Azarja fan Juda
1Yn it sânentweintichste jier fan kening Jerobeäm fan Israel waard Azarja, de soan fan kening Amasja fan Juda, kening. 2Hy wie sechstjin jier, doe’t er oan it regear kaam en hat twaënfyftich jier regearre te Jeruzalem. Syn mem hiet Jekolja en hja kaam fan Jeruzalem. 3Hy die sa’t de Heare it hawwe woe, alhiel lykas syn heit Amasja. 4Allinnich de offerhichten waarden net sljochte. Noch altyd slachte en offere it folk op ’e offerhichten. 5De Heare rekke de kening, dat er oan syn stjerdei ta melaatsk wie; dêrom wenne hy yn ôfsûndering en de kening syn soan Jotam gong oer it paleis en bestjoerde folk en lân.
6It fierdere fan ’e skiednis fan Azarja, alles wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 7Azarja is rêst mei syn foarfaars. Yn ’e Davidsstêd begroeven se him by syn foarfaars en syn soan Jotam folge him op.
Sekarja fan Israel
8Yn it achtentritichste jier fan kening Azarja fan Juda waard Sekarja, de soan fan Jerobeäm, kening oer Israel te Samaria en hy hat seis moanne regearre. 9Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe, lykas syn foarfaars dien hawwe. Hy wykte net ôf fan ’e sûnden, dêr’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel ta brocht hie. 10Sjallûm, de soan fan Jabesj, makke in gearspanning tsjin him en deade him, dêr’t elk by wie en waard sels kening foar him yn ’t plak.
11It fierdere fan ’e skiednis fan Sekarja stiet beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 12Sa hie ommers it wurd fan de Heare west tsjin Jehû: Oan it fjirde geslacht ta sille dyn soannen op ’e troan fan Israel sitte. Sa is it ek bard.
Sjallûm fan Israel
13Sjallûm,de soan fan Jabesj, waard kening yn it njoggenentritichste jier fan kening Oezzia fan Juda. Hy hat krekt in moanne te Samaria regearre. 14Menachem, de soan fan Gady út Tirsa, triek op en kaam te Samaria. Hy sloech Sjallûm, de soan fan Jabesj, te Samaria dea en waard sels kening foar him yn ’t plak.
15It fierdere fan ’e skiednis fan Sjallûm, de gearspanning dy’t er makke hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 16It wie doe, dat Menachem Tifsach fersloech mei al wat deryn wie en it gebiet dat derby hearde, want se hienen de poarte net iependien. Hy fersloech it en alle froulju dy’t swier wienen, liet er iepensnije.
Menachem fan Israel
17Yn it njoggenentritichste jier fan kening Azarja fan Juda waard Menachem, de soan fan Gady, kening oer Israel en hy regearre tsien jier te Samaria. 18Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe. Hy wykte al syn libbensdagen net ôf fan ’e sûnden, dêr’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel ta brocht hie. 19Kening Pûl fan Assyrië die in ynfal yn it lân. Menachem joech Pûl tûzen talinten sulver om him op syn hân te krijen, dat er it keningskip fêst yn hannen hâlde koe. 20Menachem frege dat bedrach op by alle minsken mei jild yn Israel, om de kening fan Assyrië betelje te kinnen: fyftich sikkels sulver de man. Sadwaande is de kening fan Assyrië weromgien en net yn it lân bleaun.
21It fierdere fan ’e skiednis fan Menachem, wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 22Menachem is rêst mei syn foarfaars en syn soan Pekachja folge him op.
Pekachja fan Israel
23Yn it fyftichste jier fan kening Azarja fan Juda waard Pekachja, de soan fan Menachem, kening oer Israel te Samaria en hy hat twa jier regearre. 24Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe. Hy wykte net ôf fan ’e sûnden, dy’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel bedriuwe liet. 25Syn adjudant, Pêkach, de soan fan Remalja, makke in gearspanning tsjin him en sloech him dea te Samaria yn ’e stins fan it paleis, hy en Argob en Arjé, mei help fan fyftich man út Gileäd. Nei’t er him deade hie, waard er sels kening foar him yn ’t plak.
26It fierdere fan ’e skiednis fan Pekachja, alles wat er dien hat, sjoch, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel.
Pêkach fan Israel
27Yn it twaënfyftichste jier fan kening Azarja fan Juda, waard Pêkach, de soan fan Remalja, kening oer Israel te Samaria. Hy hat tweintich jier regearre. 28Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe. Hy wykte net ôf fan ’e sûnden, dêr’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel ta brocht hie.
29Yn ’e dagen fan kening Pêkach fan Israel kaam kening Tiglat-Pilêser fan Assyrië opsetten en naam Ijjon, Abel-Bet-Maäka, Janoäch, Kêdesj en Hazor, Gileäd en Galiléa, it hiele lân fan Naftaly. De befolking fierde er yn ballingskip nei Assyrië. 30Hosjéa, soan fan Ela, makke in gearspanning tsjin Pêkach, de soan fan Remalja. Hy sloech him dea en waard sels kening foar him yn ’t plak yn it tweintichste jier fan Jotam, de soan fan Oezzia.
31It fierdere fan ’e skiednis fan Pêkach, alles wat er dien hat, sjoch, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel.
Jotam fan Juda
32Yn it twadde jier fan kening Pêkach fan Israel, de soan fan Remalja, waard Jotam, de soan fan kening Oezzia fan Juda, kening. 33Hy wie fiifentweintich jier, doe’t er oan it regear kaam en hy hat sechstjin jier regearre te Jeruzalem. Syn mem hiet Jerûsa en wie in dochter fan Sadok. 34Hy die, sa’t de Heare it hawwe woe, alhiel lykas syn heit Oezzia dien hie. 35Allinnich de offerhichten waarden net sljochte. Noch altyd slachte en offere it folk op ’e offerhichten. Hy wie de man dy’t de Boppepoarte fan it hûs fan de Heare boud hat.
36It fierdere fan ’e skiednis fan Jotam, alles wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 37Yn dy dagen begûn de Heare kening Resin fan Aram en Pêkach, soan fan Remalja, op Juda los te litten. 38Jotam is rêst mei syn foarfaars en waard by syn foarfaars begroeven yn ’e Davidsstêd. Syn soan Achaz folge him op.