Amasja fan Juda
1Yn it twadde jier fan Joäsj, de soan fan kening Joächaz fan Israel, waard Amasja kening, de soan fan kening Joäsj fan Juda. 2Hy wie fiifentweintich jier, doe’t er oan it regear kaam en hy hat njoggenentweintich jier regearre te Jeruzalem. Syn mem hiet Joäddan en kaam fan Jeruzalem. 3Hy die sa’t de Heare it hawwe woe, mar dochs net lykas syn foarfaar David. Hy die alhiel lykas syn heit Joäsj dien hie. 4Allinnich de offerhichten waarden net sljochte. Noch altyd slachte en offere it folk op ’e offerhichten. 5Sadree’t er it keningskip fêst yn hannen hie, makke er de tsjinners dy’t syn heit, de eardere kening, fermoarde hienen, fan kant. 6De bern fan ’e moardners lykwols makke er net dea, sa’t it op befel fan de Heare yn it wetboek fan Mozes, foarskreaun stiet: De heit sil net deade wurde om ’e bern en de bern net om ’e heit, mar elk sil om syn eigen sûnden deade wurde.
7Hy fersloech de Edomiten yn ’e Sâltdelling, 10.000 man, en nei’t er al stridendewei de Rotsstins ynnommen hie, joech er dy de namme Jokteël, sa’t it hjoed-de-dei noch is.
8Doe wie it, dat Amasja boaden stjoerde nei Joäsj, de soan fan Joächaz, de soan fan Jehû, de kening fan Israel, mei de wurden: Kom op, lit ús ris sjen, wa’t it sterkst is. 9Mar kening Joäsj fan Israel, stjoerde oan kening Amasja fan Juda, dit antwurd: De stikel op ’e Libanon die de seder op ’e Libanon it útstel: Jou jo dochter ta frou oan myn soan. Doe kamen alle dieren út it fjild fan ’e Libanon foarby en fertrapen de stikel. 10Jo hawwe Edom hielendal ferslein en no drage jo it hert tige heech. Hâld de eare oan josels en bliuw thús. Wêrom soenen jo it ûnheil útdaagje, dat jo yn ’e nederklits komme, jo en Juda derby?
11Mar Amasja woe net harkje. Doe kaam kening Joäsj fan Israel opsetten en se fochten it út by Betsjêmes yn Juda, hy en kening Amasja fan Juda. 12Juda waard troch Israel ferslein en hja flechten allegearre nei hûs. 13Nei’t kening Joäsj fan Israel, kening Amasja fan Juda, de soan fan Joäsj, de soan fan Achazja, te Betsjêmes gefangen nommen hie, kaam er te Jeruzalem. Dêr briek er hûndert jellen muorre fan Jeruzalem ôf, fan ’e Efraïmpoarte ôf oan ’e Hoekpoarte ta. 14Hy naam alle gouden sulverark mei, dat yn ’e timpel en yn ’e skatkeamers fan it paleis te finen wie en gizelers derby, en gong werom nei Samaria.
15It fierdere fan ’e skiednis fan Joäsj, wat er dien hat, syn dappere dieden, hoe’t er tsjin kening Amasja fan Juda fochten hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 16Joäsj is rêst mei syn foarfaars en waard te Samaria begroeven by de keningen fan Israel. Syn soan Jerobeäm folge him op. 17Amasja, de soan fan Joäsj, de kening fan Juda, libbe nei de dea fan Joäsj, de soan fan Joächaz, de kening fan Israel, noch fyftjin jier.
18It fierdere fan ’e skiednis fan Amasja, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 19Se hawwe in gearspanning tsjin him makke te Jeruzalem en hy flechte nei Lakisj. Mar se stjoerden mannen achter him oan nei Lakisj en makken him dêr dea. 20Se brochten him derwei op in hynder en hy waard te Jeruzalem by syn foarfaars yn ’e Davidsstêd begroeven. 21It hiele folk fan Juda naam Azarja – hy wie sechstjin jier – en makke him kening foar syn heit Amasja yn ’t plak. 22Hy is it, dy’t Elat opboude en by Juda werom brocht, fuort nei’t de eardere kening rêst wie mei syn foarfaars.
Jerobeäm 11 fan Israel
23Yn it fyftjinde jier fan Amasja, de soan fan Joäsj, de kening fan Juda, waard Jerobeäm, de soan fan kening Joäsj fan Israel, kening te Samaria en hy hat ienenfjirtich jier regearre. 24Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe. Hy wykte net ôf fan alle sûnden, dêr’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel ta brocht hie. 25Hy ferovere it gebiet fan Israel wer, fan ’e yngong nei Hamat ôf oan ’e see fan ’e flakte ta, sa’t it wurd fan de Heare, de God fan Israel wie, dat Er sprutsen hie troch syn tsjinner Jona, de soan fan Amittai, de profeet út Gat-Chefer. 26De Heare hie ommers sjoen, dat de ellinde fan Israel bitter wie, och sa slim, dat heech en leech oan ’e ein wienen en dat der foar Israel gjin helper wie. 27De Heare hie net sein dat Er de namme fan Israel alhiel útfeie soe ûnder de himel. Sa hat Er har dus rêden troch Jerobeäm, de soan fan Joäsj.
28It fierdere fan ’e skiednis fan Jerobeäm, alles dat er dien hat, syn dappere dieden, hoe’t er fochten hat, hoe’t er Damaskus en Hamat – (foarsafier it ienris) fan Juda (wie) – oan Israel werom brocht hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 29Jerobeäm is rêst mei syn foarfaars, de keningen fan Israel, en syn soan Sekarja folge him op.