2 Johannes 1
Oanhef en groetnis
1Dit skriuw ik, de âldste, oan ’e útkarde frou en oan har bern, dy’t ik oprjocht leafhaw, en ik net allinne, mar allegearre dy’t de wierheid kennen leard hawwe, 2om de wierheid dy’t yn ús wennet, en by ús bliuwe sil oant yn ivichheid. 3By ús sil wêze genede, barmhertichheid en frede fan God de Heit, en fan Jezus Kristus, de Soan fan ’e Heit, yn wierheid en leafde.
Wierheid en leafde
4It hat my tige goed dien, dat ik bern fan jo troffen haw, dy’t út ’e wierheid libje, sa’t de Heit ús dat opdroegen hat. 5En no freegje ik jo, frou – net dat ik in nij gebod skriuwe wol, mar ien dat wy al fan it begjin ôf hân hawwe – dat wy inoar leafhawwe sille. 6Dit is leafde: dat wy libje nei syn geboaden; dat is it gebod, lykas jimme it fan it begjin ôf heard hawwe, om der nei te libjen.
Nim jim te wacht foar de ferlieders
7Der binne ommers safolle ferlieders de wrâld yn tein, dy’t net meistimme dat Jezus Kristus as minske fan fleis en bloed op ’e wrâld kommen is; dat is de ferlieder en de anty-Kristus. 8Nim jimme te wacht, dat jimme net kwytreitsje wat wy beskrept hawwe, mar it folle lean barre meie. 9Elk dy’t te fier giet en net bliuwt by de leare fan Kristus, hat gjin bân mei God. Dy’t al by dy leare bliuwt, hat wol in bân mei de Heit èn mei de Soan. 10As der ien by jimme komt en dizze leare net bringt, nim him net yn ’e hûs, en begroetsje him net. 11Want ien dy’t him begroetet, hat skuld mei oan syn ûndogenske dieden.
Ta beslút
12No soe ik jimme noch hiel wat skriuwe kinne, mar ik wol dat net mei papier en inket dwaan; nee, ik hoopje by jimme te kommen en persoanlik mei jimme te praten. Wat sille wy dan bliid wêze. 13De groetenis fan ’e bern fan jo útkarde suster.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap