1Oer oere en tiid, bruorren, hoege wy jimme net te skriuwen. 2Want jim witte sels skoan, dat de dei fan de Hear komt as in dief yn ’e nacht. 3Wannear’t de minsken sizze: It is allegearre frede en feilichheid, dan sil ynienen it ferdjer har oer ’t mad komme, lykas de fleagen in frou dy’t in bern ferwachtet, en se sille der wis net oan ûntkomme. 4Mar jimme, bruorren, libje net yn it tsjuster, dat jimme dy dei as in dief oerfalle soe. 5Want jimme hearre allegearre alhiel by it ljocht en by de dei. Wy hearre net by de nacht of by it tsjuster. 6Lit ús dêrom ek net sliepe lykas de oaren, mar lit ús wekker bliuwe en nochteren wêze. 7Dy’t sliepe, sliepe nachts en dy’t har bedrinke, binne nachts dronken. 8Lit ús, dy’t by de dei hearre, nochteren bliuwe. Lit ús as pânser leauwen en leafde oandwaan en as helm opsette de hope op behâld. 9Want God hat ús der net ta ornearre om syn grime te ûndergean, mar om it heil te winnen troch ús Hear Jezus Kristus. 10Dy is foar ús stoarn, dat wy, oft wy no by syn komst noch libje of al rêst binne, yn mienskip mei Him libje sille. 11Sprek dêrom elkoar moed yn en help inoar fierder, lykas jimme dat no ek al dogge.
Lêste fermoannings en groetenis
12Wy freegje jimme, bruorren, erken harren dy’t ûnder jimme sa warber binne, jimme lieding jouwe yn ’e namme fan de Hear en jimme te plak sette. 13Jimme moatte har wakkere heech hawwe en leaf hawwe om har wurk. Hâld frede ûnder elkoar.
14Wy steane der by jimme op oan: set har dy’t mar wat omstippe te plak, sprek de lytsmoedigen moed yn, stean noed fan ’e swakken, haw geduld mei alle minsken. 15Tink derom dat net ien kwea mei kwea leannet, mar wês der altiten op út om it goede te dwaan oan elkoar, ja oan alle minsken. 16Wês altiten bliid. 17Bid sûnder ophâlden. 18Tankje God ûnder alle omstannichheden, want dat freget God fan jimme, no’t jimme fan Kristus Jezus binne.
19Set gjin domper op de Geast. 20Ferachtsje it profetearjen net. 21Hifkje alles, hâld it goede. 22Mij it kwea, hoe’t it him ek foardocht.
23Hysels, de God dy’t frede jout, mei jimme alhielendal hilligje. Mei jimme hiele wêzen: geast, siele en lichem, sûnder wryt of slyt bewarre wêze as ús Hear Jezus Kristus komt. 24Hy dy’t jimme ropt, is trou: Hy docht wat Er seit. 25Bruorren, bid foar ús.
26Groetsje alle bruorren mei de fredegroet. 27Ik beswar jimme yn ’e namme fan de Hear: lit dizze brief oan alle bruorren foarlêze.
28De genede fan ús Hear Jezus Kristus wês mei jimme.