Demétrius II rekket yn ’e hannen fan ’e Perzen
1Yn it jier 172 rôp kening Demétrius syn legers byinoar en triek nei Medië ta, om te sjen oft er dêr help krije koe foar syn oarloch mei Tryfon. 2Mar doe’t Arsakes, de kening fan Perzië en Medië, hearde dat Demétrius mei in leger syn lân ynkommen wie, stjoerde er ien fan syn generaals derop út. Dy moast sjen him libben yn ’e hannen te krijen. 3Dat dy sette ôf, fersloech Demétrius syn leger, krige him te pakken en brocht him nei Arsakes. Dy liet him opslute.
Lofliet op Simon
4Salang’t Simon oan it regear wie, hie it lân frede. It wolwêzen fan syn folk stie hy in bulte noed foar, dat salang’t er libbe, wienen de Joaden wiis mei syn namme en eare. 5En dy waarden noch grutter, doe’t er Joppe ferovere en it folk sa in haven krige om nei de eilannen ta. 6Hy ferovere hiele hoeken fan it lân. Sa wreide er de gerjochtichheid fan syn folk út. 7Hiel wat mannen dy’t yn ’e oarloch gefangen rekke wienen, helle er wer nei hûs. Hy sette Gezer, Bet-Sûr en de stins nei syn hân. Alles dat dêr oan ûnreinens wie, die er fuort, sûnder dat der ien wie, dy’t it fan datoangeande yn ’e kant sette. 8En elkenien berêde yn frede syn hoekje grûn en it lân joech syn frucht en de beammen yn ’e flakte allyksa. 9De âlderein siet op ’e strjitten en mei-inoar hienen se it deroer, hoe fleurich it no allegearre wie. De jongfeinten rûnen yn prachtige soldateklean. 10De stêden foarseach er fan iten en riste se út mei wapens om in mooglike oanfal ôf te slaan. Sa waard syn namme mei eare neamd oant yn ’e fierste lannen. 11Hy beskikte it lân frede. Yn Israel waard it no ien stik wille en fleur. 12En elkenien siet frij fan soargen en noeden ûnder syn wynstôk en syn figebeam. 13Want de fijannen wienen it lân út en de keningen koenen yn dy dagen neat begjinne. 14Hy wie in stipe foar de earmen fan syn folk, hy wie mei liif en siel foar de wet en dy’t him dêr net oan hâlde of ferkeard woe, roege er út. 15De timpel joech er grutter gloarje. Ek oan timpelreau kaam der mear as der foartiid west hie.
Konneksjes mei Rome en Sparta
16Doe’t se yn Rome en ek yn Sparta hearden dat Jonatan wei wie, hienen se it dêr tige mei te dwaan. 17Mar doe’t har ferteld waard dat syn broer Simon him as hegepryster opfolge wie en it lân en syn stêden goed yn beslach hie, 18fernijden se de freonskip en it bûn dat se mei syn bruorren Judas en Jonatan oangien wienen, leinen dat yn skrift fêst yn koperen platen en stjoerden dy Simon ta. 19Dat stik no waard foarlêzen op ’e folksgearkomste te Jeruzalem.
20Dit is it ôfskrift fan ’e brief dy’t se fan ’e Spartanen krigen: Fan ’e ried fan Sparta en fan ’e stêd sels oan hegepryster Simon en oan de âldsten, de prysters en de oaren fan it Joadske folk, ús bruorren: De groetenis. 21De boaden, dy’t jimme nei ús ta stjoerd hawwe, hawwe ús ferteld fan jimme oansjen en jimme grutte namme. Har kommen stie ús tige oan. 22Wat se allegearre seinen, ha wy opskriuwe litten en dat stiet no sa te boek by de oarkonden fan ús steat: Numénius, de soan fan Antíochus, en Antípater, de soan fan Jason, allebeide boaden fan ’e Joaden, binne hjir kommen om de freonskip mei ús te fernijen. 23It like ús folk in goed ding ta om dy mannen mei eare yn te heljen en om in ôfskrift fan wat se sein hienen in plak te jaan yn ’e steatsarchiven, dat it de Spartanen jimmeroan bybliuwe sil. In ôfskrift dêrfan ha wy hegepryster Simon tastjoerd. 24Dêrop stjoerde Simon Numénius nei Rome mei in grut gouden skyld, ien dat wol tûzen pûn wurdich wie, om it bûn te befestigjen.
It Joadske folk earet Simon
25Doe’t it folk fan al dy dingen hearde, seinen se by harsels: Hoe soenen wy Simon en syn soannen ús tankberens betoane kinne? 26Hysels, syn bruorren en syn famylje, hawwe yn ’e striid tsjin Israels fijannen noait belies jûn; se hawwe de fijannen ferdreaun en Israels frijdom feilich steld. Sadwaande lieten se in oarkonde opmeitsje, skrasten dy yn koperen platen en sloegen dy oan op pylders, op ’e berch Sion.
27Dit is in ôfskrift fan dy oarkonde: Op ’e achttjinde fan de moanne Elûl, yn it jier 172, it tredde jiers dat Simon hegepryster wie, hawwe se yn it Asaramel, 28op in grutte gearkomste fan prysters en folk, fan de lieders en âldsten fan it lân, ús dit goed foarhâlden: 29Yn al de oarloggen dy’t ús lân teistere hawwe, hawwe Simon, de soan fan Mattatias, út it skaai fan Jojarib, en syn bruorren, hieltiten weroan it libben derby opset en har ferward tsjin ’e fijannen fan har folk, dat har timpel en de wet yn wêzen bliuwe soenen. En sa hawwe se har folk ferneamd makke.
30Nei’t Jonatan, dy’t it folk om him hinne krige en hegepryster waard, byset wurden wie by syn foarâlden, 31waarden de fijannen it mei-inoar iens om in ynfal yn it lân te dwaan en it te ferwoesten en om de timpel yn ’e macht te krijen.
32Mar doe kaam Simon fanwegen en gong yn ’e striid foar syn folk. Hy sette der gâns fan syn eigen besit by op, dat de mannen fan syn folk mar wapens hawwe soenen en soldij. 33Hy fersterke de stêden fan Judéa en benammen Bet-Sûr, foarhinne in plak dêr’t de fijân syn wapens yn opsloech. En hy lei der in Joadske besetting yn. 34Hy fersterke ek Joppe oan ’e see en Gezer dat tsjin Azotus oan leit, foarhinne in stêd mei ien en al fijannen. Hy makke der in Joadske stêd fan. Foar beide plakken sloech er yn, dêr’t mar ferlet fan wie.
35Omdat Simon dat allegearre dien hie, om de grutte trou en de earlikens dy’t er syn folk betoande, en om it oansjen dat er syn folk joech, hat dat him oansteld as har lieder en har hegepryster. Hoe’t hy der altiten op út wie om syn folk ta eare en oansjen te bringen, docht ek bliken hjirút, 36dat it ûnder syn bestjoer en troch syn tadwaan slagge de heidenen it lân út te krijen. Ek dy’t de Davidsstêd te Jeruzalem beset hâlden en har dêr in stins boud hienen. Ut dy stins wei diene se útfallen, makken dan de timpel ûnrein en dienen sa de hilligens dêrfan gâns skea. 37Simon lei der in Joadske besetting yn en makke him noch sterker as er al wie, om it foar de stêd en foar it lân nammerste feiliger te meitsjen. Boppedat brocht er de muorren fan Jeruzalem in ein omheech. 38Kening Demétrius befestige him dan ek yn syn amt fan hegepryster. 39Hy naam him op yn ’e rûnte fan syn Freonen en eare him tige. 40Want hy hie heard, dat de Joaden by de Romeinen as freonen, bûnsmaten en bruorren te boek stienen en dat dy Simon syn boaden alle eare oandien en wakker ynhelle hienen. 41En ek dat de Joaden en de prysters besletten hienen, dat Simon har lieder en hegepryster wêze soe. Foar altiten. Of der moast de iene of oare tiid al in betroud profeet komme, dy’t oars sei. 42Hy soe yn ’e oarloch ek har oanfierder wêze. De timpel krige er op ’e noed. It waard fuortoan syn wurk de mannen oan te stellen dy’t oer de tsjinsten yn ’e timpel gean soenen, oer it bestjoeren fan it lân, oer de wapenfoarrieden en oer de festings. 43Hy gong fuortoan oer de timpel, elkenien moast tenei om syn sizzen jaan, alle offisjele stikken moasten ûnder syn namme en inkeld him kaam it ta it poarper oan te hawwen en de Gouden Gasp te dragen. 44En nimmen fan it folk of fan de prysters soe it frij hawwe fan dat allegearre ien ding ôf te dwaan of tsjin Simon yn te gean, of bûten him om in gearkomste te belizzen, of yn poarper te rinnen, of de Gouden Gasp te dragen. 45Elkenien dy’t tsjin dy dingen yngiet of him der net oan hâldt, dy is strafber.
46It hiele folk wie derfoar om Simon dy folmachten te jaan. 47En Simon naam se oan. Hy gong deryn mei om hegepryster, oanfierder en lieder fan it Joadske folk en fan ’e prysters te wêzen en te stean oer harren allegearre. 48Dit stik, sa seinen se, moast yn koperen platen skrast wurde en dy moasten sa oanslein wurde earne binnen de ringmuorre fan ’e timpel, dat elk se sjen koe. 49En in ôfskrift dêrfan moast in plak krije yn ’e skatkeamer. Dit foar it geriif fan Simon en syn soannen.