De dwaallearaars
1Mar der hawwe ek falske profeten ûnder it folk west, lykas der ûnder jimme ek falske learaars komme sille, dy’t der gefaarlike ketterijen ynslûkje; dy’t de Hear dy’t har frijkocht hat ôffalle en troch eigen skuld hommels omkomme. 2Mannichien sil har neifolgje yn har lossinnich dwaan en de wei fan ’e wierheid sil troch har tadwaan op in kweanamme komme te lizzen. 3Yn har begearigens sille se besykje, jimme mei moai optochte ferhalen oer te heljen; mar it fonnis oer harren is al lang yn bewurking en har ûndergong bliuwt net lang mear út.
4God hat de ingels dy’t sûndige hienen net sparre, mar harren yn ’e tsjustere hoalen fan ’e hel opsletten, dêr’t se fêsthâlden wurde om oardiele te wurden. 5Ek de âlde wrâld hat Er net sparre, mar allinne Noäch as boadskipper fan ’e gerjochtichheid mei sân oaren bewarre, doe’t Er de grutte wetterfloed oer de wrâld fan goddeleazen komme liet. 6Ek de stêden Sodom en Gomorra hat Er yn ’e jiske lein en feroardiele om ûnder te gean, en sadwaande hat Er in foarbyld steld foar harren dy’t yn letter tiid goddeleas hannelje soenen. 7Mar de rjochtfeardige Lot hat Er rêden, dy’t slim lêst hie fan ’e lossinnige libbenswize fan dy smjunten. 8Want it griisde dy rjochtfeardige man oan, dat er alle dagen weroan har wandieden oansjen en oanhearre moast, doe’t er yn har fermidden wenne.
9Sa wit God no ek de fromme minsken út ’e besiking te rêden, en dy’t ferkeard binne te straffen en fêst te hâlden foar de dei fan it oardiel, 10foaral harren dy’t yn smoarge begearte har lusten neijeie en it gesach fan ’e Hear ferachtsje. Dryst en eigenwijs as se binne, skrilje se der net foar tebek, de himelske machten te lasterjen, 11wylst de ingels, dy’t harren oermânsk binne yn krêft en macht, gjin oardiel fanwegen lastering tsjin harren by de Hear útsprekke. 12Sokken binne as redeleaze bisten, neffens har aard ornearre om fongen en deamakke te wurden; wat se belasterje giet boppe har ferstân en se sille – krekt as bisten – omkomme. 13Se sille har trekken thúskrije foar har ûngerjochtichheid; want se hawwe nocht oan braspartijen op ljochtskyndei. It binne skandlike lju sûnder eargefoel, dy’t har lusten bod jouwe en har by jim oan ’e tafel folite. 14Har eagen sjogge altyd út nei huorren en hawwe noait har bekomst fan sûndigjen. Se ferliede de lju dy’t wif steane. Har hert is trochleard yn begearichheid, dat ferflokte skaai. 15Se binne fan ’e rjochte wei ôfgien en it paad bjuster rekke, se hawwe it spoar folge fan Bileäm, de soan fan Beör, dy’t ûnrjocht die, omdat er fûl op in beleanning wie. 16Mar dy waard om syn misslach dan ek teplakset; want in stomme ezel spriek mei in minsklik lûd en kearde sa de dwaze plannen fan ’e profeet op. 17It binne útdroege saden, dizen dy’t troch de stoarm fuortjage wurde; de helske tsjusternis stiet harren te wachtsjen. 18Want troch har hol geswets ferliede se mei har sinlike begearte en mei har lossinnich dwaan dy lju, dy’t noch mar suverkrekt dwaande binne, har dwaalwegen te ferlitten. 19Se belove harren frijheid, mar sels binne it slaven fan it ferdjer; want men is slaaf fan ’t ien of ’t oar, as dat jin de baas wurden is. 20Se meie oan ’e besmetting fan ’e wrâld ûntflechte wêze, trochdat se de Hear en Ferlosser Jezus Kristus kennen leard hawwe, se reitsje der dochs wer yn betiisd en ferlieze de striid, dat sadwaande binne se der op ’t lêst slimmer oan ta as earst. 21It hie better west, dat se de wei fan ’e gerjochtichheid net kennen leard hienen, as dat se dy al kennen leard hawwe en har neitiid wer ôfkeare fan it hillich gebod dat harren trochdien is. 22It is harren fergien sa’t it sprekwurd nei wierheid seit:
In hûn komt werom by wat er sels útkoarre hat,
en:
Al hat in baarch him wosken,
neitiid rôlet er him dochs wer yn ’e dridze om.