Davids lêste wurden
1Dit binne de lêste wurden fan David:
Hjir sprekt David, de soan fan Isai.
Ja, hjir sprekt de man, dy’t op in heech plak steld is,
de salvling fan ’e God fan Jakob,
de leaflike sjonger fan Israels psalmen.
2De Geast fan de Heare sprekt troch my,
en syn wurd is op myn lippen.
3De God fan Israel hat sprutsen,
de Rots fan Israel hat tsjin my sein:
In rjochtfeardige hearsker oer de minsken,
in hearsker mei ûntsach foar God!
4Hy is as it moarnsljocht by it opgean fan ’e sinne,
in moarntyd sûnder wolken.
Troch de glâns nei de rein
sprút jong grien op út ’e grûn.
5Ja, stiet it sa net mei myn hûs by God?
Hy hat ommers in ivich ferbûn mei my makke,
yn alles goed opsteld en neikommen.
Ja, al myn heil en alles wat te winskjen is,
soe Hy it net útsprute litte?
6De dogeneaten binne as stikels,
allegearre ta weismiten keard.
Men pakt dy ommers net mei de hannen beet,
7mar wa’t se oantaaste wol,
wapenet him mei stikelstekker of spearstôk
en as se lizze, geane se yn flammen op.
Davids helden. De earste trije
8Dit binne de nammen fan Davids helden: Jisjbaäl, de Chakmonyt, wol nûmer ien fan de trije. Dy swaaide syn spear oer achthûndert, dy’t er yn ien kear fersloech. 9Nei him kaam Elazar, de soan fan Dodo, de soan fan Achochy, ek ien fan ’e trije helden. Hy wie by David doe’t se de Filistinen útdagen. Dy hienen har dêr fersammele foar de striid, mar de Israeliten hienen har al tebeklutsen. 10Mar hy bleau stean en sloech op ’e Filistinen yn oant syn hân sa wurch waard, dat dy oan it swurd fêstplakte. Sa soarge de Heare dy deis foar in grutte ferlossing. It folk kearde doe werom, him achternei, mar allinne om te plonderjen. 11Nei him kaam Sjamma, de soan fan Agé, de Hararyt. De Filistinen hienen har ris fersammele te Lechy en dêr wie in stik lân ticht beset mei reade earte. It folk wie útnaaid foar de Filistinen, 12mar hy sette him te war midden op it stik lân en wist it te behâlden. Hy fersloech de Filistinen en de Heare soarge foar in grutte ferlossing.
De twadde trije – Wetter út ’e put fan Betlehem
13Trije út ’e tritich foarmannen wienen ris delkommen en kamen tsjin ’e rispinge by David yn ’e grot Adûllam, wylst in kloft Filistinen it kamp opslein hie yn ’e delling Refaïm. 14David hâlde doe ta yn ’e berchfêsting yn ’e tiid dat der in Filistynske wachtpost yn Betlehem lei. 15En David krige oanstriid en sei: Wa sil my wetter te drinken jaan út ’e put by de poarte te Betlehem? 16Doe brieken dy trije helden troch it leger fan ’e Filistinen hinne en putten wetter út ’e put by de poarte fan Betlehem. Hja namen it mei en brochten it by David. Dy woe der lykwols net fan drinke, mar geat it út foar de Heare 17en hy sei: Ik tink der net oer, Hear, dat ik soks dwaan soe. Dit is ommers it bloed fan ’e mannen, dy’t mei libbensgefaar dêr hinnegien binne. En hy woe der net fan drinke. – Dat hawwe dy trije helden dien.
18Abisjai, de broer fan Joäb, de soan fan Serûja, wie de foarman fan dy trije. Hy swaaide syn spear oer trije hûndert fersleinen, dat hy krige namme ûnder de trije. 19Ja, hy wie achtenearre ûnder de trije en waard har oanfierder. Mar oan ’e earste trije kaam er net ta.
20Ek Benaja, de soan fan Jojada, ien fan in dapper man, út Kabseël, wie in man fan grutte dieden. Hy fersloech de twa soannen fan Ariël út Moäb. Hy gong ek nei in liuw ta yn syn hoale en sloech dy dea op in dei, dat der snie lei. 21Fierder fersloech er in foarse Egyptner. Dy Egyptner hie in spear yn ’e hân, mar hy gong nei him ta mei in stôk, skuorde de Egyptner de spear út ’e hân en makke him dea mei syn eigen spear. 22Dat hat Benaja, de soan fan Jojada, dien, dat hy krige namme ûnder de trije helden. 23Hy waard achtenearre boppe de tritich, mar oan ’e earste trije kaam er net ta. David stelde him oan oer syn liifwacht.
De tritich
24Asaël, de broer fan Joäb, hearde ta de tritich; fierders Elchanan, de soan fan Dodo út Betlehem, 25Sjamma, de Charotyt; Elika, de Charotyt; 26Chêles, de Paltyt; Ira, de soan fan Ikkes, de Tekoyt; 27Abiêzer, de Anatotyt; Mebûnnai, de Chûsatyt; 28Salmon, de Achochyt; Maherai, de Netofatyt; 29Cheleb, soan fan Baäna, de Netofatyt; Ittai, soan fan Ribai út Gibeä fan ’e Benjaminiten; 30Benaja, de Piratonyt, Hiddai, út ’e beekdellings by Gaäsj; 31Abialbon, de Arhatyt; Azmawet, de Barchûmyt; 32Eljachba, de Sjaälbonyt; de soannen fan Jasjen; Jonatan, 33(de soan fan) Sjamma, de Hararyt; Achiam, soan fan Sjarar, de Hararyt; 34Elifêlet, soan fan Achasbai, soan fan in Maächatyt; Eliam, soan fan Achitofel, de Gilonyt; 35Chesrai, de Karmelyt; Paärai, de Arbyt; 36Jigai, soan fan Natan út Soba; Bany de Gadyt; 37Sêlek, de Ammonyt; Macherai, de Beërotyt, de wapendrager fan Joäb, de soan fan Serûja; 38Ira, de Jitryt; Gareb, de Jitryt; 39Oeria de Hetyt. Mei-inoar sânentritich.