1 Tessaloníkers 1
Skriuwer, lêzers, groetenis
1Fan Paulus, Silvanus en Timóteüs. Oan ’e gemeente fan Tessaloníka, dy’t mei God de Heit en de Hear Jezus Kristus ferbûn is. Genede en frede mei jimme jûn wurde.
Leauwen en foarbyld fan ’e Tessaloníkers
2Wy tankje God aloan foar jimme allegearre, wannear’t wy oan jimme tinke yn ús gebedens. Sûnder ophâlden 3tinke wy der foar God ús Heit oan, hoe’t jimme jim leauwen yn ’e praktyk bringe, hoe’t jimme leafde jim ta dieden driuwt en hoe’t jimme hope op ús Hear Jezus Kristus fêst stiet. 4Wy witte, bruorren dy’t God leafhat, dat Hy jimme útkeazen hat. 5Want wy hawwe jimme it bliid boadskip net allinne mei wurden brocht, nee, ek mei krêft, mei de hillige Geast en mei folle oertsjûging. Jimme witte ommers, hoe’t wy ús by jimme hâlden en droegen hawwe: ta jimme bêst.
6En jimme hawwe ús foarbyld en dat fan de Hear neifolge. Jimme hawwe, al brocht dat gâns benearing mei, it wurd oannommen mei de blydskip dy’t de hillige Geast jout. 7Sa binne jimme in foarbyld wurden foar allegearre dy’t leauwe, yn Masedoanië en Acháje. 8Want it boadskip oer de Hear hat by jimme wei net allinne yn Masedoanië en Acháje klonken. Mar oeral is der fan jimme leauwen yn de Hear sa’n rop gien, dat wy hoege der neat mear fan te sizzen. 9Hja sels fertelle oer ús hoe’t wy by jimme ynhelle binne en hoe’t jimme jim fan ’e ôfgoaden bekeard hawwe ta God, om Him, de libbene en wiere God te tsjinjen, 10en om syn Soan út ’e himel te ferwachtsjen, dy’t Er út ’e deaden opwekke hat: Jezus, dy’t ús ferlost fan ’e bestraffing dy’t kommende weis is.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap