Hosjéa fan Israel
1Yn it tolfte jier fan kening Achaz fan Juda, waard Hosjéa, soan fan Ela, kening oer Israel te Samaria en hy hat njoggen jier regearre. 2Hy die oars as de Heare hawwe woe, alhoewol net sa slim as de keningen fan Israel foar him. 3Kening Salmanasser fan Assyrië triek tsjin him op en Hosjéa waard him tsjinstber en brocht him skatting op. 4Mar doe’t de kening fan Assyrië by Hosjéa in gearspanning ûntdiek en murk dat er boaden nei kening So fan Egypte stjoerd hie en net mear, lykas oare jierren, skatting oan ’e kening fan Assyrië opbrocht, naam de kening fan Assyrië him gefangen, sloech him yn ’e boeiens en sleat him op yn it tichthús. 5De kening fan Assyrië teach it hiele lân troch, triek op tsjin Samaria en belegere it trije jier lang. 6Yn it njoggende jier fan Hosjéa naam de kening fan Assyrië Samaria yn, hy fierde de Israeliten yn ballingskip en liet se yn Chalak oan ’e Chabor, de rivier fan Gosan, en yn ’e stêden fan Medië wenje.
De reden fan ’e ûndergong
7Dat is allegearre bard om ’t de Israeliten sûndige hienen tsjin de Heare, har God, dy’t har út Egypte weihelle hie ûnder de macht fan kening Farao fan Egypte wei, mar se hienen oare goaden tsjinne 8en libbe neffens de foarskriften fan ’e folken, dy’t de Heare foar Israel út dreaun hie en neffens soksoarte foarskriften as de keningen fan Israel ynsteld hienen. 9De Israeliten betochten dingen, dy’t de Heare, har God, sa net hawwe woe. Se bouden offerhichten yn al har wenplakken, by de wachttuorren likegoed as by de festingstêden. 10Wijde stiennen en wijde peallen hienen se oereinset op elke hege heuvel en ûnder elke griene beam. 11Op alle offerhichten hienen se offers brocht krekt as de folken, dy’t de Heare foar har út ferdreaun hie. 12Se hienen ferkearde dingen dien en dêr de Heare mei terge. Se hienen de ôfgoaden tsjinne, dêr’t de Heare har fan sein hie: Dat sille jimme net dwaan.
13Wol hie de Heare mei klam tsjin Israel en Juda troch alle profeten, alle sjenners sein: Kom fan jim ferkearde wegen werom en ûnderhâld myn geboaden en foarskriften neffens de hiele wet dy’t Ik jim foarfaars steld haw en dy’t Ik jim trochdien haw troch myn tsjinners, de profeten. 14Se hawwe net harke, mar se hawwe de stive kop derfoar hâlden, krekt as har foarfaars, dy’t ek net op ’e Heare, har God, betroud hawwe. 15Se woenen neat witte fan syn foarskriften, fan syn ferbûn dat Er mei har foarfaars sletten hie, fan syn warskôgings dy’t Er har mei klam jûn hie. Se wienen achter goaden-fan-neat oanrûn en binne dan ek teneate gien en achter de folken oan, dy’t om har hinne wennen, alhoewol’t de Heare har hjitten hie om net te dwaan lykas dy. 16Se hienen alle geboaden fan ’e Heare, har God, yn ’e wyn slein en harsels getten bylden makke, twa keallen. Se hienen har ek in wijde peal makke en har bûgd foar it hiele himelhear en wienen Baältsjinners wurden. 17Se hienen har soannen en dochters de fjoerwijing ûndergean litten, oan wiersizzen en tekenútlizzen dien, harsels ferkocht om te dwaan wat de Heare net hawwe woe en se hawwe Him dermei terge. 18Dêrom wie de Heare fergrime wurden op Israel en hie har by Him weireage. Der bleau neat oer as de stam fan Juda.
19Mar ek Juda hat de geboaden fan de Heare, har God, net ûnderhâlden. Se libben neffens de foarskriften fan Israel, dy’t dy sels makke hienen.
20Dêrom woe de Heare fan it hiele geslacht fan Israel neat mear witte. Hy hat har fernedere en yn ’e macht fan plonderers jûn, oant Er se alhiel by Him weireage hie. 21Want doe’t Er Israel fan it Davidshûs losskuord hie en doe’t se Jerobeäm, de soan fan Nebat, kening makke hienen, hat Jerobeäm Israel achter de Heare weilutsen en har slim ta sûnde brocht. 22Sûnt libben de Israeliten yn alle sûnden dy’t Jerobeäm bedreaun hie en wykten der net ôf, 23oant de Heare Israel by Him weireage, sa’t Er sein hie troch al syn tsjinners, de profeten, en Israel waard út syn lân yn ballingskip fierd nei Assyrië, oant no ta.
De Samaritanen as nije bewenners
24De kening fan Assyrië helle minsken út Babel, Kûta, Awwa, Hamat en Sefarvaïm en liet se wenje yn ’e stêden fan Samaria yn it plak fan ’e Israeliten. Sa namen dy Samaria yn besit en setten har nei wenjen yn syn stêden. 25Doe’t se dêr earst wennen, ferearen se de Heare net. Dêrom stjoerde de Heare liuwen op har ôf, dy’t guon fan harren deamakken. 26Doe seinen se tsjin ’e kening fan Assyrië: De folken dy’t jo fuortfierd en wenje litten hawwe yn ’e stêden fan Samaria, kenne de regel fan de God fan it lân net. Dêrom hat er liuwen op har ôfstjoerd en sjoch, dy hawwe har deamakke om’t hja de regel fan ’e God fan it lân net koenen.
27Doe joech de kening fan Assyrië de opdracht: Lit der ien fan ’e prysters hinnegean, dy’t jim dêr weifierd hawwe. Lit dy dêrhinne gean te wenjen en har de regel fan de God fan it lân leare. 28Sa is dêr ien fan ’e prysters kommen, dy’t se út Samaria weifierd hienen. Hy sette him dêr nei wenjen te Bet-El en learde har, hoe’t hja de Heare ferearje koenen.
29Dêrneist makke elk folk syn eigen goaden en joech dy plak yn in timpel op ’e offerhichten, dy’t de Samaritanen makke hienen, elk folk foar himsels yn ’e stêden dy’t se bewennen. 30De minsken út Babel makken in Sûkkot-Benot-byld, de minsken út Kûta in Nergal-byld, de minsken út Chamat in Azima-byld, 31de Awwiten in Nibchas-byld en in Tartak-byld. De Sefarviten ferbaarnden har bern foar Anamêlek en Andramêlek, de goaden fan Sefarvaïm. 32Dêrneist ferearen se de Heare ek en stelden út alle hoeken en hernen wei prysters foar de offerhichten oan, dy’t foar harren de timpeltsjinst dienen op ’e hichten. 33Se ferearen de Heare en se tsjinnen har eigen goaden neffens de regel fan ’e folken dêr’t se har út weihelle hienen.
34Oan hjoed-de-dei ta dogge se neffens de âlde regels. Se ferearje de Heare net echt, se dogge net de foarskriften, de regels, de wet en it gebod, dy’t de Heare opdroegen hie oan ’e soannen fan Jakob, dy’t Er de namme Israel jûn hie. 35Mei harren hie de Heare in ferbûn makke en harren hie Er opdroegen: Jimme sille gjin oare goaden ferearje, net foar har bûge, har net tsjinje en offerje. 36Mar de Heare dy’t jim út Egypte weihelle hat mei grutte krêft en in sterke earm, dy moatte jim ferearje, dêr moatte jim foar bûge en oan Him moatte jim offerje. 37De foarskriften en regels, de wet en it gebod, dy’t Hy jim foarskreaun hat, dêr moatte jim sekuer acht op jaan, dei op dei. 38It ferbûn, dat Ik mei jim makke haw, sille jim net ferjitte en oare goaden sille jim net ferearje. 39Mar de Heare, jimme God, sille jim ferearje; dan sil Hy jim rêde út ’e macht fan al jimme fijannen. 40Lykwols se hawwe net harke, mar dogge noch altyd neffens de âlde regels. 41Sa ferearen dy folken de Heare en tsjinnen tagelyk har bylden. Ek har bern en bernsbern dogge oan hjoed-de-dei ta lykas har foarfaars dien hawwe.