1 Samuël 11
Saul makket Jabesj frij
1Nachasj, de Ammonyt, kaam opsetten en belegere Jabesj yn Gileäd. Doe seinen de manlju fan Jabesj allegearre tsjin Nachasj: Slút in ferdrach mei ús en dan sille wy ús oan jo ûnderwerpe. 2Mar Nachasj, de Ammonyt, sei tsjin harren: Op dit betingst wol ik dat mei jim slute: dat jim allegear it rjochtereach útstutsen wurdt. Sa sil ik skande oer hiele Israel bringe. 3Dêrop seinen de âldsten fan Jabesj tsjin him: Jou ús sân dagen de tiid, dat wy boaden stjoere kinne hiele Israel troch. Is der dan gjinien dy’t ús helpe wol, dan sille wy ús oan jo oerjaan.
4Doe’t de boaden oankommen wienen yn Gibeä dêr’t Saul wenne, en dat berjocht oerbrochten en alleman it hearde, begûn it folk dêr lûd te gûlen. 5Mar krekt kaam Saul fan it lân achter de oksen oan, en hy sei: Wat skeelt dy lju, dat se sa gûle? Doe fertelden se him it ferhaal fan ’e mannen fan Jabesj. 6Doe’t Saul dat boadskip hearde, waard Gods Geast him oermânsk en hy waard poerrazen. 7Hy naam in span oksen, houde se yn stikken en stjoerde dy mei boaden hiele Israel troch mei it boadskip: Sa sil dien wurde mei de oksen fan elk dy’t net achter Saul en Samuël oangiet. Doe foel de skrik foar de Heare op it folk en hja kamen as ien man op.
8Hy meunstere har te Bêzek. Der wienen 300.000 Israeliten en 30.000 Judeeërs. 9Hja seinen tsjin ’e boaden dy’t kommen wienen: Dit moatte jimme tsjin ’e manlju fan Jabesj yn Gileäd sizze: Moarn, as de sinne hjit wurdt, komme jimme wer frij. Doe’t de boaden weromkommen wienen, fertelden se dat oan ’e manlju fan Jabesj en dy wienen der bliid om. 10Dêrop seinen de manlju fan Jabesj (tsjin Nachasj, de Ammonyt): Moarn sille wy nei jim tagean. Dan kinne jim alles mei ús dwaan wat jimme mar wolle.
11De oare deis stelde Saul it folk op yn trije groepen en hja kamen mei de moarnswacht yn it kamp. Doe sloegen se Ammon oant de dei hjit waard, en dy’t oerbleauwen, waarden sa útinoar jage, dat der gjin twa byinoar bleauwen.
12Nei ôfrin sei it folk tsjin Samuël: Wa wienen dat ek al mar wer, dy’t seinen: Soe Saul kening oer ús wêze? Hjir mei dy mannen, dea moatte se! 13Mar Saul sei: Dizze dei sil der gjin minske deade wurde. De Heare hat ommers útkomst brocht yn Israel.
Saul fêst as kening oansteld
14Samuël sei tsjin it folk: Kom mei, dan geane wy nei Gilgal, dan sille wy dêr it keningskip fernije. 15Doe gong it hiele folk nei Gilgal en hja makken Saul dêr kening foar de eagen fan de Heare yn Gilgal. Hja brochten dêr fleisoffers en tankoffers foar de eagen fan de Heare en Saul wie dêr tige bliid en alleman fan Israel mei him.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap