2 Tessaloníkers 2
It weromkommen fan de Hear en de foartekens dêrfan
1Wy freegje jimme lykwols, bruorren, yn ferbân mei de komst fan ús Hear Jezus Kristus en ús ienwurden mei Him: 2Lit jimme de holle net samar oerstjoer meitsje en lit jim net fan ’e wize bringe troch in profetearjende geast, troch in útspraak of in brief – sabeare fan ús – dy’t ynhâlde soenen dat de dei fan de Hear der al is. 3Lit gjinien jimme wat wysmeitsje, hoe dan ek. Earst moat de grutte ôffal komme en de minske dy’t de wetteleazens sels is, him iepenbierje, dy’t foar it ferdjer opskreaun is, 4de grutte tsjinstanner, dy’t him sa set boppe alles dat God hjit of fereare wurdt, dat er sels sit nimt yn Gods timpel en himsels foar God útjout. 5Heucht it jimme net mear, dat ik jimme dat plichte te sizzen doe’t ik noch by jimme wie? 6No, en jimme witte wat him opkeart. Hy sil iepenbier wurde as it syn tiid is. 7Want yn it ferburgen stiet de goddeleazens al yn it wurk. Allinne moat de macht dy’t him no noch opkeart, earst oan ’e kant set wurde. 8En dan sil de wetteleaze iepenbier wurde; de Heare Jezus sil him deadzje troch him fuort te blazen en him út te roegjen, mei’t Er yn hearlikheid weromkomt.
9De wetteleaze sil komme troch de macht fan Satan mei allerhanne machtsfertoan en falske tekens en wûnders 10en mei allerhanne ferlieding ta ûnrjocht foar de minsken dy’t ferlern geane. Dat komt, om’t se de leafde foar de wierheid net oannommen hawwe, dy’t har behâld wêze kinnen hie. 11En dêrom stjoert God har in krêft dy’t har op ’e doele bringt en har yn ’e leagen leauwe lit. 12En fan gefolgen wurde allegearre oardiele dy’t de wierheid net leaud hawwe, mar nocht hân hawwe oan ûngerjochtichheid.
Hâld hoek
13Mar wy meie God wol aloan foar jimme tankje, bruorren dy’t de Hear leafhat. Hy hat jimme ommers as earsten útkeazen om behâlden te wurden troch hilliging dy’t fan de Geast komt en troch jimme leauwen yn ’e wierheid. 14Dêr hat Er jimme ek ta roppen, troch ús evangeeljeferkundiging, dat jimme de hearlikheid fan ús Hear Jezus Kristus winne soenen.
15Dêrom dan, bruorren, stean fêst en hâld jim oan ’e leare dy’t jimme troch ús mûnling of skriftlik oerlevere is. 16Us Hear Jezus Kristus sels en God ús Heit, dy’t yn syn genede ús leafde bewiisd hat en ús ivige treast en goede hope jûn hat, 17meie jimme it herte fertreaste en sterk meitsje om oars net te dwaan en te sizzen as wat goed is.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap