Simon, de behearder fan de timpel, stokelet tsjin ’e hegepryster
1Simon, dy’t al earder neamd is, de man dy’t de skatten en it heitelân ferret hie, berabbe Onías. Dy soe it tsjin Heliodoarus yn ’e kant set hawwe en de bewurker fan syn ûngelok wêze. 2Simon bestie it en neam de man dy’t safolle goeds foar de stêd die, dy’t syn lânslju beskerme, dy’t foar de wetten opkaam, in fijân fan it algemien belang.
3It wie mei de fijânskip al sa fier hinne, dat ien fan Simon syn trouwe meistanners begûn sels minsken te fermoardzjen. 4Onías hie wol foar ’t ferstân hoe gefaarlik dy fijânskip wie, meidat Apolloanius, de lânfâd fan Coele-Syrië en Fenisië dwaande wie Simon yn syn fijannige hâlding oan te moedigjen. 5Hy gong dêrom nei de kening, net om syn meiboargers te beskuldigjen, mar mei ’t each op it algemien belang en dat fan elkenien. 6As de kening net tuskenbeiden kaam, soe ’t nei syn betinken ûnmooglik wêze wer frede yn ’t lân te krijen; Simon soe út himsels net ophâlde mei syn dwaasheid.
Jason ûntfytmannet Oníos it hegeprysterskip en hellet it hellenisme yn
7Nei de dea fan Seleukus naam Antíochus, dy’t de bynamme Epifanes hie, it keningskip oer en Jason ûntfytmanne Onías, syn eigen broer, it hegeprysterskip. 8Hy sei de kening 360 sulveren talinten ta en noch tachtich dy’t er earne oars weihelje soe. 9Dêr soed er noch 150 oerhinne dwaan, as him de frije hân jûn waard om in sportskoalle en jeugdsintrum te stiftsjen en as er offisjeel tastimming krige om de ynwenners fan Jeruzalem as ‘Antiochénen’ yn te skriuwen. 10De kening gong dermei akkoart en Jason krige de macht yn hannen. Fuortdaliks begûn er syn lânslju de Grykske libbenstrant by te bringen. 11De besteande keninklike foarrjochten, dy’t de Joaden krige hienen op oanstean fan Johannes, de heit fan Eupólemos, skafte er ôf. Dy Eupólemos hat letter as gesant fan syn folk mei de Romeinen in ferdrach fan freonskip en help oer en wer sletten. De wetlik foarskreaune libbensstyl skode er oan kant en nije wizânsjes dy’t net mei de wet strykten, helle er yn. 12Hy fûn it prachtich in sportskoalle te bouwen deun tsjin de ûnderkant fan ’e timpelhichte oan en hy krige de bêsten fan de jongerein safier, dat se de Grykske hoed droegen. 13Troch de mear as slimme ferdoarnens fan ’e goddeleaze sabeare hegepryster Jason boaze it hellenisme en de frjemdsin sa oan, 14dat de prysters hienen net folle nocht mear oan de altertsjinst; de timpel seagen se op del en offerjen dienen se net mear oan. Wol wienen se tige hastich om der – dwers tsjin ’e wet yn – by te wêzen, as de lju yn it wrakselperk oproppen waarden foar it diskusgoaien. 15Se joegen neat mear om wat har foarâlden hillich west hie, nee, Grykske earetekens dy gouwen foar har as it heechste. 16Sadwaande belannen se yn in nuodlike situaasje: as fijannen en ûnderdrukkers krigen se krekt de lju dy’t se yn har libbenswize besochten nei te dwaan en dêr’t se hielendal op lykje woenen. 17It is in minne saak, as men de godlike wetten fertrapet. De kommende tiid soe it wol leare.
18Doe’t de fiifjierlikse prijskampen yn Tyrus hâlden waarden – de kening wie der ek by – 19stjoerde dy smoarge Jason dêr ‘Antiochénen’ út Jeruzalem as feestgesanten hinne. Dy krigen 300 sulveren drachmen mei foar it offer oan Hearakles. De bringers sels fûnen lykwols, dat it gjin pas joech om dat jild foar in offer te brûken en fregen by it oerjaan om it oan wat oars te besteegjen. 20Sadwaande waard it jild dat de ôfstjoerder foar it offer oan Hearakles ornearre hie, troch de hâlding fan de lju dy’t it meinommen hienen, foar de útrissing fan oarlochsskippen brûkt.
Kening Antíochus te Jeruzalem ynhelle
21Apolloanius, de soan fan Menésteüs, hie as fertsjintwurdiger nei Egypte west foar de ynhuldiging fan kening Filomètor. Sa kaam Antíochus te witten, dat Filomètor it net op syn polityk begrepen hie. Mei it each op syn eigen feilichheid reizge er doe earst nei Joppe en dêrwei nei Jeruzalem. 22Dêr waard er troch Jason en it stedsbestjoer feestlik ynhelle mei fakkelljocht en gejubel. Dêrnei gong er mei syn leger nei Fenisië.
