Paulus foar de Hege Rie
1Paulus seach de riedsleden lyk oan en sei: Mannen, bruorren, ik haw mysels abslút neat te ferwiten oer myn hâlden en dragen foar God oer, oan hjoed-de-dei ta. 2Hegepryster Ananias hiet de lju dy’t tichteby him stienen, him op ’e mûle te slaan. 3Doe foel Paulus tsjin him út: God sil dij slaan, do wytkalke muorre! Do sitst dêr om neffens de wet rjocht oer my te sprekken, en do litst my slaan, yn striid mei de wet? 4Mar dy’t by him stienen, seinen: Skelle jo Gods hegepryster út? 5Doe sei Paulus: Ik wist net, bruorren, dat it de hegepryster wie; der stiet ommers skreaun: Fan in liedsman fan dyn folk silsto gjin ferkeards sizze.
6Omdat Paulus wol wist, dat in part fan ’e lju by de Sadduseeërs hearde en in oar part by de Fariseeërs, rôp er yn ’e riedsgearkomste: Mannen, bruorren, ik bin in Fariseeër en ik kom út in famylje fan Fariseeërs. Om de hoop op ’e opstanning fan ’e deaden stean ik foar de rjochter. 7Doe’t er dat sein hie, kaam it ta strideraasje tusken de Fariseeërs en de Sadduseeërs en der ûntstie twaspjalt yn ’e gearkomste. 8De Sadduseeërs sizze ommers dat der gjin opstanning is en gjin ingels of geasten besteane, de Fariseeërs nimme beide oan. 9It waard in hiel gerop en geraas; guon skriftgelearden fan ’e kant fan ’e Fariseeërs kamen oerein en bieten fan har ôf. Se seinen: Neffens ús hat dy man neat gjin ferkeards dien; as der no ris in geast of in ingel tsjin him sprutsen hat ... 10It waard in hiele kreauwerij; omdat de kolonel bang waard dat se Paulus útinoar skuorre soenen, liet er de soldaten delkomme om him út har fermidden wei te heljen en nei de kazerne te bringen. 11De nachts dêroan kaam de Hear by him te stean en sei: Hâld moed! Want lykasto foar myn saak getugenis ôflein hast yn Jeruzalem, sa silst it ek yn Rome dwaan moatte.
Der wurdt in komplot tsjin Paulus makke
12De oare moarns makken de Joaden in komplot en dienen in eed, dat se ferflokt wêze moasten, as se ieten of dronken ear’t se Paulus fan kant makke hienen. 13Der wienen mear as fjirtich mannen, dy’t sa’n eed mei-inoar dienen. 14Dy gongen nei de hegeprysters en de âldsten ta en seinen: Wy hawwe in eed dien dat wy ferflokt wêze meie, as wy wat brûke, ear’t wy Paulus fan kant makke hawwe. 15Bringe jim dan no de kolonel, mei út namme fan ’e Hege Rie, oan it ferstân, dat er him foar jimme bringe moat, krekt as woenen jimme syn saak noch wat sekuerder ûndersykje; dan steane wy klear om him te fermoardzjen ear’t er goed en wol te plak is. 16Mar de soan fan Paulus syn suster hie fan de fûke heard, dy’t se opset hienen; dat dy sette nei de kazerne, gong deryn en fertelde it oan Paulus. 17Doe rôp Paulus der ien fan ’e kapteins by en sei: Bring dizze jongfeint by de kolonel, want hy hat him wat mei te dielen. 18Dy naam him doe mei, brocht him by de kolonel en sei: De arrestant Paulus hat my roppen en op syn fersyk bring ik dizze jongkeardel by jo, want hy hat jo wat te fertellen. 19De kolonel krige him by de hân, gong mei him apart en frege: Wat hasto my dan mei te dielen? 20Hy sei: De Joaden hawwe ôfpraat, dat se jo freegje sille om moarn Paulus foar de Hege Rie te bringen, as moast syn saak noch wat better útsocht wurde. 21Mar harkje net nei harren, want mear as fjirtich fan harren loere op him; dy hawwe in eed dien, dat se ferflokt wêze meie as se ite of drinke ear’t se him ombrocht hawwe; en no steane se klear, se wachtsje allinne op jo tastimming. 22Doe liet de kolonel de jongkeardel fuortgean, mar hy druide him yn: Ferklap oan net ien datst my dit oanbrocht haste!
Paulus wurdt foar syn eigen feilichheid nei Cesaréa oerbrocht
23Doe liet er twa fan syn kapteins by him komme en sei: Hâld jûn om njoggen oere twahûndert soldaten klear om nei Cesaréa te gean en santich man hynstefolk en twahûndert lichtbewapene lju, 24en soargje foar ryddieren om Paulus dêr op te setten en him feilich en wol nei goeverneur Felix te bringen. 25Hy skreau ek in brief yn dizze foarm:
26Claudius Lysias groetet Syn Eksellinsje goeverneur Felix. 27Dizze man waard troch de Joaden oppakt en soe hast troch harren fermoarde wurde, mar doe bin ik der mei de soldaten op ôfgien om him te ûntsetten, omdat ik heard hie dat it in Romein is; 28en om’t ik wolris krekt witte woe wêr’t se him fan beskuldigen, haw ik him foar harren Hege Rie komme litten. 29It hat my bliken dien, dat er beskuldige waard yn ferbân mei striidkwestjes oer har wet, mar dat der neat tsjin him ynbrocht wie dêr’t de deastraf of tichthússtraf op stiet. 30Mar no is my oanbrocht, dat der in oanslach op dizze man dien wurde sil; dêrom stjoer ik him fuortdaliks nei jo ta, en lit tagelyk de oanklagers witte dat se no mei har klacht oer him by jo wêze moatte.
31De soldaten dienen sa’t harren opdroegen wie, se namen Paulus mei en brochten him by nacht nei Antipatris. 32De oare moarns lieten se it hynstefolk mei him fierder reizgje en gongen sels werom nei de kazerne. 33De ruters kamen yn Cesaréa en joegen de goeverneur de brief oer, en se leveren Paulus oan him ôf. 34De goeverneur lies de brief en frege, út wat provinsje oft er kaam. Doe’t er hearde fan út Cilicië, 35sei er: Ik sil jo yn ’t ferhoar nimme, as jo oanklagers hjir ek binne; en hy joech oarder om him yn it paleis fan Herodes fêst te hâlden.