It druvehôf fan Nabot
1Hjirnei barde it folgjende. Nabot fan Jizreël hie in druvehôf, dat te Jizreël lei njonken it paleis fan kening Achab. 2Achab sei tsjin Nabot: Jou my jo druvehôf. Dan wol ik der in krûdetûn fan meitsje, want hy leit tichteby myn hûs. Ik sil der jo in druvehôf foar yn ’t plak jaan, dat better is as dit, of, as jo dat leaver hawwe, dan betelje ik jo der de wearde yn jild foar. 3Mar Nabot sei tsjin Achab: De Heare mei my derfoar bewarje, dat ik jo myn foarfaars erfskip jaan soe. 4Achab gong nei hûs, wrantelich en grammoedich om wat Nabot fan Jizreël tsjin him sein hie: Ik wol jo myn foarfaars erfskip net jaan. Hy gong op bêd lizzen, draaide syn gesicht om en woe gjin iten hawwe.
5Izébel, syn frou, kaam by him en sei tsjin him: Wêrom stiet it sin dy sa ferkeard, datsto gjin iten hawwe wolst? 6Hy sei tsjin har: Ik haw mei Nabot fan Jizreël praat en tsjin him sein: Jou my jo druvehôf foar jild, of, as jo wolle, dan jou ik jo der in oar druvehôf foar. Mar hy sei: Ik wol jo myn druvehôf net jaan. 7Dêrop sei syn frou Izébel tsjin him: Woesto sa dyn keningskip oer Israel útoefenje? Kom derôf en yt ris wat, dan krigest wol in better sin. Ik sels sil dy it druvehôf fan Nabot út Jizreël jaan. 8Hja skreau brieven út namme fan Achab en segele se mei syn segel en stjoerde dy nei de âldsten en de lju fan oansjen, dy’t mei Nabot yn ’e stêd wennen. 9Yn ’e brieven hie se skreaun: Rop in festeldei út en lit Nabot foaroan sitte tusken it folk. 10Set twa man foar him oer dy’t nearne om jouwe. Dy moatte fan him ferklearje, dat er God en de kening ferflokt hat. Bring him dan bûten de stêd en stiennigje him dat er it bestjert.
11Doe dienen de mannen fan syn stêd, de âldsten en de lju fan oansjen, dy’t mei him yn ’e stêd wennen, sa’t Izébel harren hjitten hie, lykas beskreaun stie yn ’e brieven, dy’t se har stjoerd hie. 12Hja rôpen in festeldei út en lieten Nabot foaroan tusken it folk sitte. 13Twa mannen dy’t nearne om joegen, kamen en gongen foar him oer sitten. Dy beide mannen getúgden tsjin Nabot, dêr’t alle folk by wie: Nabot hat God en de kening lastere. Doe brochten se him bûten de stêd en stiennigen him dat er it bestoar. 14Oan Izébel stjoerden se it berjocht: Nabot is stiennige, hy is dea. 15Doe’t Izébel hearde dat Nabot stiennige wie en dea, sei se tsjin Achab: Kom oerein en nim it druvehôf fan Nabot út Jizreël yn beslach, dat er dij net foar jild jaan woe, want Nabot is der net mear; hy is dea. 16Doe’t Achab hearde dat Nabot fan Jizreël dea wie, kaam er oerein om nei it druvehôf fan Nabot te gean en dat yn beslach te nimmen.
17Mar de Heare liet Elía fan Tisbé dit wurd takomme: 18Meitsje dy ree, gean Achab, de kening fan Israel, dy’t te Samaria wennet, yn ’e mjitte. Sjoch, hy is yn it druvehôf fan Nabot, dêr’t er hinnegien is om dat yn beslach te nimmen. 19Do moatst tsjin him sizze: Dit hat de Heare te sizzen: Hasto moarde en ek al yn beslach nommen? En dan moatst tsjin him sizze: Dit hat de Heare sein: Op itselde plak, dêr’t de hûnen it bloed fan Nabot opslikke hawwe, sille de hûnen dyn bloed opslikje.
20Achab sei tsjin Elía: Hasto my wer fûn, myn fijân? Hy sei: Ja, ik haw jo fûn, omdat jo jo ferkocht hawwe om te dwaan wat de Heare ferkeard achtet. 21Sjoch, ik sil ûnheil oer dy komme litte, seit de Heare, en dy fuortreagje en al wat manlik is fan Achab útroegje fan heech oant leech yn Israel. 22Ik sil mei dyn hûs krektsa dwaan as mei it hûs fan Jerobeäm, de soan fan Nebat, en mei it hûs fan Basja, de soan fan Achía, om de grime, dysto wekker makke hast en omdatsto Israel ta sûnde brocht hast. 23Bûtendat hat de Heare oer Izébel sein: De hûnen sille Izébel fersline by it bolwurk fan Jizreël. 24Wa’t fan Achab yn ’e stêd stjert, sille de hûnen fersline en wa’t yn it fjild stjert, sille de fûgels fersline.
25Der hat net ien west lykas Achab, dy’t him sa ferkocht hat om te dwaan, wat de Heare ferkeard achtet en wat Izébel, syn frou, him ynstutsen hie. 26It is in minskegriis, sa’t er de ôfgoaden achterneirûn hat, alhiel lykas de Amoriten dien hawwe, dy’t de Heare foar Israel út dreaun hat.
27Sadree’t Achab dy wurden hearde, skuorde er syn klean, die in rousek om ’e lea en fêste: hy sliepte sels yn ’e rousek en rûn mei lome gong. 28Dêrom liet de Heare Elía fan Tisbe dit wurd takomme: 29Hast wol sjoen, hoe’t Achab him foar My fernedere hat? En om’t er him foar My fernedere hat, wol Ik it ûnheil net komme litte yn syn eigen dagen, mar yn ’e dagen fan syn soan sil Ik it oer syn hûs komme litte.