De ein fan keninginne Atalja
1Doe’t Atalja, de mem fan Achazja, fernaam dat har soan dea wie, die se alle war om it keninklik geslacht om te bringen. 2Mar Josjêba, in dochter fan kening Joaram en in suster fan Achazja, helle Joäsj, de soan fan Achazja, mei syn fersoarchster stil by de prinsen wei, dy’t deamakke wurde soenen en brocht him nei it berchplak fan ’e bêden. Hja ferburgen him foar Atalja, dat er net deamakke waard. 3Hy is mei syn fersoarchster seis jier beskûl hâlden yn it hûs fan de Heare, salang as Atalja oer it lân regearre.
4Mar yn it sânde jier warskôge Jojada de oanfierders fan ’e hûndertskippen en fan ’e liifwacht, dy’t er by him komme liet yn it hûs fan de Heare. Hy sleat in ferbûn mei har en naam har in eed ôf yn it hûs fan de Heare. 5Doe liet er har de keningssoan sjen en joech harren dizze opdracht: Dit moatte jim dwaan. In tredde part fan jimme dy’t op sabbat tsjinst hawwe, moatte de wacht hâlde by it keninklik paleis, 6noch in tredde part stiet by de Sûrpoarte en it lêste tredde part by de poarte achter de garde. Hja hawwe om bar de timpelwacht. 7De oare beide ôfdielings fan jimme, dy’t de hiele sabbat frij hawwe, moatte no yn it hûs fan ’e Heare wacht hâlde by ús kening. 8Jimme moatte de kening tusken jimme yn nimme, elk mei de wapens yn ’e hân. Al wa’t tusken de rigen komt, moat deade wurde, mar bliuw jimme by de kening, wêr’t er ek hinnegiet.
9De oanfierders fan ’e hûndertskippen dienen krekt sa’t pryster Jojada it har opdroegen hie. Elk helle syn mannen op, dy’t op sabbat opkomme moasten en dy’t op sabbat ôflost wurde soenen. En se kamen by pryster Jojada. 10De pryster joech de oanfierders de spearen en skylden fan David, dy’t yn it hûs fan de Heare stienen. 11En de garde stelde him op, elk mei de wapens yn ’e hân, fan ’e rjochterside fan ’e timpel oant ’e linkerside, by it alter en by de timpel, om de kening hinne. 12Doe brocht er de keningssoan nei bûten, sette him de kroan op en joech him de oarkunde. Sa rôpen se him ta kening út, salven him, klapten yn ’e hannen en rôpen: Lang mei de kening libje!
13Doe’t Atalja it roppen fan ’e garde en fan it folk hearde, gong se nei it folk yn ’e timpel. 14Dêr seach se dan de kening stean op de ferheging, sa’t it wenst wie, de oanfierders en trompetters by de kening. En de hiele lânadel wie bliid en se bliezen op ’e trompetten. Doe skuorde Atalja har klean stikken en rôp: Ferrie, ferrie!
15Doe joech pryster Jojada de oanfierders fan ’e hûndertskippen, de legerkommandanten, it befel: Bring har fuort, tusken de rigen troch nei bûten en deadzje mei it swurd elk dy’t har folget. Want de pryster hie sein: Se mei net yn ’e timpel deade wurde. 16Se griepen har fêst en doe’t se troch de hynstepoarte fan it keninklik paleis kommen wie, waard se dêr deade.
17Doe makke Jojada in ferbûn tusken de Heare en de kening en it folk, dat se wer folk fan de Heare wêze soenen. En krektsa tusken de kening en it folk. 18De hiele lânadel gong nei de timpel fan Baäl en se brieken dy ôf, de Baäl-alters en – bylden sloegen se yn gruzels en Mattan, de Baäl-pryster, sloegen se dea, lyk foar de alters. En de pryster sette wachtposten foar de timpel fan de Heare. 19Dêrnei naam er de oanfierders fan ’e hûndertskippen, de garde en de hiele lânadel mei. Se brochten de kening út ’e timpel en kamen troch de poarte fan ’e garde yn it keninklik paleis en hy gong op ’e keningstroan sitten. 20De hiele lânadel wie bliid en yn ’e stêd bleau it rêstich, nei’t se Atalja om hals brocht hienen yn it keninklik paleis.