1Yn ’e dokuminten fynt men beskreaun, dat profeet Jeremia, sa’t al ferteld is, de ballingen sein hat dat se wat fjoer meinimme moasten 2en ek, hoe’t er by it oerjaan fan de wet de ballingen oantrune om de geboaden fan de Hear net te ferjitten en net fan ’e wize te reitsjen, as se de gouden en sulveren bylden seagen mei al har opskik. 3Hy joech noch mear fan sokke oanwizings en hy rôp harren op, dat se de wet noait út it each ferlieze moasten.
4Yn it dokumint stie ek beskreaun, hoe’t de profeet neffens godlike iepenbiering oarder joech de tabernakel en de arke achter him oan komme te litten, as er de berch op gong, dêr’t Mozes op stie, doe’t er Gods erfdiel oer seach. 5Doe’t er dêr kaam, fûn Jeremia in rotswente. Dêr liet er de tabernakel, de arke en it wijreekalter yn bringe. Doe makke er de yngong ticht. 6Guon fan dy’t him folge wienen, woenen it paad derhinne mei tekens oanjaan, mar se koenen it net wer fine. 7Doe’t Jeremia fan dat plan hearde, naam er harren dat kwea ôf en sei: ‘It plak sil ûnbekend bliuwe, oant God it folk wer genedich byinoar bringt. 8Dan sil de Hear dy dingen wer foar ’t ljocht bringe. Syn hearlikheid sil dan te sjen wêze en ek de wolk, krektsa as dy te sjen wie yn ’e tiid fan Mozes en doe’t Salomo frege om ’e hilliging fan it stee.’
9Der stiet ek dúdlik yn, hoe’t de wize Salomo in offer brocht by de ynwijing fan ’e timpel, nei’t dy klearkommen wie. 10Doe’t Mozes ta de Hear bidde, wie der fjoer út ’e himel delkommen en dat baarnde it offer op; sa kaam ek op it gebed fan Salomo fjoer út ’e himel en baarnde de offers op. 11Mozes hat sein: Fan it offer foar de sûnde wurdt net iten. Dêrom is it hielendal opbaarnd. 12Op ’e selde wize fierde Salomo it feest, ek acht dagen lang.
13Dit stiet yn ’e dokuminten en wurdt ek ferteld yn ’e tinkskriften fan Nehemia. Fan him wurdt fierder ferteld, dat er in boekerij oanlein hat. Hy hat de boeken oer de keningen en de profeten byinoar socht en ek de geskriften fan David en de brieven fan ’e keningen oer de wijjeften. 14Sa hat Judas ek alles foar ús byinoar brocht, wat troch de lêste oarloch fersille wie. Wy hawwe al dy geskriften noch 15en as jimme der ferlet fan hawwe, moatte jim mar guon stjoere om se te heljen.
16Om’t wy fan doel binne de suvering fan de timpel te fieren, skriuwe wy jim deroer, want it soe in goed ding wêze, as jim dy dagen ek fierden. 17God hat syn hiele folk rêden en ús allegearre it lân, it keningskip, it prysterskip en it hillichdom weromjûn, 18sa’t de wet it tasein hie. Hy sil, nei’t wy hoopje, mei gauwens meilijen mei ús krije en ús fan alle oarden dy’t ûnder de himel binne, op it hillige stee byinoar bringe. Hy hat ús ommers út grutte ellinde weihelle en it stee suvere.
Ynlieding fan ’e skriuwer
19It ferhaal oer Judas de Makkabeeër en syn bruorren, de suvering fan de grutte timpel, de wijing fan it nije alter, 20de oarloggen tsjin Antíochus Epifanes en syn soan Eupator, 21de himelske ferskinings oan ’e lju dy’t sa manhaftich foar it Joadendom krewearre hawwe, dat se, hoe minmachtich ek, it hiele lân feroveren en de frjemde legerbinden fuortjagen, 22it oer de hiele wrâld ferneamde hillichdom weromkrigen, de stêd befrijden en de sa goed as oan kant skode wetten wer ynfierden, mei’t de Hear sa goed en genedich foar harren wie, 23dat is allegearre beskreaun troch Jason fan Cyréne yn fiif boeken. Wy sille besykje dêr yn ien boek in koarte gearfetting fan te jaan. 24Want doe’t wy de hiele stream fan jiertallen en datums ûnder eagen krigen, seagen wy de swierrichheden dêr’t men mei te krijen hat, as men jinsels alhiel yn dy histoarjes ferdjipje wol – der is safolle fan opskreaun. 25Dêrom hawwe wy ús derop útlein in ûnderhâldend ferhaal te skriuwen foar wa’t graach lêze mei, in helpmiddel foar wa’t de feiten ûnthâlde wol en wat nuttichs foar elkenien.
26Wy hawwe it op ús nommen in gearfetting te meitsjen. Dat is in lang net maklik kerwei, it betsjut switten en let op bêd. 27It liket op it net noflike wurk fan ien dy’t in feestmiel regelje moat en besiket om it alle gasten nei ’t sin te meitsjen. Lykwols, omdat mannichien der tankber foar wêze sil, sette wy ús dochs graach ta dit drege kerwei. 28Wy litte it oan ’e histoarikus oer krekt te beskriuwen, hoe’t alles om en ta gien is. Wy wolle ús oan it bestek fan in gearfetting hâlde. 29Sa’t de boumaster fan in nij hûs om ’e hiele konstruksje tinke moat, wylst de man dy’t de beskildering op ’e muorren baarnt, stiet foar it útsykjen fan wat gaadlik is as fersiering, sa is it ek mei ús, soe ’k sizze. 30In djip yngean op ’e saak, de folsleine beskriuwing en it war dwaan op ’e ûnderdielen, dat is it wurk fan de echte histoarikus, 31mar ien dy’t in ferhaal koart neifertelle wol, moat it frij hawwe koart om ’e hoeke te gean; syn relaas hoecht net folslein te wêzen. 32Lit ús hjirmei de ynlieding ôfslute en no mei it ferhaal begjinne, want it soe al te mâl wêze it wurdfoarôf lang te meitsjen en it ferhaal sels koart.