Elía moat flechtsje
1Achab ferhelle Izébel alles wat Elía dien hie en foaral dat er de profeten allegearre mei it swurd deade hie. 2Doe stjoerde Izébel in boade nei Elía en sei: De goaden meie my wit-wat dwaan en noch helte mear, as ik moarn om dizze tiid net mei dij dien haw, watsto mei elk fan harren dien hast. 3Dêr waard er bang fan, riste him ree en gong fuort om syn libben te rêden. Hy kaam te Beër-Sjêba yn Juda, liet syn feint dêr bliuwe, 4mar gong sels de wyldernis yn, safier as er yn in dei komme koe. Dêr gong er sitten ûnder in strûk bremerheide en woe wol dat er dea wie. Hy sei: Sa kin it wol ta, Heare, nim myn libben mar, want ik bin neat better as myn foarfaars.
5Hy joech him del en rekke ûnder ’e strûk bremerheide yn ’e sliep. Mar dêr roerde him in ingel oan, dy tsjin him sei: Kom oerein en yt. 6Hy seach om him hinne en sjoch, dêr lei by syn hollenein in bôle, dy’t op hjitte stiennen roastere wie en in krûk mei wetter. Hy iet en dronk en joech him wer del. 7Mar de ingel fan de Heare kaam noch ris wer, roerde him oan en sei: Kom oerein en yt, want do moatst noch in hiel ein. 8Doe gong er oerein, iet en dronk en, sterke troch dat iten, rûn er yn fjirtich dagen en nachten nei de godsberch Hoareb ta.
Elía moetet God by de Hoareb
9Hy kaam yn in hoale en woe dêr oernachtsje, mar dêr liet de Heare him syn wurd takomme en Hy sei tsjin him: Wat moatsto hjir, Elía? 10Hy sei: Ik haw my tige ward foar de Heare, de almachtige God. Mar de Israeliten hawwe jo ferbûn ferlitten, jo alters ôfbrutsen en jo profeten mei it swurd deade. Ik bin mar allinnich mear oer en se besykje my it libben te benimmen.
11Hy sei: Kom derút en gean foar it antlit fan de Heare stean op ’e berch. En sjoch, de Heare gong foarby: in geweldige, hurde wyn skuorde de bergen en briek de rotsen foar de Heare út, mar de Heare wie net yn dy wyn. Nei de wyn kaam der in ierdbeving, mar de Heare wie net yn de ierdbeving. 12Nei de ierdbeving wie der in fjoer, mar de Heare wie net yn it fjoer. Mar nei it fjoer kaam it lûd fan in lichte koelte. 13Doe’t Elía dat hearde, bewuolle er it gesicht mei syn mantel, gong nei bûten en stelde him by de yngong fan ’e hoale op. En dêr wie in stim, dy’t tsjin him sei: Wat moatsto hjir, Elía? 14Hy sei: Ik haw my tige ward foar de Heare, de almachtige God. Mar de Israeliten hawwe jo ferbûn ferlitten, jo alters ôfbrutsen en jo profeten mei it swurd deade. Ik bin mar allinne mear oer en se besykje my it libben te benimmen.
15Doe sei de Heare tsjin him: Gean de wei werom troch de wyldernis nei Damaskus en asto dêr kommen biste, moatst Hazaël ta kening oer Aram salvje. 16Jehû, de soan fan Nimsy silsto ek salvje, ta kening oer Israel, en Elíza, de soan fan Sjafat út Abel-Mehola silsto foar dysels yn ’t plak ta profeet salvje. 17Want sa sil it komme: Wa’t oan it swurd fan Hazaël ûntkomt, him sil Jehû deameitsje en Elíza sil deameitsje dy’t oan it swurd fan Jehû ûntkomt. 18Mar yn Israel sil Ik sântûzen oerbliuwe litte, allegearre minsken dy’t de knibbels foar Baäl net bûgd hawwe en him mei de mûle net tute hawwe.
19Doe gong er dêrwei en trof Elíza, de soan fan Sjafat, dy’t krekt oan it ploegjen wie mei tolve span oksen foar him út, wylst er sels by it tolfte rûn. 20En mei’t Elía him foarby gong, smiet dy him syn mantel ta. Hy liet de oksen gewurde en gong Elía hurd achternei, wylst er rôp: Lit my myn heit en mem noch in tút ta ôfskie jaan, dan gean ik mei. Mar hy sei: Gean mar gerêst werom, want wat foar bysûnders haw ik jo eigentlik dien? 21Doe gong er earst by him wei, naam it span oksen, slachte se, sea it fleis fan ’e oksen op it hout fan ’e ploech en joech dat oan it folk te iten. Dêrnei makke er him klear om Elía te folgjen en te tsjinjen.