1Jimme binne mei Kristus wer ta libben roppen. Set it hert dan op wat boppe is, dêr’t Kristus op syn troan sit oan Gods rjochterhân. 2Set it sin op wat boppe is, net op wat op ierde is. 3Want jimme binne al ferstoarn en jimme wiere libben is tenei mei Kristus ferburgen yn God. 4As Kristus, jimme libben, ferskynt, dan sille ek jimme mei Him ferskine yn hearlikheid.
5Meitsje dan in ein oan al it ierdske yn jimme: huorkerij, ûnsuverens, hertstocht, kweabegearte en de ynklauwerigens dy’t ôfgoaderij is en net oars. 6Want om sokke dingen komt Gods grime [oer har dy’t net om sizzen jaan wolle]. 7Jimme hawwe ek ienris yn dy sûnden tahâlden, doe’t dy jimme libben wienen. 8Mar no moatte jimme mei al soks brekke: mei lilkens, opljeppenens, lilkaardigens, rabberij en smeulsk praat. 9Ferliich inoarren net langer, want jimme hawwe it aard fan ’e âlde minske mei al syn praktiken fuortdien, 10en it aard fan ’e nije minske oannommen. Dy wurdt sa ta wiere kennisse fernijd, dat hy begjint op syn Skepper te lykjen. 11Dan is it likefolle oft men Gryk is of Joad, besniene of ûnbesniene, barbaar of Skyth, slaaf of frije, mar Kristus is alles en yn allegearre.
12Jimme binne troch God útkeazen. Hy hat jim hillige en hat jim leaf. Nim dan ynlike barmhertigens oan, minlikens, needrigens, freonlikens en geduld. 13Ferdraach inoar en ferjou inoar, as de iene wat op ’e oare tsjin hat. Lykas de Hear jimme ferjûn hat, sa moatte jimme inoar ferjaan. 14Boppe dat allegearre moatte jimme de leafde oannimme, de bân dy’t gearbynt ta in folsleine ienheid. 15En lit de frede dy’t Kristus jout yn jimme herten regearje, want dêr hat God jimme ta roppen as leden fan ien lichem. En wês tankber.
16It boadskip fan Kristus moat oerfloedich ûnder jimme wenje, lear en fermoanje inoar yn alle wysheid. Sjong God yn jimme herten yn tankberens lof mei psalmen, lofsangen en lieten, sa’t de Geast dy ynjout. 17En wat jimme ek dogge, yn wurd of died, doch dat allegearre yn ’e namme fan de Heare Jezus, mei’t jimme God de Heit tank bringe troch Him.
Húslike foarskriften
18Froulju, wit jim plak foar jimme manlju oer, lykas dat foech jout foar kristenen. 19Manlju, haw jimme froulju leaf en doch net wrantelich tsjin har. 20Bern, doch yn alles sa’t jimme âlden sizze, want sa mei God by de kristenen it lije. 21Heiten, nitelje jimme bern net, oars wurde se faaks mismoedich.
22Slaven, doch yn alles sa’t jimme ierdske masters sizze, net om har nei de eagen te sjen en om by minsken yn ’e geunst te kommen, mar oprjocht fan hert, út ûntsach foar de Hear. 23Wat jimme wurk ek is, doch it mei ynmoed as wurk foar de Hear en net foar minsken. 24Jimme witte ommers, dat jimme fan de Hear it erfdiel as lean barre sille. Want Kristus is de wiere master dy’t jimme tsjinje. 25Want wa’t ûnrjocht docht, sil syn fertsjinne lean krije. God lûkt net ien foar.