David en Goliat
1De Filistinen brochten har leger gear foar de striid. Hja kamen byinoar te Soko, dat oan Juda heart. Har kamp sloegen se op te Efes-Dammim, tusken Soko en Azeka. 2Saul en de Israeliten kamen ek byinoar en sloegen har kamp op yn ’e Terebintedelling. Hja stelden har yn slachoarder op foar de Filistinen oer. 3De Filistinen stienen oan ’e iene kant op in berchskeante en de Israeliten oan ’e oare kant en de delling wie tusken har yn. 4Doe kaam der in kampfjochter út it leger fan ’e Filistinen nei foaren. Hy hiet Goliat en kaam fan Gat. Syn langte wie seis jellen en in klam. 5Hy hie in brûnzen helm op ’e holle en in skobbich pânser om ’e lea. Dat pânser woech fiif tûzen sikkel brûns. 6Oan ’e skonken hied er brûnzen skynplaten en in brûnzen spear op it skouder. 7De stâle fan syn piik wie as in weverspeal en de punt fan syn piik wie fan seishûndert sikkel izer, en syn skylddrager rûn foar him út.
8Sa stie er dêr en rôp de slachoarder fan Israel ta. Hy sei tsjin har: Wêrom binne jimme derop útgien en stel jim op foar de striid? Bin ik gjin Filistyn en binne jimme gjin tsjinstfeinten fan Saul? Stel in man foar jimme oan, dan kin dy nei my delkomme. 9As hy mei my fjochtet en my ferslacht, dan wurde wy jimme tsjinstfeinten. Mar as ik him oerkin en ik ferslach him, dan moatte jimme ús tsjinstfeinten wurde en ús tsjinje. 10De Filistyn sei: Ik daagje hjoed de slachoarder fan Israel út: Stjoer my in man, dan sille wy tegearre fjochtsje. 11Doe’t Saul en alle Israeliten dy wurden fan ’e Filistyn hearden, waarden se kjel en tige bang.
12David wie de soan fan dy Efratyt út Betlehem yn Juda, dy’t Isai hiet en dy’t acht soannen hie. Yn Sauls dagen wie de man al âld: hy hearde ta de âlderein. 13De âldste trije soannen fan Isai lykwols wienen achter Saul oan yn ’e striid gien. Syn trije soannen dy’t yn ’e striid gien wienen, hieten: de âldste Eliab, de twadde Abinadab en de tredde Sjamma. 14David wie de jongste, mar de âldste trije wienen achter Saul oan gien. 15Mar David reizge hinne-en-wer fan Saul nei hûs om syn heite skiep te weidzjen te Betlehem.
16Fjirtich dagen lang kaam de Filistyn moarns en jûns tichterby en gong dêr breedút stean.
17Isai sei tsjin syn soan David: Nim foar dyn bruorren in efa fan dit roastere nôt en dizze tsien breaën mei en besoargje dy gau by dyn bruorren yn it leger 18en dizze tsien swietmolken tsizen moatst by de kommandant fan it tûzenskip bringe. Fernim dan ris hoe’t it mei dyn bruorren giet, en nim in libbensteken fan har mei. 19Hja binne mei Saul en alle Israeliten yn ’e Terebintedelling oan it striden tsjin de Filistinen.
20Dat sadwaande kaam David der de oare moarns betiid ôf en droech de skiep oer oan ’e soarch fan in oppasser. Doe naam er syn fracht op en gong fuort lykas Isai him opdroegen hie. Meidat er by de kampwâl kaam, liet it leger dat optriek nei de slachoarder, syn kriichsrop hearre. 21De Israeliten en de Filistinen stelden har slachoarder foarinoar oer. 22David liet syn spullen achter ûnder de hoede fan ’e oppasser oer de foarrieden en rûn hurd nei de slachoarder. Doe’t er dêr oankommen wie, frege er syn bruorren, hoe’t it mei har wie. 23Krekt wylst er mei har oan it praten wie, kaam de kampfjochter opsetten. Hy hiet Goliat, de Filistyn, en kaam út Gat, út ’e slachoarder fan ’e Filistinen; hy spriek deselde wurden as altyd en David hearde it. 24Alle Israeliten hienen dy man noch net sjoen, of se gongen op ’e flecht. Hja wienen deabenaud.
25Doe seinen de Israeliten tsjininoar: Seagen jimme dy man dêr opkommen? Hy docht it oars net as om Israel út te daagjen. De man dy’t him ferslacht, sil troch de kening tige ryk makke wurde. Hy sil him syn eigen dochter jaan en syn famylje sil frijstelling fan belesting krije. 26David sei tsjin ’e manlju dy’t by him stienen: Wat sil de man, dy’t dizze Filistyn ferslacht en de smaad fan Israel weinimt, dermei úthelje? Wat soe dy ûnbesniene Filistyn? Hy hat ommers de slachoarder fan ’e libbene God útdage. 27Doe sei it folk hoe’t de saak derfoar stie, lykas al sein is: Dat sil de man dermei úthelje dy’t him ferslacht.
28Doe’t Eliab, syn âldste broer, him mei dy manlju praten hearde, waard er tige lilk op David en hy sei: Wêrom bist eins delkommen en oan wa hast it keppeltsje skiep tabetroud dêr yn ’e woestyn? Ik wit wol hoe domdryst en kwea fan hert ast biste. Do bist fansels delkommen om nei de striid te sjen. 29Mar David sei: Wat haw ik no wer dien? Mei men dat ek al net mear freegje? 30Doe kearde er him de rêch ta en klampe in oaren oan mei deselde wurden en it folk joech him itselde antwurd as earst.
