Paulus ferantwurdet him foar Festus en Agrippa
1Agrippa sei tsjin Paulus: No meie jo jo saak bepleitsje. Doe stuts Paulus de hân op en spriek ta syn ferantwurding: 2Kening Agrippa, ik achtsje mysels in gelokkich minske, dat ik my hjoed foar jo ferantwurdzje mei oer alles dêr’t de Joaden my fan beskuldigje, 3omdat jo in earsten kenner binne fan alle gebrûken en striidfragen by de Joaden; dêrom fersykje ik jo, my geduldich oan te hearren. 4No dan: alle Joaden witte hoe’t myn libbenswize fan jongs ôf altiten west hat ûnder myn folk en yn Jeruzalem. 5Se kenne my al wit-hoe-lang en witte – as se it mar wêze wolle – dat ik neffens de steilste rjochting fan ús godstsjinst, as Fariseeër, libbe haw. 6En dat ik hjir no foar it rjocht stean, dat is omdat ik ferwachtsje dat God ús jaan sil wat Er ús foarâlden tasein hat. 7Dêr is it ús tolvestammefolk ek om te rêden as it dei en nacht oanienwei God tsjinnet. Om dy ferwachting kleie de Joaden my oan, o kening. 8Wêrom is it neffens jimme ûnmooglik te leauwen dat God deaden opwekket?
9Ik miende dan dat it myn plicht wie, safolle mooglik yn te gean tsjin de namme fan Jezus de Nazoreeër. 10Dat haw ik ek dien yn Jeruzalem; mannich kristen haw ik mei machtiging fan ’e hegeprysters yn ’e sel opslute litten en as se de deastraf krigen, haw ik der foar stimd. 11Yn alle synagogen haw ik se wit-hoe-faak ôfstraft om se ta lastertaal te twingen. As in wyld haw ik my tsjin harren tjirge en se ferfolge oant yn ’e stêden om utens. 12Doe’t ik dêrfoar nei Damaskus reizge mei folmacht en yn opdracht fan ’e hegeprysters, 13haw ik, o kening, ûnderweis midden op ’e dei in ljocht út ’e himel sjoen, noch klearder as de sinne, dat my en myn reisgenoaten omskynde. 14Wy lieten ús allegearre oer de grûn falle en doe hearde ik in stim yn ’e taal fan ’e Joaden tsjin my sizzen: Saul, Saul, wêrom ferfolgesto My? It falt dy net ta om tsjin ’e prikelstôk yn te slaan. 15Ik frege: Wa binne jo, Hear? En de Hear antwurde: Ik bin Jezus dysto ferfolgest. 16Mar kom, gean op dyn fuotten stean. Want hjirfoar bin Ik dy ferskynd: om dy oan te wizen as tsjinstfeint en as getuge, datst My no sjoen hast, en as getuge fan wat Ik dy noch sjen litte sil. 17Want Ik sil dy rêde út dit folk en út alle oare folken, dêr’t Ik dy hinne stjoere sil, 18om harren de eagen iepen te meitsjen, dat se har bekeare fan it tsjuster ta it ljocht en fan ’e macht fan ’e duvel ta God, en dat se, troch yn My te leauwen, ferjouwing krije foar har sûnden en in oanpart yn it erfskip mei Gods folk.
19Dêrom haw ik, kening Agrippa, my altyd hâlden oan dat himelsk fizioen, 20ja, ik haw earst oan ’e ynwenners fan Damaskus en Jeruzalem, doe yn it hiele Joadske lân en oan ’e oare folken oansein, dat se berou hawwe moasten en har ta God bekeare en libje lykas by de bekearing past. 21Dêrom hawwe de Joaden my yn ’e timpel oppakt en besocht, my te fermoardzjen. 22Mar God hat my holpen, dêrtroch haw ik it oant no ta op fuotten hâlden en jou myn getugenis oan elkenien. Dêrby sis ik oars neat as wat de profeten en Mozes oansein hawwe, dat komme soe, 23dat de Messias lije soe en dat Er as earst-ferriisde fan ’e deaden it ljocht ferkundigje soe oan dit folk en oan ’e oare folken.
De réaksjes fan Festus en Agrippa
24Wylst Paulus him sa ferantwurde rôp Festus lûd: Jo slane troch, Paulus; al dy geleardheid is jo yn ’e holle slein! 25Mar Paulus antwurde: Eksellinsje Festus, ik slaan net troch, mar ik sprek wiere en ferstannige taal. 26De kening wit hjir ommers ek wol fan, ik sprek dan ek yn alle frijmoedigens tsjin him, want ik bin der wis fan, dat al dy dingen net oan him foarbygien binne. It hat him ommers net yn in úthoeke ôfspile. 27Leauwe jo de profeten, kening Agrippa? Ik wit dat jo se leauwe! 28Agrippa sei tsjin Paulus: Jo soenen my hast beprate om kristen te wurden! 29Doe sei Paulus: Ik soe der God wol om smeekje wolle, dat ier of let net allinne jo, mar al myn taharkers fan no sa wurde mochten lykas ik bin, op dizze boeiens nei dan.
30Doe gong de kening oerein mei de goeverneur en Bernice en de lju dy’t dêr mei harren sieten, 31en ûnder it fuortgean praten se mei-inoar. Se seinen: Dy man docht neat dêr’t de deastraf of gefangenskip op stiet. 32Agrippa sei tsjin Festus: Dy man hie al frij wêze kinnen, as er him net op ’e keizer beroppen hie.