Brief fan ’e Joaden fan Jeruzalem en Judéa oan ’e Joaden yn Egypte
1Oan ’e bruorren yn Egypte dogge wy, Joaden yn Jeruzalem en op it plattelân fan Judéa, de hertlike groetenis: frede en heil. 2Mei God jimme al wat goed is jaan en tinke om it ferbûn dat Hy sletten hat mei Abraham, Izaäk en Jakob, syn trouwe tsjinners. 3Mei Er jimme allegear derta bringe Him mei hert en siel te ferearjen en mei alle ynmoed te dwaan wat Hy wol. 4Mei Er jim hert iepenje foar it ferstean fan syn wet en syn geboaden, mei Er frede bringe 5en nei jim gebeden hearre. Mei Er wer goed mei jim wurde en jim yn tiid fan need net yn ’e steek litte. 6Sa bidde wy hjir optheden foar jimme.
7Under it regear fan Demétrius, yn it jier 169 hawwe wy, Joaden, jimme in brief skreaun. Yn dy jierren sieten wy midden yn ’e ferdrukking dy’t oer ús kommen wie, sûnt Jason en syn mannen it hillige lân en it keninkryk ôffallich wurden wienen. 8Se hienen de timpelpoarte yn ’e brân stutsen en ûnskuldich bloed fergetten. Doe hawwe wy God om help bidden en Hy hat nei ús heard. Wy hawwe fleisoffers brocht en wite-weetoffers, de lampen oanstutsen en de toanbreaën útstald. 9En no woenen wy graach, dat jimme de dagen fan it tabernakelfeest yn ’e Kislewmoanne fiere. (Skreaun) yn it jier 188.
Brief fan ’e Joaden fan Jeruzalem en Judéa oan ’e Joaden yn Egypte
10Wy, Joaden dy’t yn Jeruzalem en Judéa wenje, de Hege Rie en Judas winskje Aristobúlus, Kening Ptoleméus syn learmaster, ien út it laach fan ’e salve prysters, en de Joaden yn Egypte lok en sûnens ta. 11Wy binne troch God út grutte gefaren rêden. Wy hawwe it hâlde kinnen tsjin de kening en dêr binne wy God tige tankber foar. 12Hy wie it ommers, dy’t de mannen fuortjage hat, dy’t yn ’e hillige stêd tsjin ús fochten. 13Dat siet sa: Mei in legermacht dy’t ûnoerwinlik like, wie de kening yn Perzië kommen. Dêr yn ’e timpel fan ’e goadin Nana binne hy en syn mannen yn stikken houd. De Nanaprysters hienen har raar te fiter. 14Antíochus die as woed er mei de goadin trouwe, mar yn wierheid kaam er dêr mei syn maten om de grutte timpelskatten as breidskat yn hannen te krijen. 15De Nanaprysters hienen dy al foar him útstald, mar doe’t Antíochus mei in stikmannich fan syn lju troch de poarte fan it omfrede timpelhôf wie, sleaten se it hillichdom ôf. Doe’t er yn it gebou kaam, 16dienen se it geheime lûk fan ’e souder iepen en lieten se stiennen op ’e kening (en syn mannen) delhagelje. De kening foel as fan ’e wjerljocht slein en doe houden se him en syn mannen yn stikken en de ôfsniene hollen smieten se de lju dy’t bûten stienen, foar de fuotten. 17Heech te priizjen yn alles is ús God, dy’t de goddeleazen oan ’e dea oerlevere hat.
18Wy binne fan doel op ’e fiifentweintichste fan ’e Kislewmoanne de suvering fan ’e timpel te fieren en wy achtsje it ús plicht jimme dit witte te litten. Dan kinne jimme dit feest sels ek fiere mei it feest fan ’e hutten en it fjoer dat der wie, doe’t Nehemia, de bouwer fan de timpel en it alter, in offer brocht. 19Doe’t ommers ús foarâlden yn ballingskip nei Perzië brocht waarden, hienen de fromme prysters fan dy dagen temûk fjoer fan it alter nommen en dat yn in holte fan in droege put fuortstoppe en wol sa sekuer, dat gjinien dat plak fine koe. 20Nei ferrin fan hiel wat jierren, doe’t it God behage, liet de kening fan Perzië Nehemia nei hûs ta gean. Dy stjoerde doe de ôfstammelingen fan dy prysters dy’t it fjoer fuortstoppe hienen om dat fjoer út. 21Doe’t dy ús folk seinen, dat se gjin fjoer fûn hienen, mar in tsjok focht, joech Nehemia harren oarder dêr wat fan op te skeppen en mei te nimmen. En doe’t alles foar it offer oandroegen wie, liet Nehemia de prysters dat focht oer it brân hout en wat dêrop lei, hinne smite.
22Doe’t se dat dien hienen en de sinne in skoftsje letter achter de wolken weikaam, lôge der in grut fjoer op; allegearre seagen it mei ferbazing oan. 23En wylst it offer opbaarnde, begûnen de prysters en alle oaren dy’t derby wienen, te bidden. Jonatan sette út ein en de oaren foelen yn lykas Nehemia. 24De wurden fan it gebed wienen sa: ‘O Hear, Hear God, skepper fan alles, machtige, sterke, rjochtfeardige, barmhertige, iennichste en goede kening, 25iennichste woldogger, iennichste rjochtfeardige, almachtige en ivige, rêder fan Israel út alle kwea, Jo, dy’t ús foarâlden útkard en hillige hawwe, 26nim dit offer oan, dat foar jo hiele folk Israel opdroegen wurdt, bewarje jo erfdiel en hilligje it, 27bring ús út ’e ferstruiing wer byinoar; ferlos, dy’t by oare folken yn slavernij tahâlde en sjoch goedgeunstich del op ’e ferachten en ferskopten – alle folken moatte witte, dat Jo ús God binne –, 28bestraf dy’t ús tirannisearje en ús yn domme drystens hune, 29set jo folk wer op jo hillige grûn, sa’t Mozes tasein hat.’
30Doe songen de prysters de lofsangen. 31Doe’t it hiele offer opbaarnd wie, liet Nehemia wat der noch oan tsjok focht oer wie, op de grutte stiennen jitte 32en doe’t dat dien wie, skeat in flam omheech. Dy waard lykwols wei yn ’e lôge dy’t tagelyk fan it offeralter opflamme. 33Dit waard bekend en doe’t de kening fan ’e Perzen hearde, dat op it plak dêr’t de prysters-yn-ballingskip it fjoer fuortstoppe hienen, floeiber guod foar ’t ljocht kommen wie en dat Nehemia-en-dy dêr de offers mei segene hienen, 34liet er de saak earst ûndersykje en doe frede er dat stee ôf en makke der in hillichdom fan. 35De kening joech fan ’e rike opbringst dy’t er derút helle, hiel wat oan ’e lju, dy’t by him yn ’e geunst stienen. 36Nehemia-en-dy neamden dat tsjokke focht neftar. Dat betsjut suvering. By de measten hjit it nafta.