Benhadad falt oan en ferliest it
1Kening Benhadad fan Aram, brocht syn hiele leger byinoar; twaëntritich keningen mei hynders en weinen hied er mei. Sa gong er derop los, besingele Samaria en foel it oan. 2Hy stjoerde boaden yn ’e stêd nei kening Achab fan Israel, 3en sei: Dit hat Benhadad te sizzen: It sulver en goud fan jo, dat is foar my, en de moaiste froulju en flinkste soannen, dy binne foar my. 4De kening fan Israel sei: Sa’t jo sizze, mynhear de kening, fan jo bin ik mei al wat ik ha.
5Doe kamen de boaden wer en seinen: Dit hat Benhadad no sein: Ik hie jo wol de boade dien, dat jo my jo sulver en goud, jo froulju en soannen jaan moatte, 6mar moarn om dizze selde tiid stjoer ik myn tsjinners nei jo ta om de huzen fan jo en jo tsjinners troch te sykjen en hja sille beslach lizze op alles wat jo kostber fine, en dat meinimme.
7Doe rôp de kening fan Israel alle âldsten fan it lân en sei: No witte jim dochs foargoed, dat dizze man ferkeard wol. Hy hie my ommers al frege om myn sulver en goud, myn froulju en bern, en dat haw ik him net wegere. 8Alle âldsten en it hiele folk seine tsjin him: Jo moatte der net nei harkje en jo moatte net tajaan. 9Doe sei er tsjin ’e boaden fan Benhadad: Sis tsjin mynhear de kening: Al wat jo earst fan jo tsjinner easken, wol ik dwaan, mar dit kin net. De boaden gongen fuort en diene Benhadad beskied. 10Dy liet tsjin Achab sizze: De goaden meie my wit-wat dwaan en noch helte mear, as it pún fan Samaria de holle hân fan alle folk dat my folget, fol meitsje kin. 11De kening fan Israel joech as antwurd: Jim moatte sizze: dy’t it swurd opnimt, moat net opsprekke as ien, dy’t it swurd dellizze kin. 12Sadree’t Benhadad, dy’t mei syn keningen yn ’e tinten siet te drinken, dat hearde, sei er tsjin syn tsjinners: Opstelle! En se stelden har tsjin ’e stêd op.
13Doe kaam der in profeet op kening Achab fan Israel ta en sei: Dit hat de Heare te sizzen: Hasto dy hiele roerige kliber sjoen? Sjoch, Ik jou se hjoed noch yn dyn macht, datsto witte kinst, dat Ik de Heare bin. 14Achab frege: Troch wa? En hy sei: De Heare hat sein: Troch de jongkeardels fan ’e lânfâden. Hy sei: Wa moat begjinne te fjochtsjen? Hy sei: Jo. 15Doe meunstere Achab de jongkeardels fan ’e lânfâden: der wienen 232. Nei har meunstere hy it hiele folk, alle Israeliten: 7000 man. 16Dy middeis dienen se in útfal, wylst Benhadad yn ’e tinten him dronken sûpte mei de keningen, de twaëntritich keningen, dy’t him helpe soenen. 17Doe’t de jongkeardels fan ’e lânfâden in earste útfal dienen, stjoerde Benhadad ferkenners, dy’t him fernijden dat der guon oankamen út Samaria wei. 18Hy sei: Likefolle oft dy minsken dêrwei komme om frede oan te bieden of om te fjochtsjen, soargje jimme der yn elk gefal foar dat jim se libben yn hannen krije. 19Undertusken dienen se in útfal út ’e stêd wei, de jongkeardels fan ’e lânfâden mei it leger achter har oan. 20Elk sloech syn man, dat de Arameeërs spilen de wyk en Israel sette har nei.
Mar kening Benhadad fan Aram ûntkaam op in hynder, tagelyk mei inkele ruters. 21En de kening fan Israel gong derop los en fersloech it hynstefolk en de striidweinen en rjochte ûnder ’e Arameeërs in grutte slachting oan. 22Doe kaam deselde profeet by de kening fan Israel en sei tsjin him: Fersterkje jo leger en wit, wat jo te dwaan stiet, want takomme jier sil de kening fan Aram wer by jo oer de grinzen komme.
In nije oanfal dy’t mislearret
23De tsjinners fan ’e kening fan Aram hienen tsjin him sein: Dy god fan har is in berchgod, dêrom wienen se mear mânsk as wy. As wy mar mei har fjochtsje yn it flakke fjild, sille wy it grif fan har winne. 24Dat jo moasten dit dwaan: Set dy keningen allegearre ôf en stel yn har plak kommandanten oan. 25Fierders moatte jo in leger gearbringe like grut as jo ferlern hawwe, likefolle hynders en likefolle weinen. As wy yn it flakke fjild tsjin har fjochtsje moatte, sille wy it grif fan har winne. Hy harke nei har rie en die sa.
26It oare jiers meunstere Benhadad de Arameeërs en kaam oer de grinzen nei Afek, om tsjin Israel te fjochtsjen. 27De Israeliten waarden meunstere, krigen iten mei en gongen har yn ’e mjitte. It lân tilde fan ’e Arameeërs. Dêrfoaroer wienen de Israeliten, sa’t se legere wienen, oars net as in pear lytse keppels geiten.
28Doe kaam de godsman op ’e kening fan Israel ta en sei: Dit hat de Heare te sizzen: Om’t dy Arameeërs sizze, dat de Heare in berchgod is en net in god fan ’e flakte, sil Ik dy hiele roerige kliber yn dyn macht jaan, dat jimme witte meie dat Ik de Heare bin. 29Hja wienen sân dagen foar elkoar oer legere, mar de sânde deis begûn de striid. En de Israeliten fersloegen de Arameeërs, 100.000 man fuotfolk op ien dei.
30De oaren flechten nei Afek, de stêd yn en dêr foel de muorre op 27.000 man, dy’t oerbleaun wienen. Ek Benhadad wie de stêd yn flechte en rûn keamer yn keamer út. 31Syn tsjinners seinen tsjin him: Sjoch wy hawwe heard dat de keningen fan Israel genedige keningen binne. Lit ús sekken om ’e mul dwaan en roubannen om ús holle wuolje en sa nei de kening fan Israel te gean. Miskien lit er jo it libben hâlde. 32Doe dienen se sekken om ’e mul en roubannen om ’e holle, kamen by de kening fan Israel en seinen: Sparje my dochs it libben, seit jo tsjinner Benhadad. Hy frege: Libbet er dan noch? Hy is myn broer! 33De mannen namen dat as in goed teken, dat se heakken op dat wurd yn en seinen: Wis, Benhadad, jo broer. Hy sei: Helje him op! Doe’t Benhadad op him ta kaam, liet er him op syn wein klimme. 34En Benhadad sei tsjin him: De stêden dy’t ús heit jimme heit ôfnommen hat, jou ik jo werom en yn Damaskus meie jo hannelshuzen stichtsje, lykas ús heit yn Samaria dien hat. En ik, (sei Achab) sil jo op dit betingst gean litte. Sa sleat er mei him in ferbûn en liet him gean.
Wat in profeet derfan sei
35Ien fan ’e profetelearlingen sei tsjin syn maat, yn opdracht fan de Heare: Jou my ris in fikse klap. Mar hy woe him net slaan. 36Doe sei er tsjin him: Omdatsto net nei it wurd fan de Heare harke hast, sil in liuw dy deadzje, sagau asto by my wei bist. Doe’t er by him weigong, trof in liuw him oan en deade him. 37Doe trof de man in oarenien en sei: Jou my ris in fikse klap. Dy sloech him dat it bloed dernei gong. 38Doe gong er hinne en wachte de kening op oan ’e kant fan ’e wei, mar hy hie him ûnkenber makke mei in ferbaân boppe de eagen.
39Doe’t de kening foarbygean soe, rôp er him oan en sei: Jo tsjinner wie mei úttein yn ’e striid en op in stuit rûn in meardere fan siden, dy’t my in man brocht en sei: Pas op dizze keardel. As er dy ûntkomt, hoe dan ek, dan silsto mei dyn libben foar him betelje of do joust in talint sulver. 40Doe’t jo tsjinner lykwols hjir en dêr dwaande wie, wie de man fuort. Doe sei de kening fan Israel: Dan wurdt dat dyn fonnis, do hast net oars wollen. 41Gau skuorde de profeet doe it ferbân fan syn eagen, sadat de kening fan Israel merke koe, dat it ien fan ’e profeten wie. 42En hy sei tsjin him: Dit hat de Heare te sizzen: Omdatsto de man dy’t ûnder myn ban stiet, gean litten hast, silsto mei dyn libben betelje foar syn libben en mei dyn folk foar syn folk.
43Doe gong de kening fan Israel nei hûs, wrantelich en grammoedich en kaam te Samaria.