1Moäb hat him nei de dea fan Achab fan Israel ûnôfhinklik makke.
Elía en kening Achazja
2Doe’t Achazja te Samaria troch it traaljewurk fan syn boppeseal fallen wie en siik lei, stjoerde er boaden út mei de opdracht: Gean nei Baäl-Sebûb, de God fan Ekron, en freegje oft ik fan dizze sykte wol wer better wurde sil. 3Mar de ingel fan de Heare sei tsjin Elía fan Tisbé: Jou dy op, gean de boaden fan ’e kening fan Samaria temjitte en sis tsjin har: Is der faaks yn Israel gjin God, dat jimme nei Baäl-Sebûb geane te freegjen? 4Dêrom seit de Heare: It bêd, dêr’t jo op lizze, sille jo net wer ôfkomme, mar jo sille wis stjerre. En Elía gong fuort.
5Doe’t de boaden by de kening werom kamen, sei er tsjin har: Hoe komme jim sa gau werom? 6Se seinen tsjin him: In man kaam ús temjitte en sei tsjin ús: Jou jim op en gean werom nei de kening, dy’t jim stjoerd hat en sis tsjin him: Dit hat de Heare te sizzen: Is der faaks gjin God yn Israel, dat jim nei Baäl-Sebûb, de god fan Ekron, geane te freegjen? Dêrom sille jo net wer fan it bêd ôfkomme, dêr’t jo op lizze, mar jo sille wis stjerre. 7Hy frege har: Hoe seach dy man derút, dy’t jim temjitte kaam en soks tsjin jimme sei? 8Se seinen tsjin him: It wie in man mei in rûge mantel oan en in learen gurle om ’e mul. Doe sei er: Dat is Elía fan Tisbé.
9Hy stjoerde in offisier mei syn fyftich man op him ôf. Dy klom omheech nei Elía ta, dy’t op ’e top fan in berch siet en sei tsjin him: Godsman, de kening seit: Kom del! 10Elía antwurde de offisier: As ik in godsman bin, dan mei der fjoer fan ’e himel delkomme en jo mei jo fyftich man fertarre. Doe kaam der fjoer fan ’e himel en fertarde him mei syn fyftich man.
11De kening stjoerde nochris in offisier mei syn fyftich man op him ôf. Dy naam it wurd en sei tsjin him: Godsman, daliks delkomme, seit de kening. 12Elía antwurde en sei: As ik in godsman bin, dan mei der fjoer fan ’e himel delkomme en jo mei jo fyftich man fertarre. Doe kaam it fjoer fan God fan ’e himel del en fertarde him mei syn fyftich man.
13En wer stjoerde er in tredde offisier mei syn fyftich man. Dy tredde offisier klom omheech nei him ta, kaam tichterby en gong foar Elía op ’e knibbels lizzen. Hy smeke him en sei: Godsman, lit myn libben en it libben fan dizze tsjinners fan jo dochs kostber yn jo eagen wêze. 14Niis is der fjoer fan ’e himel delkommen en hat de earste twa offisieren mei har fyftich man fertard. Lit no myn libben kostber wêze yn jo eagen.
15Doe sei de ingel fan ’e Heare tsjin Elía: Kom del, gean mei him en wês net bang fan him. Hy kaam oerein en gong mei him nei ûnderen, nei de kening en sei doe tsjin him: 16Dit hat de Heare te sizzen: Omdat jo boaden stjoerd hawwe om Baäl-Sebûb, de god fan Ekron, te freegjen, – is der faaks yn Israel gjin God, waans wurd jo freegje kinne? – dêrom sille jo net wer fan it bêd ôfkomme, dêr’t jo op lizze, mar jo sille wis stjerre. 17En sa is er stoarn, krekt sa’t de Heare troch Elía sein hie en om’t er sels gjin soan hie, folge syn broer Joaram him op. Dat wie yn it twadde jier fan kening Joaram fan Juda, de soan fan Josjafat. 18It fierdere fan ’e skiednis fan Achazja, wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel.