It nachtlik fizioen fan ’e fjouwer dieren en de Minskesoan
1It earste jiers fan kening Belsjassar fan Babel, hie Daniël in dream en krige er op bêd fizioenen foar him. Fuortendaliks skreau er de dream op. It foarnaamste dêrfan neamde er.
2Daniël sette sa út ein: Ik seach yn myn fizioenen by nacht sterk ta en sjedêr: de wyn kaam út alle fjouwer hoeken fan ’e loft en brocht de grutte see yn ûnstjoer. 3Doe riisden fjouwer ûnbidich grutte dieren op út ’e see; se liken neat op elkoar. 4It earste seach der út as in liuw, mar mei wjukken fan in earn. Ik seach ta: dêr waarden him de wjukken útrôpt en it dier waard fan ’e grûn optild. Doe waard it op fuotten as fan in minske wer delset en it krige in minskehert. 5En sjedêr in oar dier, in twaddenien, en dat like op in bear. It waard oan ien kant omheechhelle en hie trije ribben tusken de tosken. En sa sprieken se him oan: Ala, oerein, ferslyn gâns fleis! 6Ik seach noch langer ta en sjedêr: in oaren-ien, it like wol in panter. Dy hie fjouwer fûgelwjukken op syn rêch. Fjouwer koppen hie it dier ek. Der waard him hearskippij jûn.
7Dêrnei ferskynde my yn myn nachtlike fizioenen ûnferhoeds in fjirde dier; it wie freeslik, ja ysbaarlik, en ek noch ôfgryslike sterk. It hie ûnfoech grutte tosken fan izer, it friet en fermoarzele. En wat der oerbleau, ferwâde it mei de poaten. It wie oars as alle dieren foar him. It hie ek tsien hoarnen. 8Ik sloech dy hoarnen acht en sjedêr: in oare hoarn, in lytsen ien, riisde der tuskenyn omheech. Trije fan ’e foarige hoarnen waarden dêrút ropt. En sjedêr, dêr sieten yn dy hoarn eagen as wie ’t fan in minske, en in mûle, dy’t grutske taal útsloech. 9Ik seach noch altyd ta:
doe waarden sitten ree set
en Ien, heech op jierren, sette Him del.
Syn klaaiïng wie wyt as snie,
it hollehier sa blank as wolle.
Syn sit wie ljochte lôge,
de tsjillen wienen fûlbaarnend fjoer.
10In fjoerstream wâle op
en brûsde foar Him út.
Tûzenris tûzenen tsjinnen Him,
tsientûzenris tsientûzenen stienen foar Him ree.
De rjochters gongen sitten, de boeken kamen iepen!
11Ik seach oanienwei troch. Ik seach doe, hoe’t it dier, fanwegen de grutske taal dy’t de hoarn der útsloech, al gau deade waard. Syn lichem waard fergriemd en oan in fjoergloede oerjûn. 12De oare dieren waard wol de hearskippij ûntnommen, mar it libben hâlden se oant in stelde tiid fan jierren. 13Ik seach ta yn myn nachtlike fizioenen:
en sjedêr: mei de wolken fan ’e himel kaam Ien as in minskesoan.
Hy slagge oan Him ta, dy’t heech op jierren is,
en se brochten him foar Him.
14Hearskippij en eare waard him jûn,
it keningskip, dat alle folken,
naasjes en talen ferearen him.
Syn hearskippij is sa’n ien foar ivich,
ien dy’t net foarbygiet,
en syn keningskip sa’nt dat net fergiet.
De útlis
15Ik, Daniël, wie alhiel oerstjoer en de fizioenen dy’t ik foar my krige hie, ferbjusteren my. 16Ik joech my by ien fan harren dy’t dêr stienen, om dúdlike útlis oer al dy dingen. Hy sei it my en brocht my de betsjutting fan it ien en oar oan ’e weet. 17Dy ûnfoech grutte dieren, fjouweresom, betsjutte: fjouwer keningen sille út ’e ierde wei opstean. 18De hilligen fan ’e Allerheechste sille lykwols it keningskip krije en sille dat keningskip foar ivich harres meitsje, ja oant yn alle ivichheid.
19Op dat stuit woe ik graach wissichheid hawwe oer it fjirde dier, dat der by alle oaren útrûn. Slim grousum wie it, mei tosken fan izer en klauwen fan koper. It friet en fermoarzele, en wat der oerbleau, ferwâde it mei de poaten. 20En dan oer de tsien hoarnen op syn kop en oer dy oare, dy’t opriisde, dêr’t trije fan ’e foarige foar útfoelen. Dy hoarn, dy hie wat yn akte, eagen hied er en in mûle dy’t grutske taal spriek. Fan oansjen wied er grutter as de oare fan syn soarte. 21Ik seach ta: dy hoarn gong, jawier, mei hilligen yn ’e striid en hy wie har oermânsk. 22Dat gong troch, oant Hy dy’t heech op jierren is, kaam en der rjocht dien waard oan ’e hilligen fan ’e Allerheechste. De stelde tiid wie kommen, dat it keningskip waard de hilligen harres. 23Hy sei it sa:
It fjirde dier sil in fjirde keninkryk op ierde wêze,
oars as alle keninkriken.
It ferslynt de ierde hielendal,
terskjend en fynstampend.
24No de tsien hoarnen: dat keninkryk,
dêr sille tsien keningen út opstean.
Mar in oarenien nei har;
dy sil de foarige frij wat ûntrinne.
Hy sil trije keningen delslaan
25en opsprekke tsjin de Allerheechste.
Hy sil de hilligen fan de Allerheechste ferniele
en derby besykje tiden en wet te fersetten.
Hja wurde him yn ’e hannen jûn in tiid, in dûbelde tiid en in heale tiid.
26Mar de rjochters sille har delsette,
syn hearskippij sille se fuortdwaan.
It giet oan op in ferdylgjen en ferdjerren sûnder ein!
27It keningskip, de hearskippij en de gruttens fan ’e keninkriken ûnder de hiele himel
sil oan it folk fan ’e hilligen fan de Allerheechste jûn wurde.
Har keninkryk is ien foar ivich
en alle machten sille har hulde dwaan en nei har harkje.
28Dêrmei wie de saak te’n ein. Wat my, Daniël, oanbelanget, ik wie tige feralterearre troch myn prakkesaasjes en de kleuren gongen my ôf. Mar ik hâlde de saak yn omtinken.