Skriuwer, adres, groetenis
1Fan Paulus, apostel fan Kristus Jezus troch de wil fan God, om de belofte oer te bringen fan it libben dat yn Kristus Jezus is, 2oan Timóteüs, myn leave jonge: genede, barmhertichheid en frede meie dy jûn wurde fan God de Heit en Kristus Jezus ús Hear.
Tanksizzing en bemoediging
3Ik bring tank oan God, dy’t ik lykas myn foarâlden mei in suver gewisse tsjinje, as ik sûnder ophâlden nachts en deis yn myn gebedens oan dy tink. 4As dyn triennen my wer yn ’t sin komme, haw ik in ynliken langst om dy te treffen. Dan soe ik troch alles hinne bliid wurde. 5Ik wit noch skoan fan dyn oprjocht leauwen, leauwen dat earst yn jim beppe Loïs en jimme mem Eunice libbe hat en dat no – dêr bin ik wis fan – ek yn dy libbet.
6Tink der dus om en reakelje it fjoer fan Gods genede-jefte op, dy’t yn dy is, mei’t ik dy de hannen oplein haw. 7Want de Geast dy’t God ús jûn hat, makket ús net skruten, mar fol fan krêft, leafde en selstucht. 8Skamje dy der dan net foar om fan ús Hear te getugen. Skamje dy likemin foar my dy’t foar syn saak fêst sit. Lij ynstee mei my foar it bliid boadskip troch de krêft fan God. 9Hy hat ús ferlost en roppen om Him tawijd te wêzen. Net fanwegen ús dieden, mar fanwegen syn eigen opset om ús genedich te wêzen. Dy genede is ús foar de oerâlde tiden al jûn yn Kristus Jezus. 10En no is dy oan it ljocht kommen troch it ferskinen fan ús Ferlosser Kristus Jezus, dy’t de dea te neate dien en it ûnfergonklike libben oanljochtsje litten hat troch it bliid boadskip. 11Om dat boadskip oan te kundigjen bin ik oansteld as apostel en learaar.
12Dêrom moat ik dit lijen ek ûndergean, mar ik skamje my der net foar, want ik wit op wa’t ik myn betrouwen set haw, en ik bin der wis fan, dat Hy by steat is en bewarje feilich wat Er my tabetroud hat oant dy grutte dei.
13Hâld dy oan it foarbyld fan ’e sûne wurden dysto fan my heard hast, yn it leauwen en de leafde dy’t yn Kristus Jezus is. 14Bewarje troch de hillige Geast dy’t yn ús wennet, de skat dy’t dy tabetroud is.
15Do witst, dat se yn Asia my allegearre sitte litten hawwe, ûnder oaren Figellus en Hermógenes. 16De Hear mei barmhertigens jaan oan Onesiforus en syn húshâlding, want mannich kear hat er my opmontere. Hy hat him der net foar skamme dat ik fêst sit, 17mar doe’t er yn Rome kommen wie hat er alle war dien om my te finen en it is him ek slagge. 18De Hear mei him jaan, dat er barmhertichheid fynt by de Hear op dy grutte dei – en wat er yn Efeze allegearre wol net foar my dien hat, dat witsto sels it bêste.