Wês sterk yn ’e genede
1Do dan myn jonge, wês sterk troch de genede dy’t yn Kristus Jezus is. 2En watsto fan my heard hast yn it bywêzen fan gâns getugen, fertrou dat ta oan betroude mannen, dy’t bekwaam binne en ûnderrjochtsje ek wer oaren. 3Draach dyn part fan it lijen as in goed soldaat fan Kristus Jezus. 4Net ien dy’t yn ’e aktive tsjinst is, bekroadet him om de saken fan it boargerbestean; hy wol it ommers syn oanfierder nei ’t sin dwaan. 5Ek as ien oan in wedstriid meidocht, krijt er de priis net, as er him net oan ’e regels hâlden hat. 6De boer, dy’t it swiere wurk docht, moat ek earst syn part fan ’e fruchten krije. 7Prakkesearje mar ris nei oer wat ik sis, want de Hear sil dy yn al dy dingen ynsjoch jaan.
8Hâld Jezus Kristus yn omtinken, dy’t út ’e deaden opwekke is en dy’t út it skaai fan David is. Dêr giet it bliid boadskip oer, dat ik bring. 9Om dat boadskip haw ik it swier te ferduorjen, ja bin ik sels om yn ’e boeiens slein as in misdiediger, mar it wurd fan God is net oan bannen lein. 10Dêrom kin ik alles ferneare foar Gods útkeazen folk, dat hja ek it heil winne meie, dat yn Kristus Jezus is: de ivige hearlikheid. 11Dit is in wier wurd:
As wy mei Him stoarn binne,
sille wy ek mei Him libje;
12as wy úthâlde,
sille wy ek mei Him as keningen hearskje;
as wy Him net mear kenne wolle,
wol Hy ús ek net kenne;
13as wy ûntrou wurde,
Hy bliuwt trou:
Himsels ûntrou wurde kin Er net.
Warskôging tsjin dwaallear
14Bring dit de minsken iderkear yn ’t sin en beswar har by God om strideraasje te mijen. Dat striden is nearne goed foar as om de tahearders yn ’t ferdjer te helpen. 15Doch dyn bêst om dysels betroud te toanen foar God, as in arbeider dy’t him oer syn wurk net hoecht te skamjen, dy’t it boadskip fan ’e wierheid rjochtút bringt. 16Mar mij it heilleaze praat-fan-neat, want se sille noch djipper weisakje yn ’e goddeleazens 17en har leare sil fuortfrette as de kanker. Hymenéus en Filétus hearre ek by dy lju 18dy’t fan ’e wierheid ôfrekke binne mei har sizzen dat de ferrizenis út ’e dea al west hat en dy’t mei sok praat it leauwen fan somliken ferrinnewearje.
19Lykwols, it fûnemint dat God lein hat, stiet fêst en dêr stiet dit stimpel op: De Hear ken dy’t sines binne en: Elk dy’t de namme fan de Hear neamt, moat him fier hâlde fan ûngerjochtichheid. 20No hat men yn in grut hûs net allinne gouden en sulveren reau, mar ek houten en stiennen en wol it iene foar feestlik gebrûk, it oare foar troch ’en dei. 21As ien himsels fan dy ferkearde dingen reinige hat, sil er in stik reau foar feestlik gebrûk wêze. Dan is er oan God wijd, skoan te brûken foar syn master, klear foar alle goed wurk. 22Mar mij de begearten fan ’e jonkheid en lis dy út op gerjochtichheid, leauwen, leafde en frede, mei allegearre dy’t de Hear oanroppe út in rein hert. 23Mar gean net yn op de dwaze en domme striidfragen, omdatsto witst dat dêr strideraasje út fuortkomt. 24En in tsjinstfeint fan de Hear moat net stride, mar minlik wêze foar allegearre, in goed learaar, dy’t geduldich kwea ferdraacht 25en dy’t mei sêftmoedigens de dwersdriuwers te plak set; wa-wit bringt God har ta bekearing, dat se ta kennisse fan ’e wierheid komme. 26Dan sille se wer ta harsels komme en har losmeitsje út ’e strûp dêr’t de duvel har yn fêst hie om har dwaan te litten sa’t hy woe.