Joäsj fan Juda
1Joäsj wie sân jier doe’t er kening waard. 2Joäsj waard kening yn it sânde jier fan Jehû en fjirtich jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Sibja en kaam fan Beër-Sjêba. 3Salang pryster Jojada him oanwizings joech, die Joäsj sa’t de Heare it hawwe woe. 4Allinnich, de offerhichten waarden net sljochte. Noch altyd slachte en offere it folk op ’e offerhichten. 5Joäsj joech opdracht oan ’e prysters, dat al wat der oan jild ûnder ’e hillige jeften yn it hûs fan ’e Heare brocht waard, it gewoane jild dêr’t elk foar oanslein wie en al wat der frijwillich yn it hûs fan ’e Heare brocht waard, 6dat mochten de prysters, elk fan syn kunde, yn ûntfangst nimme. Dêr moasten se de timpel dan ek fan opknappe, oeral dêr’t it brekfallich wie.
7Mar yn it trijentweintichste jier fan kening Joäsj hiene de prysters it brekfallige fan it hûs noch net makke. 8Doe liet kening Joäsj pryster Jojada en de oare prysters roppe en sei tsjin har: Wêrom knappe jim it brekfallige fan ’e timpel net op? No meie jimme (foar jimsels) gjin jild mear yn ûntfangst nimme fan jimme kunde, jim moatte it ôfdrage foar it brekfallige fan ’e timpel. 9De prysters kamen oerien, dat se foar harsels gjin jild mear fan it folk yn ûntfangst nimme soenen, mar dat se sels de brekken fan ’e timpel ek net mear hoegden te meitsjen.
10Doe naam pryster Jojada in kiste, boarre in gat yn it lid en sette him rjochts fan it alter, as immen it hûs fan ’e Heare yngiet. Dêr dienen dan de prysters, dy’t de drompelwacht hienen, alle jild yn, dat yn it hûs fan ’e Heare brocht waard. 11En as hja fernamen, dat der in soad jild yn ’e kiste wie, dan kaam de skriuwer fan ’e kening mei de hegepryster; dy dienen it jild dat yn it hûs fan de Heare ynbard wie, yn pongen en woegen it. 12Dan joegen se it ôfwoegen jild yn hannen fan ’e opsichters dy’t oer it hûs fan ’e Heare oansteld wienen, en dy betellen it út oan ’e timmerlju en de oare boufaklju, de mitselders en stienhouwers, dy’t oan it wurk wienen by it hûs fan ’e Heare. 13Ek brûkten se it om hout en houde stien te keapjen, om it hûs op te knappen en foar al wat fierder útjûn waard om it hûs te fernijen. 14Fan it jild dat yn it hûs fan ’e Heare brocht waard, binne dus gjin sulveren skûtels, messen, offerskalen, trompetten of hokfoar gouden of sulveren dingen foar it hûs fan ’e Heare makke. 15Se joegen it ommers oan ’e opsichters fan it wurk om dêr it hûs fan ’e Heare mei op te knappen. 16Se hâlden ek net wer ôfrekkening mei de mannen dy’t se it jild yn hannen joegen om dêr de arbeiders fan te beteljen, want se hannelen yn goed fertrouwen. 17It jild fan ’e skuldoffers en sûnde-offers kaam net yn it hûs fan ’e Heare. Dat wie foar de prysters.
18Destiids gong kening Hazaël fan Aram, de striid oan tsjin Gat en naam it yn en doe’t Hazaël yn ’e wille wie om Jeruzalem oan te fallen, 19naam kening Joäsj fan Juda alle wijjeften, dy’t Josjafat, Joaram en Achazja, syn foarfaars, de keningen fan Juda, wijd hienen, mei syn eigen wijjeften en alle goud dat der te finen wie yn ’e skatkeamers fan ’e timpel en it paleis en hy stjoerde dat oan kening Hazaël fan Aram, dat dy sette wer ôf, foar Jeruzalem wei.
20It fierdere fan ’e skiednis fan Joäsj, al wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 21Syn tsjinners hawwe har tarist om in gearspanning te meitsjen en hja sloegen Joäsj dea yn it hûs fan ’e Millo, it fort, dat op ’e ôfgeande wei nei Silla leit. 22Jozabad, de soan fan Simeät en Jozabad, de soan fan Somer, hawwe him nammentlik de deaslach jûn, dat er it bestoar. Se begroeven him by syn foarfaars yn ’e Davidsstêd. En syn soan Amasja folge him op.