David en Jonatan wurde freonen
1Nei dat petear mei Saul fielde Jonatan in ynlike bân mei David en hy begûn fan him te hâlden as fan himsels. 2Dyselde deis naam Saul David mei en liet him net weromgean nei syn heite hûs. 3Jonatan sleat in ferbûn mei David, mei’t er fan him hâlde as fan himsels. 4Doe die Jonatan de mantel dy’t er oanhie, út en joech dy oan David, sa ek syn soldateklean mei swurd, bôge en gurle. 5David gong oeral derop út, dêr’t Saul him hinnestjoerde, en altyd rêde er it op. Dat doe’t Saul him oer it kriichsfolk sette, like dat it folk en ek de feinten fan Saul goed ta.
Sauls haat tsjin David
6By har thúskommen, doe’t David weromkaam nei it ferslaan fan ’e Filistyn, gongen de froulju fan alle stêden fan Israel derop út, kening Saul sjongend en yn ’e rige dûnsjend yn ’e mjitte mei trommen, feestlieten en triangels. 7Dy froulju songen al dûnsjendewei:
Saul hat syn tûzenen ferslein,
mar David syn tsientûzenen.
8Dat stiek Saul tige en it wie him min nei ’t sin. David ha se tsientûzenen jûn, sei er, en my mar tûzenen. Aanst wurdt er ek noch kening. 9Dat sûnt dy tiid hie Saul it net op David stean.
10De oare deis waard in kweade geast fan God Saul oermânsk en hy raasde yn ’e hûs om. Dat sadwaande striek David lykas altyd, de hân oer de snaren. Saul hie wylst in spear yn ’e hân. 11Doe smiet Saul de spear. Hy tocht: Ik sil David oan ’e muorre speetse. Mar David wykte fan siden, oant twaris ta. 12Saul waard doe bang foar David, omdat de Heare mei him wie en Saul ferlitten hie. 13Dêrom skikte Saul him by him wei en stelde him oan as kommandant oer tûzen. Dat no seach it folk him ôfstekken en wer thúskommen. 14It rûn David mei, oeral dêr’t er hinnegong, want de Heare wie mei him.
15Doe’t Saul seach dat it David tige meirûn, waard er benaud foar him. 16Mar hiele Israel en Juda hâlden fan David, want hy gong foar har op as se derop útgongen en as se wer thúskamen.
David trout mei Mikal
17Saul sei tsjin David: Hjir is myn âldste dochter, Mearab. Ik sil har dy as frou jaan, mar dan moatst foar my ek in dapper soan wêze en de oarloggen fan de Heare fiere. Saul tocht: Lit my sels net de hannen oan David slaan, mar lit him de Filistinen yn hannen falle. 18David lykwols sei tsjin Saul: Wat hawwe ik en myn folk, ús heite famylje en geslacht te betsjutten, dat ik skoansoan fan ’e kening wurde soe? 19Mar doe’t de tiid kaam dat Sauls dochter oan David jûn wurde soe, waard se oan Adriël, de Mecholatyt, as frou jûn. 20No hâlde Mikal, ek in dochter fan Saul, fan David. Dat waard Saul ferteld en it like him skoan ta. 21Want Saul tocht: Ik sil har oan him jaan, dan kin hja foar him in falstrik wêze en kin er yn ’e hannen fan ’e Filistinen falle. Dat Saul sei tsjin David foar de twadde kear: Do kinst hjoed myn skoansoan wurde. 22Oan syn tsjinstfeinten droech Saul op: Praat ris temûk mei David en sis: Harkris, de kening mei jo wol lije en al syn tsjinstfeinten hâlde ek fan jo. No dan, wurd de kening syn skoansoan. 23Sauls tsjinstfeinten brochten dy wurden fertroulik oan David oer. Mar David sei: Jim skine it mar neat te finen, de kening syn skoansoan te wurden. Ik bin ommers mar earm, in mantsje fan neat. 24Sauls tsjinstfeinten brochten him oer: Sa en sa hat David sein. 25Saul sei: Jimme moatte dit tsjin David sizze: It is de kening net te rêden om in breidsskat, mar om hûndert foarhûden fan Filistinen, om sa wraak te nimmen op de kening syn fijannen. Saul syn bedoeling wie, dat David dan troch de hannen fan ’e Filistinen falle soe. 26Doe’t syn tsjinstfeinten David dy wurden oerbrocht hienen, like it David skoan ta en wurd de kening syn skoansoan.
De tiid wie noch net om, 27of David makke him klear en hy en syn mannen gongen hinne en fersloegen ûnder de Filistinen twahûndert man. David naam har foarhûden mei en hja leveren se foltallich oan ’e kening ôf om de kening syn skoansoan te wurden. Dêrop joech Saul him syn dochter Mikal as frou. 28Doe seach Saul it yn en hy waard gewaar, dat de Heare mei David wie. En Mikal, Sauls dochter, hâlde fan him. 29Dat Saul waard noch helte banger foar David en Saul wie, sa lang’t er libbe, Davids fijân. 30As de Filistynske foarsten opmarsjearden, dan rûn it David, sa faak se derop útgien wienen, mear mei as alle oare tsjinstfeinten fan Saul, dat syn namme kaam heech yn oansjen.