It hoedzjen fan Gods keppel
1Ik doch no in berop op de âldsten ûnder jimme. – Ik bin sels ek in âldste: ik haw it lijen fan Kristus mei eigen eagen sjoen en haw ek diel oan ’e hearlikheid dy’t iepenbiere wurde sil. – 2Hoedzje de keppel fan God dy’t by jimme is, sjoch derop ta, net omdat it no ienris moatten is, mar fan herten, lykas God dat wol, net om der op skandalige wize oan te fertsjinjen, mar reewillich 3Besykje net de baas te spyljen oer de minsken dy’t jimme tabetroud binne, mar wês in foarbyld foar de keppel. 4Dan sille jimme, as de Opperhoeder ferskynt, de gloarjekrânse winne, dy’t net ferwylget.
5Lyksa moatte jimme, jongerein, foar de âldsten oer jim plak witte. En allegearre moatte jimme ien en al beskiedenens wêze yn ’e omgang mei elkoar. Want:
God stiet tsjin ’e heechmoedigen,
mar oan ’e needrigen jout Er genede.
6Wurd dan lytsman ûnder Gods machtige hân, dan sil Hy op syn tiid jimme grut meitsje. 7Lis al jimme noeden Him op ’e skouders, want jimme geane Him oan it hert.
8Wês sober en op jimme iepenst. Jimme fijân, de duvel, strúnt om as in âljende liuw dy’t ien siket om him te ferslinen. 9Ferset jimme tsjin him, stean fêst yn it leauwen. Want jimme witte dat jimme kristenbruorren yn ’e hiele wrâld itselde lijen te ferduorjen hawwe.
10Dy God dy’t alle genede jout, hat jimme roppen ta syn ivige hearlikheid yn mienskip mei Kristus. Hysels sil jimme ek folslein, fêst en sterk meitsje en jimme in hecht fûnemint jaan, nei’t jimme in koarte tiid lit hawwe. 11Sines is de macht foar ivich en altiten. Amen.
Groetenissen
12Dizze koarte brief haw ik jimme skreaun mei help fan Silvanus, dy’t nei myn betinken in betroubere broer is. Sa wol ik jimme moed ynsprekke en jimme de wissichheid jaan, dat dat no krekt de wiere genede is dy’t God jout. Stean dêr fêst yn.
13Jimme sustergemeente yn Babylon docht jimme de groetenis, lykas ek Markus, myn jonge. 14Groetsje elkoar mei de fredegroet. Frede wês jimme allegearre dy’t by Kristus hearre.