Skriuwer, adres, groetenis
1Fan Paulus, apostel fan Kristus Jezus yn opdracht fan God, ús Ferlosser, en fan Jezus Kristus, ús hope, 2oan Timóteüs, myn echte soan yn it leauwen: genede, barmhertichheid en frede mei dy jûn wurde fan God de Heit en fan Jezus Kristus ús Hear.
Warskôging tsjin dwaallear
3Ik kom nochris op wat ik dy frege haw doe’t ik nei Masedoanië reizge: bliuw yn Efeze om guon minsken te ferbieden dat se wat oars leare as wy, 4en dat se har ophâlde mei fabels en stamlisten sûnder ein, want dy liede earder ta strideraasjes as dat se de gemeente opbringe yn it leauwen sa’t God dat wol. 5It doel fan wat God opleit, is leafde út in suver herte, in goed gewisse en in oprjocht leauwen. 6Guon binne dêr fan ôfwykt en hawwe har ôfjûn mei praat-fan-neat. 7Se wolle wetlearaars wêze, mar begripe sels net iens wat se sizze en wêr’t se sa wis oer prate.
8De wet is goed, dêr binne wy it wol oer iens. Mar dan moat er ek brûkt wurde sa’t it heart. 9Der moat om tocht wurde, dat de wet der net is foar de rjochtfeardige mar foar wetteleazen en rebellen, foar goddeleazen en sûnders, foar ûnhilligen en skeinders fan it hillige, heite- en memmemoardners, foar deaslaggers, 10foar huorrejagers, jongesskeinders, minskehandlers, leageners, swarders fan falske eden, of foar har dy’t wat oars dogge dat tsjin ’e sûne lear yngiet. 11Dêr binne wy wis fan neffens it bliid boadskip, dat sprekt fan ’e hearlikheid fan de sillige God, en dat my tabetroud is.
Tank foar Gods genede
12Kristus Jezus, ús Hear, bin ik tankber: Hy hat my krêft jûn, betrouwen yn my steld en my by Him yn tsjinst nommen, 13al haw ik Him eartiids lastere en al haw ik in ferfolger en in wreden hont west. Mar my mocht barmhertichheid barre, om’t ik, ûnleauwich as ik wie, net wist wat ik die. 14Ja, de genede fan ús Hear is my yn oerfloed jûn, en dêrmei leauwen en leafde yn ’e mienskip mei Kristus Jezus.
15Dit is in wier wurd en folslein oannimlik: Kristus Jezus is yn ’e wrâld kommen om sûnders te behâlden; en dêr bin ik de grutste fan. 16Mar dêrom krekt mocht my barmhertichheid barre, dat Kristus Jezus yn my as earste syn hiele lankmoedigens sjen litte soe. Ik moast ommers in foarbyld wurde foar harren dy’t yn ’e takomst yn Him leauwe soenen en sadwaande ivich libben winne. 17Oan de Kening fan ’e ieuwen, de ûnfergonklike, ûnsjenbere, iennichste God, mei eare en gloarje wêze yn alle ivichheid. Amen.
18Dizze opdracht betrou ik dy ta, Timóteüs, myn jonge, neffens de profetewurden dy’t der earder oer dy útsprutsen binne. Striid mei dy stipe de grutte striid, 19wapene mei leauwen en in goed gewisse. Guon hawwe dat (goede gewisse) oer board smiten en dêrtroch skipbrek lit yn it leauwen. 20Under oaren Hymeneüs en Alexander, dy’t ik oan ’e satan oerjûn haw, dat se it lasterjen ôfleare meie.