BEL EN DE DRAAK
Daniël en Bel
1Kening Astyages wie byset yn it grêf fan syn foarâlden en de Pers Cyrus wie nei him op ’e troan kommen. 2Daniël wie in húsfreon fan de kening, hy stie by him yn eare, noch mear as wa ek fan syn oare freonen.
3No hâlden de Babyloaniërs der in ôfgod op nei, dy’t se Bel neamden. Dy joegen se alle dagen seis mudde fyn moal, fjirtich skiep en seis anker wyn. 4De kening die mei oan ’e ferearing; hy gong der elke dei hinne om de ôfgod te oanbidden. Daniël lykwols oanbidde syn eigen God. De kening sei dan ek ris tsjin him: Wêrom wolsto Bel net oanbidde? 5Hy antwurde: Ik leau net oan goaden dy’t de minske sels makke hat, mar allinne yn de libbene God, dy’t himel en ierde makke hat en regearret oer al wat libbet. 6De kening sei: Miensto dan, dat Bel gjin libbene God is? Sjochsto dan net hoefolle oft er elke dei yt en drinkt? 7Daniël begûn te laitsjen en sei: Lit jo net ferrifelje, kening. Fan binnen is it liem, fan bûten brûns en sok guod hat noch noait iten of dronken. 8Doe waard de kening lilk, hy rôp syn prysters derby en sei tsjin harren: As jimme my net sizze, wa’t al dat iten opyt, dan geane jimme deroan 9mar as jimme bewize, dat Bel it docht, dan giet Daniël deroan, om’t er Bel belastere hat. Daniël sei tsjin de kening: Dat moat wêze.
10No wienen dy prysters fan Bel mei har santigen, froulju en bern net meirekkene. De kening gong mei Daniël de timpel fan Bel yn. 11De Belprysters seinen: Sjoch, wy geane der no út, kening. Sette josels it iten mar klear en de wyn ek, as jo dy mongen hawwe. Slút dan de doar ôf en fersegelje dy mei jo segelring. 12As jo moarnier weromkomme en as jo dan wat oars sjogge as dat Bel it allegear opiten hat, lit ús dan mar deameitsje. Yn it oare gefal, Daniël, dy’t ús sa belasteret. 13It wie foar harren mar in lyts keunstje, tochten se, want se hienen ûnder de offertafel in geheime tagong meitsje litten en dêr kamen se altiten troch om it offere spul op te iten.
14Doe’t se fuort wienen en de kening it iten foar Bel delset hie, liet Daniël syn slaven jiske ophelje en dy oeral yn ’e timpel op ’e grûn struie, sûnder dat der ien oars by wie as de kening. Doe gongen se de timpel út, sleaten de doar ôf, fersegelen dy mei de kening syn segelring en gongen fuort. 15Sa’t se dat wend wienen, kamen de prysters de nachts mei froulju en bern en ieten en dronken alles op.
16Ier yn ’e moarn wie de kening der al en Daniël wie by him. 17De kening frege: Binne de segels noch heel, Daniël? Dy sei: Ja, kening. 18Doe’t se de doar iependienen, seach de kening daliks nei de offertafel en lûd rôp er: Grut binne jo, Bel; by jo is gjin sprake fan ferrifelderij. 19Mar Daniël begûn te laitsjen en behindere de kening fierder te gean. No moatte jo ris goed op ’e flier sjen en útmeitsje, wa syn fuotprinten dat binne. 20De kening sei: Ik sjoch fuotprinten fan manlju, froulju en bern. 21Breinroer liet er de prysters mei froulju en bern oppakke. Doe wiisden se him de geheime tagong dêr’t se troch plichten te kommen om alles wat op ’e tafel stie, op te iten. 22De kening liet harren deadzje en joech Daniël it byld fan Bel ta syn foldwaan. Dy sloech de ôfgod en syn timpel yn grúzleminten.
Daniël en de draak
23Der wie ek in grutte draak dy’t by de Babyloaniërs yn eare stie. 24De kening sei tsjin Daniël: Do kinst net sizze, dat dit gjin libbene God is. Dêrom: Oanbid him. 25Daniël sei: Ik oanbid de Hear myn God. Dat is de libbene God. 26Jou my it frij, kening, en sûnder mes of stôk meitsje ik de draak dea. Goed, sei de kening, dat frij jou ik dy. 27Doe naam Daniël pik, stjurre fet en hier, mjukse dat spul by it koaitsjen trochinoar en makke der boltsjes fan. Dy smiet er de draak yn ’e bek. De draak slokte se troch en barste. Daniël sei: Sjedêr, soks ferearje jim no.
28Doe’t de Babyloaniërs dêrfan hearden, wienen se sa nidich, dat se kearden har tsjin de kening. De kening is Joad wurden, rôpen se, hy hat Bel stikkenslein, de draak deamakke en de prysters ôfslachte. 29Dêrom gongen se nei de kening ta en seinen: Leverje Daniël oan ús oer; sa net, dan meitsje wy jo dea mei jo hiele húshâlding. 30De kening fielde him sa yn it near dreaun, dat út need levere er Daniël oan harren oer. 31Doe smieten se him yn ’e liuwekûle en seis dagen bleau er dêryn. 32No sieten der yn dy kûle sân liuwen en dy krigen deis twa manlju en twa skiep. Mar no krigen se neat; dan soenen se sûnder mis Daniël opfrette.
33No wie der yn Judéa in profeet dy’t Habakuk hiet. Dy hie krekt iten sean, plakken bôle yn in kûm dien en wie no op wei nei ’t lân om it de sichters te bringen. 34Mar in ingel sei tsjin him: Bring it iten, dat jo by jo hawwe, nei Babylon ta foar Daniël, dy’t yn ’e liuwekûle sit. 35Hear, sei Habakuk, Babylon, dêr haw ik noch noait west en dy liuwekûle wit ik hielendal neat fan. 36Doe pakte de ingel him by it hier op ’e holle beet en brocht him sa yn ien sike nei Babylon; op ’e râne fan ’e liuwekûle sette er him del. 37Doe rôp Habakuk: Daniël, Daniël, yt op wat God dy stjoerd hat. 38En Daniël sei: Ja, Jo hawwe om my tocht, God, en Jo litte noait guon yn ’e steek, dy’t fan Jo hâlde. 39Doe kaam Daniël oerein en begûn te iten. De ingel brocht Habakuk op slach wer nei hûs ta.
40De sânde deis kaam de kening om de rouklacht oer Daniël te hâlden. Hy kaam by de liuwekûle, seach deryn, en sjoch, dêr siet Daniël hiel gewoan. 41Doe rôp de kening lûd: Grut binne Jo, Hear, God fan Daniël, bûten Jo is der gjin oarenien. 42Hy luts Daniël derút en liet doe de lju dy’t him dea hawwe woenen, yn ’e kûle smite. Se waarden fuortynienen foar syn eagen opfretten.