1yn it njoggende jier fan syn regear, op ’e tsiende fan ’e tsiende moanne, sette kening Nebûkadnessar fan Babel sels mei syn hiele leger op Jeruzalem ta; se belegeren it en bouden der oan alle kanten skânsen tsjin op. 2De belegering fan ’e stêd duorre oant yn it alfte jier fan Sedekía syn regear.
3Op ’e njoggende fan ’e fjirde moanne, doe’t it sa slim wurden wie mei de honger yn ’e stêd, dat ek de lânadel neat mear te iten hie, 4waard der in bres yn ’e stedsmuorre slein.Doe gongen alle soldaten nachts troch de poarte ‘Tusken de beide muorren’ by de paleistún derút – al hienen de Chaldeeërs de stêd besingele – en gongen de kant fan ’e Araba op. 5Mar it leger fan ’e Chaldeeërs sette de kening achternei en helle him yn ’e steppen fan Jericho yn en syn hiele leger waard by him weislein. 6De kening sels krigen se te pakken, brochten him nei Ribla by de kening fan Babel en dy hâlde rjochtdei oer him. 7De soannen fan Sedekía slachten se foar syn eigen eagen ôf en doe liet er Sedekía blyn meitsje en him yn brûnzen boeien slaan. Sa namen se him mei nei Babel.
8Op ’e sânde fan ’e fyfte moanne – it wie it njoggende jier fan kening Nebûkadnessar fan Babel – kaam Nebûzaradan, kommandant fan ’e liifwacht, dy’t yn persoanlike tsjinst fan ’e kening fan Babel stie, yn Jeruzalem. 9De timpel en it paleis stuts er yn ’e brân en alle huzen fan Jeruzalem, alle hearehuzen teminsten – baarnde er plat. 10It leger fan ’e Chaldeeërs, dat de kommandant fan ’e liifwacht by him hie, helle mei man en macht de muorren om Jeruzalem del. 11Wat der noch oan folk yn ’e stêd oerbleaun wie, stjoerde Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, de ballingskip yn; 12mar fan ’e earme lju fan it plattelân liet er guon bliuwe foar de wyngerds en de bou.
13Fierders brieken de Chaldeeërs de brûnzen pylders fan it hûs fan de Heare wei en ek de brûnzen ûnderstellen en de brûnzen see, dy’t by it hûs fan de Heare hearden; en dat brûns namen se mei nei Babel. 14Ek de potten, messen, skeppen en offerskalen en al it brûnzen guod dat foar de earetsjinst brûkt waard, namen se mei. 15Mar de fjoerpannen en sprinkelskalen, foarsafier’t se fan goud of sulver wienen, naam de kommandant fan ’e liifwacht sels mei. 16De beide pylders, de iene see en de ûnderstellen, dy’t Salomo foar it hûs fan de Heare meitsje litten hie, dêr siet safolle brûns oan, dat it wie net te wagen. 17Achttjin jellen heech wie de iene pylder en dêr siet in boppestik op fan brûns mei in hichte fan trije jellen. En rûnom boppe oan it kapiteel wie in frisselwurk oanbrocht fan kleare brûns en fersierd mei granaatappels. Krektlyk wie it mei it frisselwurk fan ’e oare pylder.
18De kommandant fan ’e liifwacht naam opperpryster Seraja, waarnimmend pryster Sefanja en de trije drompelwachters ek mei. 19Ut ’e stêd naam er ien hoveling mei dy’t oer de soldaten steld wie, fiif man dy’t yn ’e kening syn persoanlike tsjinst stienen en dy’t noch yn ’e stêd wienen, de skriuwer fan ’e legerkommandant, dy’t de lânadel foar de tsjinst oproppe moast en sechstich man út ’e lânadel dy’t noch yn ’e stêd wie. 20Dy allegearre naam Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, mei nei de kening fan Babel te Ribla. 21Dêr te Ribla yn it lân Hamat liet de kening fan Babel har deaslaan. Sa moast Juda út eigen lân wei, de ballingskip yn. 22It folk dat yn it lân Juda oerbleau en dat kening Nebûkadnessar fan Babel sparre hie, dêr stelde er Gedalja, soan fan Achikam, soan fan Sjafan, oer. 23Doe’t alle legerkommandanten mei har mannen hearden, dat de kening fan Babel Gedalja oansteld hie, kamen se by Gedalja, te Mispa. It wienen Ismael, soan fan Netanja, Jochanan, soan fan Karéa, Seraja, soan fan ’e Netofatyt Tanchûmet en Jaäsanja, soan fan ’e Maächatyt, mei har mannen. 24Gedalja beswarde har en har mannen mei in eed: Wês net bang fan de tsjinners fan ’e Chaldeeërs, bliuw yn it lân en tsjinje de kening fan Babel. Dan sil it jim goed gean. 25Mar yn ’e sânde moanne kaam Ismael, de soan fan Netanja, de soan fan Elisjama, in man fan keninklike komôf, mei tsien man fanwegen en hja sloegen Gedalja dea, tagelyk mei de Judeeërs en Chaldeeërs, dy’t te Mispa by him wienen. 26En doe gong de hiele befolking, lyts en grut, mei de legerkommandanten op wei en hja kamen yn Egypte, want se wienen bang fan de Chaldeeërs.
Jojakin kriget graasje
27Mar yn it sânentritichste jier fan ’e ballingskip fan kening Jojakin fan Juda, yn ’e tolfte moanne, op ’e sânentweintichste fan ’e moanne, joech kening Ewil-Merodak fan Babel doe’t er dat jiers oan it regear kaam, kening Jojakin graasje en helle him út it tichthús. 28Hy prate freonlik mei him en joech him in heger plak as alle oare keningen dy’t mei him yn Babel wienen. 29Hy koe de tichthûsklean útlûke en mocht syn fierdere libbensdagen oan ’e keningstafel ite. 30Foar syn ûnderhâld krige er in útkearing fan ’e kening, oan ’e dei fan syn dea ta, fêst jild al syn libbensdagen.