Oanhef en groetnis
1Dit skriuw ik, de âldste, oan myn bêste freon Gajus, dy’t ik oprjocht leafhaw. 2Bêste Gajus, ik winskje dy ta, dat it dy oer alle boegen goed gean mei en datst sûn bist – lykas it ek goed giet mei dyn geastlik libben. 3It hat my tige goed dien, fan bruorren dy’t hjir kamen te fernimmen fan dyn libjen út ’e wierheid, lykasto wierliken dochste. 4Grutter blydskip ken ik net, as dat ik hear dat myn bern út ’e wierheid libje.
It ûntfangen fan reizgjende bruorren
5Bêste freon, dat is trou fan dy, sasto de bruorren, frjemden noch wol, behannele hast. 6Se hawwe yn ’t bywêzen fan ’e gemeente fan dyn leafde ferteld; wês sa goed en help harren ek tenei op sa’n wize dat God dermei eare wurdt. 7Want foar de saak fan Jezus binne se op reis gien, sûnder wat fan heidenen oan te nimmen. 8Dêrom is it ús plicht, sokke lju by ús yn te nimmen, om de (saak fan ’e) wierheid fuort te sterkjen.
It ferkearde foarbyld fan Diótrefes; it goede foarbyld fan Demétrius
9Ik haw de gemeente in brief skreaun;
mar Diótrefes, dy’t graach by harren de earste fioele spylje wol, wol net nei ús harkje. 10Dêrom sil ik him, as ik kom, oan it ferstân bringe wat er dien hat, doe’t er der lastertaal tsjin ús útsloech, en, oft dat noch net moai genôch wie, ek de bruorren net yn ’e hûs nimme wol; ja, dy’t dat al wolle, hâldt er tsjin en set er út ’e gemeente. 11Bêste freon, doch it ferkearde foarbyld net nei, mar it goede. Dy’t goed docht, komt fan God; dy’t ferkeard docht, hat God net sjoen. 12Allegearre, ja, de Wierheid sels, sprekke foar Demétrius; wy sprekke ek foar him, en do witst datst op ús getugenis oan kinste.
Ta beslút
13Ik hie dy noch hiel wat te skriuwen, mar ik wol dy net mei pinne en inket skriuwe. 14Ik hoopje dy mei gauwens te moetsjen, dan sille wy persoanlik mei inoar prate. 15Frede mei dy! Groetnis fan ’e oaren. Groetsje de freonen allegearre persoanlik.