1Mar Eliza sei: Hear nei it wurd fan ’e Heare. Dit hat de Heare te sizzen: Moarn om dizze tiid sil yn ’e poarte fan Samaria in mjitte grysmoal in sikkel jilde en twa mjitten groat ek in sikkel. 2De adjudant fan ’e kening antwurde de godsman: Al makke de Heare slûzen yn ’e himel, hoe soe soks barre kinne? Hy sei: Jo sille it mei eigen eagen sjen, mar der net fan ite.
3No hâlden bûten foar de poarte fjouwer melaatske mannen ta. Dy seinen tsjin elkoar: Wêrom sille wy hjir bliuwe oant wy it bestjerre? 4As wy sizze: Wy geane de stêd yn, dan is it de honger yn ’e stêd, dêr’t wy troch omkomme. Bliuwe wy hjir, dan stjerre wy likegoed. Wel, lit ús dan mar leaver nei it kamp fan ’e Arameeërs oerrinne. Litte dy ús libje, dan libje wy en meitsje se ús dea, dan stjerre wy mar. 5Yn ’e skimerjûn gongen se derop út om yn it legerkamp fan ’e Arameeërs te kommen. Doe’t se by de bûtenkant fan it legerkamp fan ’e Arameeërs kamen, wie der gjinien. 6Want de Heare hie yn it legerkamp fan ’e Arameeërs in lûd hearre litten fan weinen en hynders, in lûd fan in grutte striidmacht. Dat se hienen tsjin elkoar sein: De kening fan Israel hat grif de keningen fan ’e Hetiten en fan Misraïm omkocht, om ús oan te fallen. 7Sadwaande wienen se yn ’e skimerjûn op ’e flecht gien en hienen har tinten, hynders, ezels en it kamp, sa’t it der lei, achterlitten, want it gong om har libben. 8Dy melaatske mannen wienen dus by de bûtenkant fan it legerkamp kommen. By de earste de bêste tinte dêr’t se kamen, ieten en dronken se, hellen der sulver, goud en klean út en gongen fuort om it op te bergjen. Doe kamen se werom, gongen de twadde tinte yn, hellen dy leech en gongen wer fuort om it op te bergjen. 9Mar doe seinen se tsjin elkoar: Wy dogge dit net goed. Dizze dei is in dei fan goed nijs en wy hâlde ús stil. As wy it deiljocht noch ôfwachtsje, helje wy ús in straf op ’e hals. Lit ús dan daliks mar gean en it melde by it paleis.
10Sa kamen se, rôpen de poartewacht oan en melden har: Wy hawwe by it legerkamp fan ’e Arameeërs west en sjedêr, der wie gjin minske noch minskelûd. Allinnich mar hynders en ezels, dy’t fêstbûn sieten en de tinten stienen noch krekt lykas te foaren. 11De poartewacht sloech alarm en melde it yn it paleis fan ’e kening.
12De kening kaam der midden yn ’e nacht ôf en sei tsjin syn tsjinners: Ik sil jim sizze, wat dy Arameeërs mei ús foar hawwe. Se witte, dat wy hjir honger lije. Dêrom binne se út it legerkamp wei yn it fjild op ’e skûl gien. Se tinke: As se ta de stêd útkomme, krije wy se libben yn hannen en slagje sels yn ’e stêd. 13Doe naam ien fan ’e tsjinners it wurd: Nim in stik as fiif fan ’e hynders, dy’t hjir noch oer binne: Dy binne der dochs net folle better oan ta as dy hiele heap Israeliten, dy’t al dea binne. Stjoer se der mar op út, dan sjogge wy it wol.
14Doe namen se twa weinen mei hynders derfoar en de kening stjoerde dy it leger fan ’e Arameeërs achternei mei de opdracht: Gean der hinne om te sjen. 15Se setten har achternei oan ’e Jordaan ta en sjoch, de wei lei fol klean en ark, dat de Arameeërs yn ’e bange flecht wei fuortsmiten hienen. 16Doe’t de boaden werom wienen en de kening berjocht dien hienen, kaam it folk ta de stêd út om it legerkamp fan ’e Arameeërs te plonderjen. En doe jilde in mjitte grysmoal in sikkel en twa mjitten groat ek in sikkel, sa’t de Heare it sein hie. 17En de kening hie syn adjudant it tasicht oer de poarte jûn, mar it folk fertrape him yn ’e poarte dat er it bestoar, sa’t de godsman tsjin ’e kening sein hie, doe’t dy by him kommen wie. 18It is krektsa kommen as de godsman tsjin ’e kening sein hie: Twa mjitten groat sille in sikkel jilde en ien mjitte grysmoal in sikkel, moarn om dizze tiid yn ’e poarte fan Samaria. 19Dy offisier hie doe tsjin ’e godsman sein: Al makke de Heare slûzen yn ’e himel, hoe soe soks barre kinne? Mar dy hie sein: Dat sille jo mei eigen eagen sjen, mar der net fan ite. 20Sa is it him ôfgien: It folk hat him fertrape dat er it bestoar.