De melaatske Naäman wer better
1Naäman, in legerkommandant fan ’e Arameeske kening, wie by syn hear tige yn eare en oansjen, want troch him hie de Heare Aram in oerwinning jûn. 2Mar dy man, in grut kriichsheld, wie melaatsk. – No hienen de Arameeërs yn kloften de grinzen oer west en út it lân Israel in jongfanke as gefangene meinommen. 3Dy tsjinne by de frou fan Naäman. Hja sei tsjin har frou: Wie mynhear mar by de profeet dy’t te Samaria wennet, dan soe dy him wol fan syn melaatskens ôfhelpe.
4Doe gong hy nei syn hear en fertelde: Sa en sa hat it fanke út it lân Israel sein. 5De Arameeske kening sei: Welno man, gean dêrhinne. Ik stjoer wol in brief nei de kening fan Israel. Hy gong dêrhinne en naam tsien talinten sulver, seis tûzen sikkels goud en tsien pakken klean mei. 6De brief brocht er nei de kening fan Israel. Dêr stie yn: Mei’t jo dizze brief krije, stjoer ik jo myn tsjinner Naäman, dat jo him fan syn melaatskens ôfhelpe. 7Doe’t de kening fan Israel de brief lêzen hie, skuorde er syn klean stikken en sei: Bin ik soms God, dy’t oer libben en dea beskikt, dat sa’n man my ien stjoert om him fan syn melaatskens ôf te helpen? Sjogge jimme no wol: Hy hat wat tsjin my yn ’t sin.
8Doe’t Eliza, de godsman, hearde dat de kening syn klean stikken skuord hie, liet er him freegje: Wêrom hawwe jo jo klean skuord? Lit him dochs by my komme. Dan sil er fernimme dat der noch in godsman yn Israel is. 9Sa kaam Naäman mei syn hynder en-weinen en bleau stean by de doar fan it hûs fan Eliza. 10Mar Eliza liet him troch in boade sizze: Jo moatte hinnegean en waskje jo sân kear yn ’e Jordaan. Dan wurdt jo lichem wer sûn en jo binne wer rein. 11Mar Naäman waard poerlilk, sette ôf en sei: Ik hie tocht: Hy sil grif nei bûten komme, dêr stean gean, de namme fan de Heare, syn God, oanroppe, de hân oer it plak hin en-wer bewege en my sa better meitsje fan ’e melaatskens. 12Binne de Abana en de Parpar, de rivieren fan Damaskus, net folle better as alle wetters yn Israel? Kin ik my dêr net yn waskje om rein te wurden? Hy kearde om en gong lilk fuort.
13Mar syn tsjinners kamen op him ta en seinen tsjin him: As de profeet jo in swier stik oplein hie, soenen jo dat net dien hawwe? Hoefolste mear, no’t er tsjin jo sein hat: Jo moatte jo waskje om suver te wurden? 14Sa gong er it wetter yn en dompele him sân kear yn ’e Jordaan sa’t de godsman it sein hie. En syn lichem waard wer sa sûn as it lichem fan in lyts bern en hy wie suver.
15Doe gong er wer nei de godsman werom mei syn hiele gefolch. Hy kaam deryn, gong foar him stean en sei: No wit ik dan dat der op ’e hiele ierde gjin God bestiet as yn Israel. Sjoch hjir, nim in geskink fan jo tsjinner oan. 16Mar hy sei: Sa wier as de Heare libbet, yn waans tsjinst ik stean, ik nim neat oan. En hoe’t er der ek by him op oanstie om wat oan te nimmen, hy wegere. 17Doe sei Naäman: As dat net kin, lit dan jo tsjinner safolle grûn meijûn wurde as in jok mûldieren drage kin. Want jo tsjinner sil gjin brânoffer of fleisoffer bringe oan oare goaden as de Heare. 18Allinne dit mei de Heare jo tsjinner ferjaan: As myn hear yn it hûs fan Rimmon giet om him dêr te bûgen en hy linet sa op myn hân, dat ik yn it hûs fan Rimmon wol bûge moat, as hy yn it hûs fan Rimmon bûcht – lit de Heare jo tsjinner dat dan ferjaan. 19Hy sei tsjin him: Gean yn frede.
20Hy wie noch mar in eintsje fuort, doe tocht Gechazy, de tsjinner fan ’e godsman Eliza: Dêr hat mynhear dy Arameeër Naäman wol mei ûntsjoen, troch neat oan te nimmen fan wat er meinommen hie. Sa wier as de Heare libbet, ik gean him achternei en nim wat fan him oan. 21En Gechazy gong him achternei. Doe’t Naäman him der hurd oankommen seach, sprong er fan ’e wein, gong him yn ’e mjitte en sei: Is alles goed? 22Hy sei: Ja, mar myn hear hat my mei dit boadskip stjoerd: No krekt binne der twa jongelju fan ’e profetelearlingen by my kommen út de bergen fan Efraïm. Och, jou har in talint sulver en twa pakken klean. 23En Naäman sei: Nim, as jo wolle, twa talinten. Hy hâlde by him oan en bebûn twa talinten sulver yn twa pongen en twa pakken klean der by yn. Hy joech dy oan twa feinten, dy’t se foar him út droegen. 24En doe’t se oan ’e heuvel ta kommen wienen, naam er it fan har oer om it thús op te bergjen, mar liet dy mannen fuortgean.
25Doe’t er sels yn ’e hûs kaam en foar syn hear stie, sei Eliza tsjin him: Wêr komsto wei, Gechazy? Hy antwurde: Jo tsjinner hat nearne hinne west. 26Mar hy sei: Gong myn hert net mei dy, doe’t de man him omdraaide, fan ’e wein ôfsprong en dy yn ’e mjitte kaam? No hasto wol dat sulver oannommen om dysels klean, oliven, wyngerds, skiep, kij, feinten en fammen oan te tugen; 27mar ek de melaatskens fan Naäman sil dy en dyn neiteam foar altyd oanklibje. Doe gong er derút, by him wei, melaatsk en sa wyt as snie.