Manasse fan Juda
1Manasse wie tolve jier, doe’t er oan it regear kaam en hy hat fiifenfyftich jier te Jeruzalem regearre. De namme fan syn mem wie Chefsiba. 2Hy die wat de Heare ferkeard achte, sa’t it groulik gebrûk wie fan ’e folken dy’t de Heare foar de Israeliten út ferdreaun hie. 3Hy boude de offerhichten wer op, dy’t syn heit Hizkía fernield hie, sette alters fan ’e Baäl oerein, makke wijde peallen lykas kening Achab fan Israel die, en bûgde foar it hiele himelhear en tsjinne dat. 4Hy boude alters yn it hûs fan de Heare, dêr’t de Heare fan sein hie: Yn Jeruzalem sil Ik myn namme befêstigje. 5Hy lykwols boude alters foar it hiele himelhear yn beide foarhôven fan it hûs fan de Heare. 6Hy liet syn soan de fjoerwijing ûndergean, joech him ôf mei tsjoenderij en wiersizzerij, stelde guon as geastebeswarders en wiersizzers oan. Hy die in bulte dingen, dy’t de Heare net hawwe woe en terge Him dêrmei. 7Hy sette sels in byld fan Asjeara, dat er makke hie, yn it hûs, dêr’t de Heare fan sein hie tsjin David en syn soan Salomo: Dit hûs en dit Jeruzalem, dat ik út alle stammen fan Israel útkard haw, sil Ik myn namme foar altyd oan ferbine. 8Ik sil de foet fan Israel net omdoarmje litte fier fan ’e grûn dy’t Ik har foarfaars jûn haw, as hja mar flitich dogge al wat Ik har hjitten haw en de hiele wet dy’t myn tsjinner Mozes har opdroegen hat. 9Mar se harken net en Manasse sleepte har mei yn it kwea, slimmer kwea as de folken dien hawwe, dy’t de Heare foar de eagen fan Israel ferdylge hie.
10Doe spriek de Heare troch syn tsjinners, de profeten: 11Omdat kening Manasse fan Juda dizze groulike dingen dien hat, slimmer as alles wat de Amoriten hjir foar him dien hawwe en omdat er Juda troch syn skandlike ôfgoaden sûndigje litten hat, 12dêrom hat de Heare, de God fan Israel, sein: Ik sil in ûnheil oer Jeruzalem en Juda komme litte, dêr’t elk dy’t it heart, de beide earen fan sûzje sille. 13Ik lûk it mjitsnoer oer Jeruzalem, lykas destiids oer Samaria en it sjitlead, lykas oer it hûs fan Achab. Ik sil Jeruzalem leechfeie, sa’t se in skûtel leechfeie en as se him omfage hawwe, lizze se him op ’e kop. 14Wat der noch fan myn erfdiel oer is, sil Ik ferstjitte en yn ’e macht fan har fijannen jaan, dat se roof en bút foar al har fijannen wurde. 15Dat komt, omdat se dien hawwe wat Ik ferkeard achtsje en omdat se My al terge hawwe fan ’e dei ôf, dat har foarfaars út Egypte wei gongen, oan hjoed-de-dei ta. 16Manasse hat ek safolle ûnskuldich bloed fergetten, dat er dêr Jeruzalem fan de iene ein oant de oare fol mei makke hat, bûten de sûnden dêr’t er Juda ta brocht troch te dwaan, wat de Heare net hawwe woe.
17It fierdere fan ’e skiednis fan Manasse, alles wat er dien hat en de sûnden dy’t er bedreaun hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 18Manasse is rêst mei syn foarfaars en hy waard begroeven yn it famyljehôf, it hôf fan Oezza. En syn soan Amon folge him op.
Amon fan Juda
19Amon wie twaëntweintich jier, doe’t er oan it regear kaam en hy hat twa jier te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Mesûllêmet, in dochter fan Charûz; hja kaam út Jotba. 20Hy die, wat de Heare ferkeard achtet, lykas syn heit Manasse dien hie. 21Hy libbe alhiel lykas syn heit dien hie, tsjinne de ôfgoaden dy’t syn heit tsjinne hie en bûgde him dêr foar del. 22Hy kearde de Heare, de God fan syn foarfaars de rêch ta, en gong de wei fan ’e Heare net. 23De tsjinners fan Amon spanden tsjin him gear en makken him dea yn syn eigen paleis. 24De lânadel sloech doe alle minsken dea, dy’t tsjin kening Amon gearspand hienen, en it folk makke syn soan Josjía kening foar him yn ’t plak.
25It fierdere fan ’e skiednis fan Amon, wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. Se begroeven him yn ’e tún fan Oezza. En syn soan Josjía folge him op.