Saul as kening salve
1Doe naam Samuël in krûk mei oalje en geat Saul dy út oer de holle, tute him en sei: Hjirmei hat de Heare jo salve as foarst (oer syn folk, oer Israel; en jo sille hearskje oer it folk fan de Heare en sille it rêde út ’e macht fan syn fijannen om him hinne. En dit sil jo it teken wêze dat de Heare jo salve hat as foarst) oer syn erfdiel: 2As jo strak hjir by my weigeane sille jo twa manlju oantreffe by it grêf fan Rachel, yn it gebiet fan Benjamin, te Selsach. Dy sille tsjin jo sizze: De ezelinnen dêr’t jo op út binne om dy te sykjen, binne fûn. Dat no hat jim heit de saak fan ’e ezelinnen fan him ôfset, mar sit er oer jimme yn noed en freget him ôf. Wat moat ik no foar myn soan dwaan? 3As jo dêrwei fierder geane en by de ikebeam fan Tabor oankommen binne, dan sille trije manlju, dy’t ûnderweis binne nei God te Bet-El, jo dêr oantreffe. Ien hat trije bokjes by him, ien trije rûne bôlen en ien in krûk wyn. 4Hja sille jo sûnfreegje en jo twa bôlen jaan. Jo nimme dy dan fan harren oan. 5Dêrnei komme jo op ’e hichte fan God, dêr’t de pylders fan ’e Filistinen steane. Sadree’t jo yn ’e stêd oankomme, komme jo in ploech profeten tsjin, dy’t fan ’e hichte ôfkomme mei foar har út harpen, trommen, skalmeien en lieren. Hja sille yn profetyske opteinens wêze. 6Dan sil de Geast fan de Heare jo oermânsk wurde en jo sille mei har út ’e skroeven reitsje en jo sille josels net mear wêze. 7As it dan safier is, dat dy tekens oan jo útkomme, doch dan wat foar de hân leit, want God is mei jo. 8Jo moatte foar my út gean nei Gilgal. Ik kom dêr dan by jo om brânoffers te bringen en tankoffers te slachtsjen. Sân dagen moatte jo dêr wachtsje, oant ik by jo kommen bin. Dan sil ik jo witte litte wat jo dwaan moatte.
Saul wer nei hûs
9Wylst er him omkearde om by Samuël wei te gean, makke God in oar minske fan him en al dy tekens kamen dyselde deis nei. 10Hja kamen dêr oan op ’e hichte en sjochdêr: in ploech profeten kaam him yn ’e mjitte. Doe waard de Geast fan God him oermânsk en hy rekke yn har fermidden alhiel yn profetyske opteinens. 11Doe’t allegearre dy’t him earder al kend hienen seagen dat er mei de profeten oan it profetearjen wie, seinen de minsken, de iene tsjin ’e oare: Wat is dat mei de soan fan Kisj? Is Saul ek al ûnder de profeten? 12Mar in man dêrwei joech as antwurd: Wa is har heit? Sadwaande ûntstie it sprekwurd: Is Saul ek al ûnder de profeten?
13Doe’t er wer ta him sels kommen wie, kaam er op ’e offerhichte oan. 14Sauls omke sei tsjin him en de jonge: Wêr hawwe jim hinne west? Hy sei: Op syk nei de ezelinnen. Mar doe’t wy seagen dat se der net wienen, binne wy nei Samuël ta gien. 15Doe sei Sauls omke: Fertel my ris: Wat hat Samuël sein? 16Saul sei tsjin syn omke: Hy hat ús daliks ferteld dat de ezelinnen al fûn wienen. Mar de saak fan it keningskip, dêr’t Samuël it oer hân hie, fertelde er him net.
Saul foar it hiele folk as kening oanwiisd
17Dêrnei rôp Samuël it folk nei de Heare te Mispa, 18en hy sei tsjin ’e Israeliten: Dit hat de Heare, de God fan Israel te sizzen: Ik bin it dy’t Israel út Egypte weihelle haw. Ik haw jim rêden út ’e macht fan ’e Egyptners en fan alle keninkriken dy’t jimme benearen. 19Jimme lykwols binne it, dy’t hjoed jim God oan ’e kant set hawwe, Him, dy’t jim út alle ûnheilen en neden ferlost hat. Jimme seinen ommers: Nee, mar set in kening oer ús. No dan, stel jim op foar de Heare neffens jim stammen en jim famyljes. 20Doe’t Samuël alle stammen fan Israel foarkomme litten hie, waard de stam Benjamin rekke. 21En doe’t er de stam Benjamin neffens syn famyljes foarkomme litten hie, waard de famylje Matry rekke. Dêrop waard Saul, de soan fan Kisj rekke. Doe sochten se him, mar hy wie net te finen.
22Dat se stelden de Heare nochris in fraach: Komt de man hjir noch? Mar de Heare sei: Wis. Hy hat himsels ferskûle tusken it guod. 23Doe rûnen se der gau hinne en hellen him dêrwei, en doe’t er tusken it folk stie, stiek er in holle boppe it folk út. 24Dêrop sei Samuël tsjin it hiele folk: Sjogge jim no, wa’t de Heare útkeazen hat? Der is ûnder it hiele folk net ien lykas hy. It hiele folk jubele en rôp: Lang libje de kening!
25Dêrnei hâlde Samuël it folk it keningsrjocht foar. Hy skreau dat op yn in boek en lei dat del foar de Heare. Doe liet Samuël it hiele folk wer gean, elk nei syn eigen hûs. 26Saul gong ek nei syn hûs te Gibeä en mei him gongen de moedige mannen, dy’t troch God derta oandreaun waarden. 27Mar der wienen dogeneaten dy’t seinen: Soe sa’n ien ús ferlosse? Hja hienen de gek mei him en brochten him gjin geskink. Mar hy bearde dat er doof wie.