning fan Mozes
44Doe gong Mozes hinne en sei mei Hosjéa, de soan fan Nûn, dit hiele liet op, wylst it folk it oanhearde. 45Doe’t Mozes oan ’e ein kommen wie fan it opsizzen fan al dy wurden foar hiele Israel, 46sei er tsjin har: Printsje alle wurden dêr’t ik jimme hjoed mei warskôgje, yn jim ûnthâld. Lis se oan jim bern op, dat dy alle wurden fan dizze wet bewarje en dy neikomme. 47Want dit is gjin lege foarm foar jim, mar it giet om jim libben. Dêrtroch sille jimme it lang úthâlde op ’e grûn, dêr’t jim no hinnegeane, de Jordaan oer, om it yn besit te nimmen.
48Dy eigenste deis sei de Heare tsjin Mozes: 49Gean it berchlân Abarim yn, de berch Nebo op, dy’t yn it lân fan Moäb leit, foar Jericho oer, en sjoch dan it lân Kanaän, dat Ik de Israeliten yn eigendom jou. 50Dan moatst stjerre op ’e berch dêrsto by opgien bist, en ferienige wurde mei dyn sibben lykas Aäron dyn broer stoarn is op de berch Hor en mei syn sibben ferienige waard, 51dêrom, omdat jim My net trou bleaun binne yn it fermidden fan ’e Israeliten by it wetter fan Meribat-Kadesj yn ’e woestyn Sin. Doe hawwe jimme myn hillichheid net eare yn it fermidden fan ’e Israeliten. 52Ut ’e fierte meist it lân sjen. Dêr, yn it lân dat Ik de Israeliten jou, silsto lykwols net komme.