Paulus wurdt oanklage by Felix
1Fiif dagen letter kaam de hegepryster Ananias del mei in stikmannich fan de âldsten en in advokaat Tertullus, dy’t by de goeverneur in oanklacht tsjin Paulus ynbrochten. 2Dy waard foarroppen en doe begûn Tertullus syn beskuldiging mei de wurden: Dat wy folop frede krige hawwe troch jo en dat dit folk safolle ferbetteringen te tankjen hat oan jo goede soargen, Eksellinsje Felix, 3dat wolle wy altyd en oeral mei grutte tankberheid meistimme. 4Mar ik wol jo net te lang ophâlde. Dêrom fersykje ik jo, ynskiklik dat jo binne, ús oan te hearren; wy sille it koart meitsje. 5It hat ús bliken dien, dat dizze man in pest is en dat er ûnder alle Joaden yn ’e hiele wrâld strideraasjes geande makket en sels ien fan ’e kopstikken fan ’e sekte fan ’e Nazoreeërs is. 6Hy hat ek noch besocht om de timpel te ûntwijen, mar wy hawwe him oppakt. [ 7] 8As jo him útfreegje, kinne josels mear fan him gewaar wurde oer al dy dingen dêr’t wy him fan beskuldigje. 9Ek de Joaden foelen him by en hâlden út dat it sa wie.
Paulus docht ferantwurding foar Felix
10Doe’t de goeverneur him in teken jûn hie dat er sprekke mocht, joech Paulus dit beskie: Omdat ik wit dat jo al safolle jierren rjochter oer dit folk binne, ferantwurdzje ik my fol betrouwen foar jo. 11Jo kinne it neifreegje: it is net mear as tolve dagen lyn dat ik nei Jeruzalem gien bin om te oanbidden. 12En se hawwe net fan my sjoen, dat ik oan it striden wie mei de iene of de oare, of in kloft folk byinoar helle, yn ’e timpel net, yn ’e synagogen net en likemin yn ’e stêd, 13en se kinne jo dan ek gjin inkeld bewiis bybringe fan de dingen dêr’t se my no fan beskuldigje. 14Ik wol jo dit wol tajaan, dat ik de God fan ’e foarâlden tsjinje neffens de leare dy’t sy sektarysk neame; mar ik leau alles wat der yn ’e wet en de profeten skreaun stiet, 15en ik ferwachtsje itselde fan God dêr’t dizze lju sels op hoopje: dat der in ferrizenis wêze sil fan rjochtfeardigen en ûnrjochtfeardigen. 16Dêrom doch ik myn bêst om altyd in suver gewisse te hawwen foar God en foar de minsken.
17No wie ik nei gâns jierren weromkommen om myn folk jeften foar de earmen te bringen en om te offerjen. 18Dêr wie ik mei dwaande, doe’t se my yn ’e timpel troffen en der wie net folle folk of trelit om my hinne. 19De lju dy’t my troffen, wienen Joaden út Asia. Dy moasten hjir foar jo stean om my te beskuldigjen, as se wat op my tsjin hawwe mochten. 20Of lit oars dizze lju sels sizze, oan watfoar misdie se my skuldich befûn hawwe doe’t ik foar de Hege Rie stie, 21of it soe dat iene wurd wêze moatte, dat ik yn har fermidden útroppen haw: Om de opstanning fan ’e deaden stean ik hjoed by jimme foar ’t rjocht.
22Doe dielde Felix, dy’t aardich wat wist fan de nije rjochting harren mei dat er de saak ferstelde; hy sei: As kolonel Lysias hjir komt, sil ik oer jimme saak útspraak dwaan. 23Hy joech de kapteins oarders, Paulus wol fêst te hâlden, mar yn licht arrest, en net ien fan syn freonen wat yn ’e wei te lizzen as dy foar him soargje woenen.
Paulus wurdt twa jier yn Cesaréa fêsthâlden
24In deimannich letter wie Felix der wer mei syn frou Drusilla, dat in Joadinne wie. Hy liet Paulus komme en liet him oer it leauwen yn Jezus Kristus fertelle. 25Mar doe’t dy it hie oer rjochtfeardichheid en selsbehearsking en oer it kommende oardiel, krige Felix it krap en sei: Gean foar dizze kear mar fuort; as ik it ris wer oan tiid haw, sil ik jo wol wer roppe litte. 26Mar hy hope tagelyk, dat Paulus him jild biede soe. Dêrom liet er him algeduerigen by him komme om mei him te praten. 27Doe’t der twa jier om wienen, waard Porcius Festus goeverneur foar Felix yn ’t plak. Mar omdat Felix de Joaden te wille wêze woe, liet er Paulus yn ’e gefangenis sitte.