31Doe’t dy wurden fan David bekend waarden en ferteld waarden yn it bywêzen fan Saul, liet dy him helje. 32David sei tsjin Saul: Lit gjinien om him de moed ferlieze. Jo tsjinstfeint sil der hinnegean en mei dy Filistyn fjochtsje. 33Mar Saul sei tsjin David: Do kinst net nei dy Filistyn gean en mei him fjochtsje. Do bist ommers noch mar in jongfeint, wylst hy fan bern ôf kriichsman is. 34David lykwols sei tsjin Saul: As jo tsjinstfeint syn heite skiep hoede, kaam der wolris in liuw of bear dy’t in skiep út ’e keppel meinaam. 35Ik gong dan achter him oan. Ik fersloech him en rêde it út syn bek. Foel er my dan oan, dan pakte ik him by it kinhier en sloech him dea. 36Sawol liuw as bear hat jo tsjinstfeint ferslein en it sil dizze ûnbesniene Filistyn fergean lykas dy beide. Hy hat ommers de slachoarders fan ’e libbene God útdage? 37Fierder sei David: De Heare, dy’t my rêden hat út ’e kloeren fan liuw en bear, Dy sil my ek rêde út ’e hannen fan dizze Filistyn. Dêrop sei Saul tsjin David: Gean dan mar; ik hoopje dat de Heare mei dy is.
38Doe klaaide Saul David oan mei syn eigen klean en sette him in brûnzen helm op ’e holle. Ek die er him in pânser om. 39Dêrop makke David oer de klean hinne, syn swurd fêst oan ’e mul. Doe soed er besykje te rinnen, want dat hied er sa noch noait besocht. Mar David sei tsjin Saul: Ik kin hjir net yn rinne. Ik haw dat ek noch noait besocht. – Dat sadwaande die David alles wer út.
40Doe naam er syn stôk yn ’e hân en socht him fiif stiennen út, yn ’e beek. Dy die er yn ’e hoederstas dy’t er by him hie, yn it fek fan ’e slingerstiennen. En mei de slinger yn ’e hân gong er op ’e Filistyn ta. 41De Filistyn rûn ek troch, hieltyd neier op David ta, mei de skylddrager foar him út. 42Doe’t de Filistyn goed taseach en David opnaam, hied er de gek mei him. Hy wie ommers noch mar in jongfeint, rossich en in kreaze ferskining. 43De Filistyn sei tsjin David: Tinkst dat ik in hûn bin, datst mei in stôk op my takomst? En de Filistyn flokte David by syn goaden. 44Fierder sei de Filistyn tsjin David: Kom mar op, dan sil ik dyn fleis oan ’e fûgels yn ’e loft en de dieren op it fjild jaan.
45Mar David sei tsjin de Filistyn: Do komst op my ta mei swurd, piik en spear. Ik lykwols kom ta dy yn ’e namme fan de Heare Almachtich, de God fan Israels slachoarders, dysto útdage hast. 46Hjoed sil de Heare dy oan my oerleverje. Ik sil it fan dy winne en dy de kop ôfslaan. Dan sil ik de liken fan it Filistynske leger oan ’e fûgels yn ’e loft en de bisten op ’e grûn jaan. De hiele ierde sil dan gewaar wurde, dat Israel in God hat. 47Dizze hiele mannichte sil gewaar wurde, dat de Heare net troch swurd of spear ferlost, want de striid giet de Heare oan en Hy sil jim yn ús macht jaan.
48Doe’t de Filistyn de oanfal begûn en aloan tichter David yn ’e mjitte kaam, makke David ek oan. Hy rûn fluch op ’e slachoarder ta, de Filistyn yn ’e mjitte. 49Derby stiek David de hân yn ’e tas en helle dêr in stien út. Hy slingere en rekke de Filistyn tsjin ’e foarholle. De stien krong him yn ’e foarholle en hy foel foaroer op ’e grûn. 50Sa koe David de Filistyn oer mei slinger en stien. Hy fersloech de Filistyn en deade him; en dochs hie David gjin swurd yn ’e hân, 51mar hy rûn der hurd hinne, gong by de Filistyn stean, pakte dy syn swurd beet, loek it út ’e skie, houde him dêr de holle mei ôf en deade him sa. Doe’t de Filistinen seagen dat har held dea wie, gongen se op ’e flecht. 52Doe sprongen de mannen fan Israel en Juda oerein. Hja jubelen it út en setten de Filistinen achternei oan Gat en oan ’e poarten fan Ekron ta. Sadwaande leinen der sneuvele Filistinen op ’e wei fan Sjaäraim, sawol oan Gat as oan Ekron ta.
53Doe’t de Israeliten weromkamen fan it fûle jeien achter de Filistinen oan, plonderen se har legerkamp. 54David naam de holle fan ’e Filistyn op en brocht dy nei Jeruzalem, mar syn wapens lei er yn syn tinte.
55Doe’t Saul seach dat David derop útgong, de Filistyn yn ’e mjitte, sei er tsjin Abner, de legeroanfierder: Fan wa is dy jongfeint in soan, Abner? Abner sei: Sa wier as jo libje, kening, ik wit it net. 56De kening sei: Freegje jo ris, fan wa’t dy jongkeardel ien is. 57Doe’t David weromkaam nei’t er de Filistyn ferslein hie, naam Abner him mei en brocht him foar de kening. De holle fan ’e Filistyn hied er noch yn ’e hân. 58Saul sei tsjin him: Fan wa bisto ien, jongfeint? David sei: De soan fan jo tsjinstfeint Isai, de Betlehimmer.