Johannes ferslacht Kendebéus
1Johannes kaam út Gezer om syn heit Simon troch te dwaan, wat Kendebéus allegearre wol net útheefde. 2Doe rôp Simon syn beide âldste soannen, Judas en Johannes, en sei tsjin har: Myn bruorren en ik en ús heite famylje hawwe fan jongs ôf oant no ta mei de fijannen fan Israel yn ’e slach west en mannich kear is it ús slagge Israel te ferlossen. 3Mar no bin ik âld wurden. Jimme lykwols steane troch Gods geunst yn ’e bloei fan it libben. Dat stean dan op it plak fan myn broer en fan my en gean de striid oan foar ús folk. Dat de help út ’e Himel jimme bystean mei. 4Doe rôp er út syn lân 20.000 man op, fuotfolk en hynstefolk. Dy no trieken op tsjin Kendebéus en bleauwen dy nachts yn Modeïn oer.
5Doe’t se yn ’e iere moarn de flakte yn trieken, kaam har in grut leger temjitte, fuotfolk en hynstefolk. Tusken dat leger en harres wie in beek. 6Johannes stelde syn leger op lyk foar de fijân oer. Doe’t er fernaam dat syn mannen der ôfgryslik tsjinoan seagen om de beek oer, gong hy sels it earst nei de oare kant. It leger kaam him doe achternei. 7Omdat de fijân in macht hynstefolk hie, ferparte Johannes syn fuotfolk yn twaën, mei yn ’e midden it hynstefolk. 8Doe bliezen se de trompetten en Kendebéus mei syn hiele leger waard op ’e flecht jage. Party sneuvelen en dy’t der oerbleauwen, sochten in hinnekommen yn ’e festing. 9Judas, Johannes syn broer, rekke yn ’e slach ferwûne. Johannes sette de fijân achternei, wol oan Kedron ta, dat Kendebéus fersterke hie. 10Mei’t oaren in hinnekommen socht hienen yn ’e tuorren op ’e gerjochtichheid fan Azotus, stiek er dy yn ’e brân. Sa kamen der fan ’e fijân sa’n 2000 man om. Doe gong er goed en wol nei Judéa werom.
Simon yn Dok fermoarde
11Ptoleméus, de soan fan Abibus, hie it kommando oer de flakte fan Jericho. It wie by him ien en al rykdom, 12want hy wie de hegepryster syn skoansoan. 13Sadwaande, it boarst withoe-heech, woe er baas oer it lân wurde. En sa kaam er ta it beslút om Simon en syn soannen temûk om hals te bringen. 14Simon wie wend de stêden fan it lân ôf te reizgjen, dat er krekt witte soe hoe goed se har gerak krigen. Sa kaam er, beselskippe fan syn soannen Mattatias en Judas, ek yn Jericho. Dat wie yn it jier 177, yn ’e alfte moanne, dat is de moanne Sebat. 15Doe loadste de soan fan Abibus har mei fluenske praatsjes nei de lytse festing Dok, dy’t er sels boud hie. Dêr sette er har in machtich feestmiel. Wylst hie er syn mannen beskûl.
16Doe’t Simon en syn soannen de drank net mijd hienen, kamen Ptoleméus en syn mannen fanwegen, griepen de wapens, gongen de feestseal yn, oerfoelen Simon en sloegen him dea, himsels, syn beide soannen en guon fan syn feinten. 17It wie in ferried, sa min, dat der gjin wurden foar binne. Boppedat leanne er goed mei kwea. 18Doe brocht Ptoleméus fan wat er dien hie, skriftlik ferslach út oan ’e kening. En hy frege mei-iens om troepen om him te helpen en oft de kening it bestjoer oer it lân en oer de stêden oan him oerdrage woe. 19Hy stjoerde ek noch guon fan syn mannen nei Gezer ta om Johannes om hals te bringen. En de oersten fan tûzen noege er yn in brief út harren by him te jaan. Se krigen dan goud en sulver fan him presint en noch mear. 20Fierders stjoerde er ek noch guon út om Jeruzalem en de timpelberch te nimmen.
Johannes folget syn heit op
21Mar der wie ien dy’t him in slach foar west hie. En dy hie yn Gezer Johannes al trochdien dat syn heit en syn beide bruorren fermoarde wienen, en him warskôge, dat Ptoleméus der guon op útstjoerd hie om ek him it libben te benimmen. 22Doe’t Johannes dat hearde, waard er slim oerstjoer. De mannen dy’t kommen wienen om him te fermoardzjen, liet er oppakke en deameitsje.
23Al it oare dat Johannes dien hat, de oarloggen dy’t er fierde, hoe’t er útblonk yn dapperens, syn bouwen fan ’e stedsmuorren en al it oare dat er út ’e wei set hat, 24dat allegearre, fan de dei ôf dat er syn heit as hegepryster opfolge, stiet beskreaun yn ’e kroniken dy’t oer him as hegepryster geane.