IT LIET FAN AZARJA
It gebed yn ’e fjoeroven
24Se rûnen midden troch de flammen, besongen God en prizen de Hear. 25Midden yn ’t fjoer bleau Azarja stean en bidde:
26Heech te priizjen binne Jo, Hear,
God fan ús foarâlden,
jo namme moat love en bejubele wurde oant yn ivichheid.
27Alles wat Jo dien hawwe, is mei rjocht en reden dien,
al jo dwaan is wierheid, rjochtút binne jo paden,
rjochtfeardich al jo oardielen.
28In krekt fonnis hawwe Jo útsprutsen by alles wat Jo brocht hawwe oer ús
en oer Jeruzalem, de hillige stêd fan ús foarâlden;
mei rjocht en reden hawwe Jo sa mei ús dien,
want wy hawwe sûndige.
29Ja, wy hawwe sûndige, wy hawwe ferkeard dien mei ús fan Jo ôf te kearen,
wy hawwe alle kanten oer mis west.
30Wy hawwe net heard nei wat Jo ús opleinen,
wy hawwe ús der net oan hâlden
en net dien, wat Jo ús hjitten hienen foar ús eigen bêst.
31Alles wat Jo oer ús komme lieten,
alles wat Jo ús oandienen,
it wie mei rjocht en reden.
32Jo hawwe ús oerlevere yn ’e hannen fan ús grutste fijannen, goddeleaze ôffalligen,
oan in gemiene kening, de smoarchste dogeniet dy’t der op ’e hiele ierde omrint
33No doare wy de mûle net mear iepen te dwaan,
smaad en skande is delkommen op har dy’t Jo tsjinnen en earen.
34O, om wille fan jo namme, ferstjit ús net foar altiten,
ferbrek jo ferbûn mei ús net,
35lûk jo barmhertichheid net fan ús ôf.
Wy freegje dit om Abraham, dy’t Jo leaf hienen,
om Izaäk, jo tsjinner, en om Israel,
jo hillige.
36Jo hawwe harren ommers tasein,
dat Jo har neiteam machtich meitsje soenen as de stjerren oan ’e loft,
as de sânkerrels op it seestrân.
37Ja, Hear, wy binne no it lytste fan alle folken
en oer de hiele ierde it meast ferachte om ús sûndichheid.
38Der is hjoed-de-dei gjin kening,
gjin profeet, gjin liedsman,
gjin brân- of fleisoffer, gjin moaloffer of wijreek,
gjin plak om Jo de earste fruchten te bringen en meilijen by Jo te finen.
39Och, mocht ús beroufol hert en ús bedimme siel,
40Jo like gefallich wêze as brânoffers fan rammen en bollen,
as tûzenen fette skiep.
Sa mei hjoed ús offer oan Jo wêze,
dat wy wer jo folgers binne,
want dy’t op Jo fertrouwe, sille noait beskamme wurde.
41Tenei sille wy Jo folgje mei ús hiele hert, fol hillige freze,
42wy sille jo oandacht sykje; beskamje ús net,
nee, doch mei ús neffens jo goedens
en nei jo grutte barmhertichheid.
43Ferlos ús, sa’t Jo dat altiten op wûnderlike wize dien hawwe
en meitsje de eare fan jo namme noch grutter, Hear.
44De lju dy’t jo tsjinners kwea dogge,
lit har fan ’t stik reitsje,
lit it sa komme, dat se beskamme steane mei al har macht
en dat har krêft brutsen wurdt.
45Lit har gewaar wurde, dat Jo allinne God de Hear binne,
waans gloarje oer de hiele wrâld giet.
46Mar de kening syn feinten, dy’t harren yn it brânende fjoer smiten hienen, holden net op; se stookten it fûl op mei rouwe oalje, pik, sjudden en wynranken. 47De flammen sloegen der boppe út ta in hichte fan njoggenenfjirtich jellen; 48se sloegen alle kanten út en ferbrânden de Chaldeeërs dy’t om it fjoer hinne stienen. 49Mar de ingel kaam tagelyk mei Azarja-en-dy yn ’e fjoerpoel en sloech de flammen oan ’e kant. 50Midden yn ’e fjoersee wie ’t as waaide der in koele, dampe wyn. It fjoer rekke har hielendal net en pine of lêst hienen se der net fan.
De lofsang fan ’e trije jongfeinten
51Doe begûnen se alle trije tagelyk te sjongen en yn it brânende fjoer loven en prizen se God mei de wurden:
52Te priizjen binne Jo, Hear, God fan ús foarâlden,
lof, de heechste lof komt Jo ta oant yn ivichheid.
Te priizjen is jo romfolle en hillige namme,
love en heechset oant yn ivichheid.
53Te priizjen binne Jo yn ’e timpel fan jo hillige gloarje,
besongen en bejubele oant yn ivichheid.
54Te priizjen binne Jo, dy’t troanje op ’e kearûb-ingels en delsjogge yn ’e djipten,
lof, de heechste lof komt Jo ta oant yn ivichheid.
55Te priizjen binne Jo op jo keningstroan,
besongen en heechset yn ivichheid.
56Te priizjen binne Jo yn it himelferwulft,
besongen en bejubele oant yn ivichheid.
57Priizje de Hear, al wat de Hear skepen hat,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
58Priizje de Hear, hege himel,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
59Priizje de Hear, ingels fan de Hear,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
60Priizje de Hear, alle wetter dat boppe de himel is,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
61Priizje de Hear, alle machten dy’t der binne,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
62Priizje de Hear, sinne en moanne,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
63Priizje de Hear, stjerren oan ’e himel,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
64Priizje de Hear, reinwetter en dauwe,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
65Priizje de Hear, wyn, wêrst ek wei komst,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
66Priizje de Hear, fjoer en gleonens,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
67Priizje de Hear, kjeld en waarmte,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
68Priizje de Hear, snjitters en sniebuien,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
69Priizje de Hear, nachten en dagen,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
70Priizje de Hear, ljocht en tsjuster,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
71Priizje de Hear, iis en froast,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
72Priizje de Hear, rym en snie,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
73Priizje de Hear, wjerljocht en wolken,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
74Priizje de Hear, ierde,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
75Priizje de Hear, bergen en hichten,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
76Priizje de Hear, alles wat groeit op ’e ierde,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
77Priizje de Hear, seeën en rivieren,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
78Priizje de Hear, wellen en saden,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
79Priizje de Hear, seemeunsters en alles wat yn ’t wetter libbet,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
80Priizje de Hear, alle fûgels yn ’e loft,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
81Priizje de Hear, alle fee en wylde bisten,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
82Priizje de Hear, minskebern,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
83Priizje de Hear, Israel,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
84Priizje de Hear, prysters,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
85Priizje de Hear, al wa’t Him tsjinnet,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
86Priizje de Hear, al wa’t Him mei hert en siel tagedien is,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
87Priizje de Hear, frommen en dy’t fan herten beskieden binne,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid.
88Priizje de Hear, Ananja, Azarja, Mizael,
besjong en bejubelje Him oant yn ivichheid,
want Hy hat ús ferlost út ’e macht fan ’e dea,
Hy hat ús rêden út ’e fjoersee fan gleone flammen,
midden út it fjoer hat Hy ús rêden.
89Sis de Hear tank foar syn goedens,
en foar syn barmhertichheid, dy’t ivich duorret.
90Priizje Him, allegearre dy’t Him ferearje as de Hear, de heechste God,
besjong Him en sis Him tank foar syn barmhertichheid, dy’t ivich duorret.