1Yn it earste jier fan Daríus de Mediër hie ik fan myn kant derfoar stien om him te fersterkjen en te beskermjen.
De takomst oant it Grykske ryk útinoar falt
2No sil ik dy de wierheid fertelle. Sjoch, nei’t der yn Perzië noch trije keningen opstien binne, sil de fjirde grutte rykdom byinoar slepe, mear as alle oaren. Dy rykdom sil him macht jaan en dan sil er alles yn aksje bringe tsjin it keninkryk fan Grikelân. 3Der sil him in kening oppenearje, in held, dy’t gâns in hearskippij útoefenet en docht sa’t er wol. 4Noch mar krekt lykwols hat er him oppenearre, of dêr wurdt syn keninkryk al ferbrutsen en it wurdt ferdield oer de fjouwer wynstreken. Mar foar syn neiteam sil it net wêze. It wurdt ek net wer sa’n hearskippij as hy hie. Want syn keninkryk wurdt útinoar skuord, en wylst it harren ûntkomt, ferfalt it oan oaren.
De keningen fan it Suderlân en it Noarden
5Dan sil de kening fan it Suderlân sterk wêze; mar ien fan ’e foarsten sil sterker wurde as hy en gâns in hearskippij útoefenje oer in grutter gebiet as sines. 6Jierren neityd sille se in bân smeie: de dochter fan ’e kening fan it Suderlân sil by de kening fan it Noarden komme om te besykjen de saak yn it lyk te bringen. Mar it fermogen fan har earm rikt net fier genôch. No hâldt hy him ek net oerein en lit syn earm it ek sitte. It giet mis mei harsels, har oanhing, har heit, mar ek mei har man dy’t oer har te sizzen hat – yn ien tiidsferrin. 7Dan sil der út ’e selde woartels as hja ien útsprute en oan ’e macht reitsje. Dy sil yn ’e stins fan ’e kening fan it Noarden slagje en ûnder de lju dy’t dêryn binne, regaad hâlde. Hy sil in keardel útmeitsje. 8Ek sil er har goaden mei har bylden, it kostber ark fan sulver en fan goud derby ynbegrepen, as bút nei Egypte slepe en jierren sil er boppe de kening fan it Noarden stean. 9Dan sil dy yn it ryk fan ’e kening fan it Suderlân ynfalle, mar nei syn grûngebiet weromgean moatte.
10Wat syn soan oangiet: dy giet mei oaren yn ’e skrep om in fiks tal grutte legers byinoar te swyljen. Hy komt mei faasje opsetten, brûzet oeral troch hinne. Fûleindich stjitte se troch oan de stins fan it keninkryk ta. 11De kening fan it Suderlân sil him om mâlens tjirgje en derop útgean om tsjin him, de kening fan it Noarden, te striden. Dy sil in grutte mannichte op fuotten bringe, mar dy mannichte sil him yn hannen falle. 12As dy mannichte sa dan fuort is, sil syn hert grutsk wurde. Tsientûzenen slacht er del. Mar hy kin dat net folhâlde. 13De kening fan it Noarden sil wer in mannichte op fuotten bringe, mânsker noch as de earste kears en mei ferrin fan jierren sil er komme, lang net mis, mei in grut leger en in machtige útris.
14Yn dy tiden sille der in soad tsjin de kening fan it Suderlân opstean. Ek guon fan dyn folk, reboeljemakkers, sille har opjaan om in fizioen te befêstigjen. Mar se sille stroffelje. 15De kening fan it Noarden sil dus komme, in wâl opsmite en in stêd ynnimme, mei skânsen der omhinne. De sterke earm fan it Suderlân kin it net hâlde, sels de bêsten út it folk net iens. Hy kin it net op fuotten hâlde. 16Dy’t op him oankomt, kin mar dwaan sa’t er wol. Gjinien bliuwt foar him oerein. Hy sil him opstelle yn it sierlike lân en mei eigen hân dien wurk meitsje. 17Hy sil him derop útlizze, dat er mei de hiele macht fan syn ryk op it aljemint komme kin, mar hat tagelyk in akkoart yn it sin en sil tige warber wêze. Hy sil de oare in jonge frou jaan, it doel is ferdjer, mar hja sil der net foar stean en it sil him neat opleverje. 18Dan sil er him keare tsjin de lannen oan ’e seekant, hy sil dêr in protte oppakke. Mar in hege ofsier sil in ein meitsje oan syn gehún. Lykwols sûnder dat it der him nei giet. 19No sil er him keare tsjin de stinzen yn eigen lân, mar hy sil stroffelje en falle en net mear te finen wêze. 20Foar him yn ’t plak sil him ien oppenearje, dy’t in persoan rûnstjoert om it hearlikste fan it keninkryk ôf te twingen. Mar yn it earstoan sil er al ferbrizele wurde, hoewol net troch lilkens en fjochtsjen.
Benearing en ferlossing fan Daniëls folk
21Foar him yn ’t plak oppenearret him in ferspuiden ien, se hawwe him de gloarje fan it keningskip net jûn, mar hy komt temûk en slagget mei glûpske streken oan ’e macht. 22Utrinders fan in brûzjende stream sille foar him fuortspield wurde en ôfbrutsen en ek in foarst, dy’t in ferbûn makke hie. 23Sagau as se mei him yn ’e mande dogge, sil er gemien dwaan. Sa komt er der boppe-op en krijt mei in bytsje folk dochs de skonken ûnder it liif. 24Hommels sil er yn ’e bêste streken fan it gebied komme en docht er wat syn foarfaars en de foarteam dêrfan net dien hawwe: roof, bút en besit sil er oer har útstruie. Sels tsjin skânsen sil er plannen úttinke, mar oan sa’n tiid ta.
25Fierder sil er syn krêft en syn moed oanfiterje mei in grut leger tsjin de kening fan it Suderlân. De kening fan it Suderlân sil him dan mei in uterst grut en sterk leger ta de striid útrisse, mar hy sil it net oprêde, want se belizze plannen tsjin him. 26Minsken dy’t fan syn tafel ite, sille him de knoei jaan. Syn leger sil fuortspiele en der sille in heap fersleinen falle. 27Dan sille dy beide keningen kwea yn ’t sin hawwe, se sitte oan ien tafel te ligen. Mar it sil har net goed ôfgean, want de fêststelde tiid fan ’e ein is der noch net. 28No giet dy earste nei syn lân werom mei in berch guod. Syn hert is sa op it hillich ferbûn tsjin, dat hy pakt ek oan en giet dan pas nei syn lân werom.
29Op ’e stelde tiid sil er wer it Suderlân ynfalle, mar dy kears sil it net sa gean as de earste. 30Der komme skippen fan ’e Kittiërs op him ôf, dat hy lit de moedfearren hingje. Op ’e weromreis wurdt er grimmitich tsjin it hillich ferbûn en docht dêrneffens. Dan jout er him ôf, mar sil in tige niget hawwe oan de lju dy’t it hillich ferbûn loslitte. 31Hy sil be-oarderje dat der hantlangers opsteane, dy’t de timpelstins ûntwije; se sille it deistich offer oan ’e kant sette en sa’n grouwélich ding delsette, dat jin de grize oer de grouwe giet. 32En dy’t har oan it ferbûn besûndigje, sil er mei fluenske taal oerhelje om ôffallich te wurden. Mar it folk dat syn God ken, sil sterk bliuwe en him ferwarre. 33Wilens sille de ferstannigen ûnder it folk oan ’e measten ynsjoch jaan. Mar se sille in skoft ûnder fuotten reitsje troch oarloch, brân, opsluting en plondering. 34Lykwols, as se ûnder fuotten reitsje, sille se help krije fan in lyts ploechje. En der binne ek in soad, dy sille har fluensk by har oanslute. 35Under de ferstannigen sille noch guon komme te stroffeljen om har sa te lotterjen en te suverjen oant se skjin binne. Sa giet it troch, want de fêststelde tiid is der noch net. Mar der komt in ein oan.
36Dy kening sil dwaan wat er wol en grutsk wurde. Hy sil himsels heger stelle as elke god en ôfgryslik tsjin de heechste God opsprekke. It sil him meiwierje oant de godlike grime de hichte krige hat, want wat fêstlein is, giet troch. 37De goaden fan syn foarfaars sil er gjin omtinken foar hawwe, ek net foar de leavelingsgod fan ’e froulju. Gjin inkelde god sil er achtenearje, want hy stelt himsels der fier boppe. 38Hy sil yn har stee de god fan ’e skânsen al ferearje; in god, dêr’t syn foarfaars net fan ôfwisten, sil er mei goud, sulver, edelstiennen en kostber guod ferearje. 39Hy sil him tsjin fersterke skânsen skrep sette mei help fan de frjemde god. Dy’t meistimt, sil er mei eare oerlade, baas meitsje oer in grut stik en as beleanning grûn tapartsje.
40Mar op ’e ein fan in tiidrek sil de kening fan it Suderlân mei him yn ’e slach reitsje. No, de kening fan it Noarden sil tsjin him stoarmrinne mei gâns weinen, ruters en skippen, syn lân ynfalle en der trochhinne brûze. 41Hy komt ek yn it sierlike lân en party kinne it net op fuotten hâlde. Mar oan syn hân ûntkomme: Edom, Moäb en de foarnaamste Ammoniten. 42Hy stekt de hannen út nei de lannen en foar Egypte sil der gjin ûntkommen oan wêze. 43Hy kriget it te sizzen oer de ferburgen skatten: it goud, it sulver en wat Egypte mar oan begearliks hat. En Lybiërs sawol as Etiopiërs geane yn syn fuotleasten. 44Mar lûden út it easten en it noarden meitsje him kjel. Poerlilk giet er der dan op út om in hiele kloft folk te ferdylgjen en út te roegjen. 45Hy sil tusken it wide wetter en de berch fan it hillige sieraad syn steatlike tinten opsette. Mar hy komt oan syn ein, sûnder dat er in helper hat.