Meneláos ûntfytmannet Jason it hegeprysterskip
23Trije jier letter stjoerde Jason Meneláos, de broer fan ’e earder neamde Simon, nei de kening ta om him it jild te bringen en útslútsel te krijen oer in stikmannich driuwende kwestjes. 24Mar doe’t er by de kening talitten wie, die er himsels as sa’n machtich man foar, dat hy wist it hegeprysterskip yn hannen te krijen. Hy bea 300 sulveren talinten mear as Jason. 25Mei de keninklike tasizzing yn ’e bûse kaam er werom, de man dy’t neat yn him hie om it hegeprysterskip wurdich te wêzen. Hy wie fan syn aard in wrede tiran en koe útfalle as in wyld beest. 26Jason, dy’t syn eigen broer derút wrot hie, wie der no sels troch in oar útwrot. Hy moast de wyk nimme nei it lân fan ’e Ammoniten. 27Meneláos hie no wol it heft yn hannen, mar it beteljen fan it jild, dat er de kening tasein hie, wie er net sa hastich mei, 28ek al stie Sóstratos, de kommandant fan ’e Sitadel, dy’t de belestingen ynbarre moast, der ek noch sa op oan. Dêrom moasten se tegearre foar de kening ferskine. 29Meneláos liet doe as waarnimmer fan it hegeprysterskip syn broer Lysimachus achter, Sóstratos de oanfierder fan ’e Cyprioaten Krates.
Onías fermoarde
30Wylst se dat foarinoar makken, wienen de lju fan Tarsos en Mallos yn opstân kommen, om’t dy stêden Antiochis, de bysit fan ’e kening, as presint taskood wienen. 31Mei sân hasten gong de kening derhinne om oarder op saken te stellen. As waarnimmer liet er Androníkos achter, ien fan syn hege amtners. 32No tocht Meneláos in bêste kâns te hawwen. Hy helle wat goudguod út de timpel en joech dat Androníkos presint; it slagge him in oar part te ferkeapjen yn Tyrus en de stêden dêromhinne. 33Dat kaam Onías te witten en út syn frijplak te Dafne by Antiochië wei, dêr’t er ûntwyk socht hie, protestearre er fûl. 34Meneláos naam doe Androníkos apart en trune him oan om Onías fan kant te meitsjen. Fol fertrouwen dat er tûk genôch wie, gong dy nei Onías ta. Hy waard freonlik ûntfongen, joech syn earewurd mei in eed derop en krige Oníos sa fier – al fertroude dy him mar heal – dat er it frijplak útgong. Fuortendaliks makke Androníkos him fan kant, sûnder ek mar in grissel earbied foar it rjocht. 35Net allinne de Joaden, mar ek mannichien fan ’e oaren wie ferslein fan dy gemiene moard en der slim lilk om. 36Doe’t de kening út ’e kontreien fan Cilicië werom wie, gongen de Joaden út ’e stêd Antiochië mei har klachten oer de ûnsinnige moard nei him ta en de Griken ferklearren, dat se der krekt sa oer tochten. 37Antíochus naam it him tige nei. Hy liet syn meilijen dúdlik útkomme en skriemde om ’e ferstoarne, dy’t sa’n wiis en evenredich man west hie. 38Hy makke him der sa gleon oer, dat hy naam Androníkos de poarperen mantel ôf en skuorde him de klean fan ’t liif. Sa naam er him mei de hiele stêd troch en krekt op it plak dêr’t er oan Oníos it grouwelstik begien hie, holp er de wrâld fan dy gemiene moardner ôf. De Hear hat him de straf jûn, dy’t er fertsjinne hie.
It proses tsjin Meneláos
39Doe’t Lysimachus mei goedfinen fan Meneláos al hiel wat út it hillichdom weistellen hie en dat trochferteld waard, spande it folk tsjin Lysimachus gear. Der wie al gâns goudguod fuort. 40Tsjin dat folk, dat poerrazend yn opstân kommen wie, brocht Lysimachus sa’n trijetûzen man yn ’e wapens en doe begûn er mei geweld. De troepen waarden oanfierd troch ien of oare Auranos, in man dy’t al moai âlden net minder healwiis wie. 41Doe’t it folk seach, dat Lysimachus oanfalle woe, krigen guon stiennen op, oaren grouwe kneppels, wer oaren pakten hanfollen jiske dy’t dêr lei, en bekûgelen dêr Lysimachus en syn mannen mei. 42Mannich soldaat rekke ferwûne, guon kamen der net libben foarwei. It hiele leger waard fuortjage en de timpelrover sels makken se dea by de skatkeamer.
43Fanwegen al dy saken waard Meneláos foar it gerjocht dage. 44Doe’t de kening yn Tyrus kaam, bepleiten trije ôffurdigen fan ’e Rie de saak by him. 45Doe’t Meneláos syn saak al op ferlern stie, sei er Ptoleméus, de soan fan Dorúmenes, jild ta, as dy de kening beprate woe. 46Ptoleméus naam de kening efkes mei nei in pyldergong, sabeare foar de frissichheid en wist him syn kant oer te heljen. 47Meneláos, de oarsaak fan alle kwea, spriek er frij fan wat tsjin him ynbrocht wie en de ûngelokkige oanklagers, dy’t frijsprutsen wienen, as se foar in Skityske rjochtbank stien hienen, feroardiele er ta de dea. 48Hastich waard it ûnrjochtfeardige fonnis útfierd. Dochs wienen se allinne mar opkommen foar de stêd, it lânfolk en it hillige gebrûksguod. 49Ek de Tyriërs achten dat in grouwelstik en joegen rojaal foar in plechtige begraffenis. 50Troch de begearigens fan ’e machthawwers bleau Meneláos yn syn amt. Hy foel fan ’t iene kwea yn ’t oare en wie de grutte fijân fan syn lânslju.