In ferskining yn in fizioen
1It tredde jiers fan kening Koaresj fan Perzië, waard der oan Daniël, dy’t Beltesjassar neamd waard, in wurd iepenbiere. Dat wurd wie de wierheid sels en wiisde op grutte need. Hy joech acht op it wurd en krige ynsjoch yn it fizioen.
2Yn die tiid wie ik, Daniël, trije sântallen fan dagen yn ’e rouwe. 3Ik iet gjin kostlik brea, fleis noch wyn kaam my yn ’e mûle en ik brûkte uterstee gjin salve, oant trije sântallen fan dagen om wienen. 4De fjouwerentweintichste fan ’e earste moanne hâlde ik ta oan ’e kant fan ’e grutte rivier, dat is de Chiddêkel. 5Ik seach nei boppen: sjedêr in man yn linnense klean. Om ’e heupen hied er in gurdle mei goud fan ’e goudkust. 6Syn lichem blonk as in grienige edelstien, syn antlit hie de skyn fan wjerljocht en syn eagen wienen as fjoerfakkels. Earmen en skonken hienen it oansjen fan glêdskjirre koper. It lûd fan syn wurden wie as it lûd fan in mannichte folk. 7Allinne ik, Daniël, seach de ferskining, mar de manlju dy’t mei my wienen, seagen dy net. En dochs waarden se slim kjel, dat se naaiden út en krûpten wei. 8Sa bleau ik dêr allinne oer en seach nei dat grutte ferskynsel. Doe koe ik neat mear, de kleur gong my ôf, dat ik fersutere alhielendal. Ik hie neat mear om by te setten.
De ferskining sprekt Daniël oan
9Dêr hearde ik it lûd fan syn wurden en mei lei ik bûten westen, it gesicht op ’e grûn. 10Mar dêr rekke my in hân oan en treau my oerein op knibbels en hannen.
11Doe sei er tsjin my: Daniël, heechachte man, slach de wurden acht, dy’t ik ta dy sprekke sil. Stean no stevich op dyn plak, want ik bin nei dy tastjoerd mei in boadskip. En doe’t er sa mei my prate, stie ik triljend op ’e skonken. 12Hy sei tsjin my: Wês net bang, Daniël, want fan ’e earste deis ôf, datst dyn hert derop set hast om ynsjoch te krijen en dysels foar dyn God te fernederjen, is der nei dyn wurden heard. No bin ik kommen op dizze wurden fan dy. 13De foarst út it keninkryk Perzië stie ienentweintich dagen foar my oer. Mar sjoch: Michael, ien fan ’e foarnaamste foarsten, kaam om my te helpen. Sa krige ik it plak allinne, dêre by de keningen fan Perzië. 14En no bin ik kommen om dy yn te ljochtsjen oer wat dyn folk yn it lêstoan fan ’e dagen te wachtsjen stiet. Der is nammentlik noch in fizioen foar dy dagen.
15Doe’t er my op sa’n wize taspriek, seach ik foardel en koe gjin wurd mear útbringe. 16Mar hy rekke – en like doe krekt in minske – myn lippen oan en die my de mûle iepen. Doe koe ik wer prate en ik sei: Mynhear, ik krij krampen en bin alhiel út ’e liken. 17Hoe kin sa’n feintsje mei sa’n hear riddenearje? Der is sûnt gjin ferwar mear in my, ik gapje nei de siken. 18Doe rekke hy – hy like noch in minske – my op ’e nij oan en joech my krêft. 19Hy sei derby: Wês net bang, heechachte man, haw frede! Wês sterk en nochris sterk! Doe’t er sa mei my prate, krige ik de moed om te sizzen: Sprek mar, myn hear, want jo hawwe my sterk makke.
20Hy sei doe: Hast foar it ferstân, wêrom’t ik by dy kommen bin? Dan gean ik no om mei de foarst fan Perzië te striden en as ik my dêrwei ôfjou, dan is de foarst fan Grikelân der al. 21Mar ik sil dy fertelle, wat der yn it boek fan ’e wierheid optekene stiet. Earst noch ditte: Gjinien set him mei my tsjin dyselden te skoar, allinne jimme foarst Michael.