Hâlding foar de gemeenteleden oer
1Fal net út tsjin in man op jierren, mar fermoanje him as wie it jim heit. Fermoanje jonge mannen as wienen it dyn bruorren, 2âldere froulju as memmen, jongere as susters, yn alle foechsumens.
3Underhâld de widdowen dy’t lykme-allinne yn ’e wrâld steane. 4Mar hat in widdo bern of bernsbern, lit dy dan alderearst leare om berneleafde oan har eigen famylje te betoanen en sa har mem en beppe te fergoedzjen, wat se fan har krige hawwe, want sa mei God it lije.
5Dy’t no wierliken widdo is en lykme-allinne oerbleaun, dy hat har hope op God set en hâldt by nacht en by dei oan mei smeekjen en bidden. 6Mar dy’t weelderich libbet, is by ’t libben al dea. 7Ek dat moatsto harren ynskerpje, dat der sa neat op har te sizzen wêze mei. 8As ien lykwols gjin noed stiet fan syn eigen famylje en net iens fan syn eigen húsgenoaten, dy hat it leauwen deroan jûn en is minder as ien dy’t net leaut. 9In frou mei as widdo op ’e list set wurde, as se net ûnder de sechstich is, oan ien man trou west hat, 10en bekend stiet om har goede dieden; as se bern grutbrocht hat, gastfrijheid bewiisd, mei-kristenen de fuotten wosken, minsken yn swierrichheden holpen, har op alle goed wurk útlein hat. 11Mar set jongere widdowen net op ’e list. Want as har natuerlike begearten har fan dizze tsjinst oan Kristus ôflûke, wolle se wer trouwe; 12dan meitsje se har skuldich, om’t se har eardere belofte fan trou brutsen hawwe. 13Tagelyk wenne se der ek ta om loailiddich te wêzen mei de huzen bylâns te gean. Ja, net allinne binne se loailiddich, mar se rabje ek, reagje oeral yn om en prate oer dingen dy’t gjin pas jouwe. 14Ik wol dêrom dat de jongeren wer trouwe, bern krije, de húshâlding bestjoere en sa de tsjinstanners gjin kâns jouwe om ús min te meitsjen. 15Want guon binne al fan it goede paad ôfdwaald, achter de satan oan. 16As in frou dy’t leaut widdowen op ’e noed hat, moat se dêr foar soargje en moat de gemeente dêr net mei belêste wurde. Dy kin dan foar de echte widdowen soargje.
17De âldsten dy’t goede lieding jouwe, moatte dûbel beleanne wurde, benammen dy’t har wurk dogge mei preekjen en ûnderrjocht. 18Want de Skrift seit: Do silst in okse as er tersket, de bek net tichtbine, en: De arbeider komt syn lean ta. 19In oanklacht tsjin in âldste moatsto net oannimme, of der moatte twa of trije getugen by west hawwe. 20Bestraf de âldsten dy’t sûndigje yn it bywêzen fan allegearre, dat ek de oaren der in ôfskrik fan krije. 21Ik beswar dy foar God en Kristus Jezus en de útkeazen ingels: hâld dy oan dy opdracht, sûnder foaroardiel en sûnder ien foar te lûken. 22Wês net te hastich mei ien de hannen op te lizzen en wês net handiedich oan oarmans sûnden. Hâld dysels rein.
23Drink net langer klearebare wetter, mar brûk der wat wyn by foar dyn mage, omdatsto gauris net goed bist.
24Fan guon minsken binne de sûnden sa dúdlik, dat se geane foar har op nei de rjochtbank, by oaren komme se achternei. 25Krektsa binne de goede dieden dúdlik, en dêr’t it oars mei stiet, dy kinne op ’en doer dochs net ferburgen bliuwe.