Elía by de Krit
1Elía de Tisbyt, út Tisbé yn Gileäd, hie tsjin Achab sein: Sa wier as de Heare de God fan Israel, libbet, yn waans tsjinst ik stean: it sil dizze jierren net wer dauje of reine, eardat ik it sis.
2Doe krige er dit wurd fan de Heare: 3Do moatst hjirwei, dat jou dy op ’en paad nei it easten en hâld dy beskûl by de beek Krit, dy’t útkomt yn ’e Jordaan. 4Do kinst út ’e beek drinke en Ik haw de ravens hjitten dat se dij iten bringe. 5Doe gong er fuort en die sa’t de Heare sein hie. Hy hâlde ta by de beek Krit, dy’t yn ’e Jordaan útkomt. 6De ravens brochten him moarns en jûns brea en fleis, en hy dronk út ’e beek.
7Mar nei ferrin fan tiid droege de beek út, want it hie yn gjin tiden reind yn it lân. 8Doe krige er dit wurd fan de Heare: 9Kom, gean nei Sarfat, dat by Sidon heart en bliuw dêr. Ik haw dêr al in widdo hjitten om foar dy te soargjen.
Elía nei Sarfat
10Dat hy makke him klear en gong nei Sarfat. Doe’t er by de yngong fan ’e stêd kaam, sjoch, dêr wie in widdo oan it priksykjen. Hy rôp har oan en sei: Helje my dochs wat wetter yn in krûk, dan kin ik drinke. 11Doe’t se al fuortrûn om it te heljen, rôp er har nei: Nim ek wat iten mei. 12Mar doe sei se: Sa wier as de Heare, jo God, libbet, ik haw gjin brea mear bakt. Ik haw allinne mar in hânfol moal yn ’e pot en in bytsje oalje yn ’e kanne. Sa’t jo sjogge, wie ik oan it priksykjen. As ik aanst thús kom, woe ik foar mysels en myn soan wat klear meitsje en dan moatte wy stjerre. 13Elía sei tsjin har: Wês mar net bang, gean hinne en doch sa’t jo sizze, mar meitsje my der earst in stikje brea fan klear en bring my dat. Foar jo en jo soan moatte jo dêrnei mar wat klear meitsje. 14Want dit hat de Heare, de God fan Israel, sein: It moal yn ’e pot sil net minderje en de oalje yn ’e kanne sil net opreitsje oant de dei, dat de Heare rein jout op ’e ierde.
15Doe gong se hinne en die, sa’t Elía sein hie. En dagen lang hie se iten, sysels mei de húshâlding en hy. 16It moal yn ’e pot mindere net en de oalje yn ’e kanne rekke net op, sa’t de Heare troch Elía sein hie.
Elía makket in deade libben
17In skoftke dêrnei waard de soan fan ’e hûsfrou tige siik, sa slim dat der gjin siken mear ynbleauwen. 18Se sei tsjin Elía: Hoe haw ik it no mei jo, godsman! Jo binne grif kommen om my myn kwea yn it sin te bringen en te meitsjen dat myn soan stjert. 19Doe sei er tsjin har: Jou my jo soan. Hy naam him fan har skurte en gong mei him nei de opkeamer, dêr’t er tahâlde en lei him op syn eigen bêd. 20Doe rôp er God oan en sei: Heare, myn God, dogge Jo sels de widdo, dêr’t ik gast bin, sa’n ûnheil oan, dat Jo har soan stjerre litte wolle? 21Hy gong trijeris oer it bern hinne lizzen, rôp de Heare oan en sei: Heare, myn God, lit dochs de siel yn it bern weromkomme!
22En de Heare harke nei de stim fan Elía en de siel fan it bern kaam yn him werom en it waard wer libben. 23Elía naam it bern en brocht it út ’e opkeamer yn ’e hûs. Hy joech it wer oan syn mem en sei: Sjoch, jo soan libbet. 24Doe sei de frou tsjin Elía: No wit ik foargoed, dat jo in godsman binne en dat it wurd fan de Heare yn jo mûle betrouber is.