It fizioen fan de raam en de geitebok
1It tredde jiers, dat Belsjassar kening wie, krige ik, Daniël, nei wat ik earder al sjoen hie, noch wer in fizioen. 2It wie dit: dêr seach ik mysels yn dat fizioen yn ’e omkriten fan ’e stins Sjûsjan, dy’t yn it gebiet fan Elam stiet; ik seach nochris: wel, ik stie oan ’e kant fan it Oelai-kanaal. 3Ik sloech de eagen op en seach: sjedêr in raam! Hy stie oan dizze kant fan ’e feart en hie twa hoarnen, lange hoarnen. De earste wie langer as de twadde en de langste kaam lêst omheech. 4Ik seach hoe’t de raam ramendewei maneuvels makke nei it westen, noarden en suden. Gjin dier koe foar him oerein bliuwe. Ek wie der gjinien dy’t útrêding bringe koe. Hy koe mar dwaan sa’t er woe. Hy die grutsk.
5Ik sloech alles goed acht en sjedêr: in baas geitebok. Sa hurd kaam er der oansetten út ’e westerkym wei, dat hy roerde gjin grûn. Dy bok hie in hoarn tusken de eagen, dy’t frijwat bylke. 6Hy kaam op ’e raam mei beide hoarnen ta, dy’t ik oan dizze kant fan ’e feart sjoen hie. Hy stode op him ôf mei barstend geweld! 7Ik seach him lyk foar de raam stilstean. Hy tjirge him om mâlens tsjin him. Hy stjitte de raam sa, dat hy sloech him de beide hoarnen stikken. De raam wie net sterkernôch mear om de kop derfoar te hâlden: de geitebok soalde him oer de grûn en ferwâde him. Gjinien, dy’t him út syn macht ferloste. 8De geitebok die no slim grutsk. Mar doe’t er safolle yn ’e bouten hie, briek him de grutte hoarn ôf. Lykwols, dêr seach men fjouwer oare foar yn ’t plak opkommen. Se wiisden de kant út fan ’e fjouwer wynstreken. 9Ut ien dêrfan sprute in hoarn, dy’t earst lyts wie, mar him wakker útwreide nei it suden op en nei it easten, mar ek op it sierlike lân oan. 10Hy wreide himsels út oant de mannichten yn ’e loft ta. Guon út dy mannichten, benammen fan ’e stjerren, liet er delploffe en trape se fyn. 11Jawier, oant de Foarst fan ’e mannichten wreide er him út yn syn grutskens. Hy ûntnaam him sels it fêste deistige offer en it stee fan syn hillichdom waard ferrinnewearre. 12– Mei in hopen komt it no safier, dat se ôffalle en har tsjin it deistige offer keare. Se meie de trou mar tsjin ’e grûn traapje, fan alles útheve en it sil har ek noch goed gean.
De útlis
13Mar ik woe nei in hillige harkje, dy’t oan it wurd wie. Doe sei in oare hillige tsjin him dy’t spriek, wa’t it dan ek mar wie: Hoe lang sil dat fizioen oanhâlde: dat fêste deistige offer, dy ôffal alderheislikst, hillichdom en stjerreleger oerjûn om ferwâde te wurden? 14Doe sei er tsjin my: Oant it twatûzen trijehûndert kear jûn en moarn west hat. Dêrnei sil oan it hillichdom weromjûn wurde, dêr’t it rjocht op hat. 15Mar doe’t ik, Daniël, gjin lichten die om dat fizioen te besjen, dat ik dêr doel oer krije mocht: sjedêr, dêr stie Ien foar my oer, it like in manspersoan. 16Tagelyk hearde ik, tusken de wâlskanten fan Oelai wei, in minskestim dy’t rôp: Gabriël, lit dizze persoan it fizioen begripe! 17Dy kaam dêr’t ik stie, en syn kommen makke my och sa kjel; ik liet my foaroer falle. Mar hy sei tsjin my: Wês op dyn iepenst, minskebern, want it fizioen hat te meitsjen mei de eintiid! 18Wylst er mei my spriek, rekke ik wer mei it gesicht oer de grûn, suver bûten westen. Hy roerde my lykwols oan en holp my oerein, dat ik wer stie. 19Hy sei: Ik bin hjir om dy te fernijen, hoe’t it wêze sil as de grime him deljout. Dit fizioen wiist nammentlik nei de fêststelde eintiid.
20Dy raam, dysto seachste mei dy beide hoarnen, dêr binne de keningen fan Medië en Perzië mei bedoeld. 21Dy bok, sa rûch yn ’t hier, dat is de kening fan Grikelân; dy grutte hoarn tusken de eagen is de earste kening. 22Dat dy ôfbrutsen waard en dat der fjouwer oare foar yn ’t plak kamen te stean, dat wiist op fjouwer keninkriken dy’t opkomme út in heidensk folk. Hja sille oerein stean, mar net mei dy iene syn krêft.
23Yn it lêstoan fan har keningskip,
as de hichte der is mei de ôffalligen,
dan sil der in kening komme te stean,
stûf fan uterlik, trochkrûpt yn glûpske streken.
24Geweldich wurdt syn krêft,
mar fan himsels hat er dat net.
Hy ferrinnewearret mar fan wûnder en geweld
en wat er docht, it wierret him yn alles mei.
Al binne se sterk, hy stjit se yn ’t ferdjer,
en ek it folk fan ’e hilligen.
25Syn bedragerij sil troch syn slûchslimmens fertuten dwaan.
En yn syn hert sil er him wit wat ferbyldzje.
Ek bringt er party dy’t libje sûnder euvelmoed,
hommels om hals.
Sels de Allerheechste doar er tsjin te stean!
Dan wurdt er brutsen, mar net troch minskehân.
26Dit fizioen fan jûn en moarn, dêr’t oer sprutsen is,
komt wiswier nei!
En do, hâld dat fizioen mei soarch by dy,
want it rikt oer gâns in tiidrek.
27Mar ik, Daniël, wie alhiel oan ein en lei in deimannich siik. Dochs joech ik my oerein om de tsjinst fan ’e kening waar te nimmen. Sa murk gjinien, hoe bot oeral ik fan dat fizioen wie.