Striid om ’e troan
1Doe’t kening David heech op jierren kommen wie, koed er mar net waarm wurde, al bestoppen se him ek noch sa. 2Dêrom seinen syn tsjinners tsjin him: Se moatte foar mynhear de kening in frommeske, in jongfaam sykje en dy moat de kening betsjinje, foar him soargje en yn syn earmen sliepe; dan sil mynhear de kening wol waarm wurde kinne. 3Doe sochten se om in kreas jongfaam yn it hiele gebiet fan Israel. Se fûnen Abisjach fan Sjûnem en brochten har by de kening. 4De jongfaam wie tige kreas. Se soarge foar de kening en betsjinne him, mar de kening besliepte har net.
5Undertusken tocht Adonia, de soan fan Chaggit, yn syn oermoed: Ik bin de man dy’t kening wurde sil. Dat hy túgde him hynder-en-weinen oan en fyftich man, dy’t foar him út rûnen. 6Syn heit is him al syn libbensdagen noait op it sear kommen mei de fraach: Wêrom dochsto soks? Boppedat, hy wie ek tige kreas fan uterlik en hy folge yn jierren oan Absalom. 7Hy hie rieplachte mei Joäb, de soan fan Serûja en mei pryster Abjatar, dat dy stienen oan Adonia syn kant. 8Mar pryster Sadok, Benaja, de soan fan Jojada, profeet Natan, Sjimy Reï en de helden fan David hâlden it net mei Adonia. 9Doe’t Adonia dan ek in offer tariste fan skiep en kij en mestfee by de Slangestien njonken de put Rogel, noege er al syn bruorren, de keninklike prinsen en fan alle mannen fan Juda it gefolch fan ’e kening; 10mar profeet Natan, Benaja, de helden en syn broer Salomo noege er net.
11Doe sei Natan tsjin Batsjêba, de mem fan Salomo: Hawwe jo net heard, dat Adonia, de soan fan Chaggit, kening wurden is, sûnder dat ús hear David derfan wit? 12No dan, lit my jo in rie jaan, dat jo jo eigen libben en dat fan jo soan Salomo rêde kinne. 13Gean nei kening David ta en sis tsjin him: Mynhear de kening, hawwe jo sels jo tsjinstfaam net sward: Wiswier, dyn soan Salomo sil nei my kening wurde en op myn troan sitte? Wêrom is Adonia dan no kening wurden? 14Wylst jo dêr dan noch mei de kening prate, sil ik nei jo deryn komme en jo wurden byfalle.
15Dat sa gong Batsjêba by de kening yn ’e keamer. De kening wie tige âld wurden en Abisjach fan Sjûnem wie der om de kening te betsjinjen. 16Batsjêba bûgde de holle en foel foar de kening del. Hy sei: Wat woenen jo? 17Hja sei tsjin him: Myn hear, jo hawwe my sels by de Heare, jo God, sward: Salomo, dyn soan, sil nei my kening wurde en hy sil op myn troan sitte. 18En no is Adonia samar kening wurden sûnder dat jo, mynhear de kening, der weet fan hawwe; 19hy hat in offer tarist fan in hiele keppel kij en mestfee en skiep en dêr alle keninklike prinsen by noege en pryster Abjatar en de legerkommandant Joäb, mar jo tsjinner Salomo hat er net noege. 20Nei jo, mynhear de kening, sjogge no de eagen fan hiele Israel, dat jo har te witten dogge, wa’t nei jo op ’e troan fan mynhear de kening sitte sil. 21Wannear’t mynhear de kening mei syn foarfaars rêst is, sille ik en myn soan Salomo it ûntjilde moatte.
22Wylst se noch mei de kening prate, sjochdêr, profeet Natan kaam deryn. 23Hja dienen de kening te witten: Profeet Natan is der. Dy kaam flakby en bûgde foar de kening mei it gesicht oan ’e grûn ta. 24En Natan sei: Mynhear de kening, jo hawwe sels grif sein: Adonia sil nei my kening wurde en op myn troan sitte? 25Want dy hat hjoed in offer tarist fan in hiele keppel kij en slachtfee en skiep en hy hat in útnoeging stjoerd oan ’e keninklike prinsen, de legerkommandant en oan pryster Abjatar. En dêr sitte se no mei him te iten en te drinken en roppe: Lang mei kening Adonia libje! 26My lykwols, jo tsjinner, pryster Sadok, Benaja, de soan fan Jojada en Salomo, jo tsjinner, hat er gjin útnoeging stjoerd. 27As dizze saak fan mynhear de kening útgien is, dan hawwe jo dus oan jo trouwe tsjinners net te witten dien, wa’t nei jo op ’e troan fan mynhear de kening sitte sil.
Salomo wurdt de man
28Doe antwurde kening David: Rop Batsjêba der wer yn! Dy kaam deryn en gong foar de kening stean. 29Doe swarde de kening: Sa wier as de Heare libbet, dy’t myn libben út alle need rêden hat: 30Sa’t ik sward haw by de Heare, de God fan Israel, dat Salomo, dyn soan, foarfêst nei my kening wêze sil en yn myn plak op ’e troan sitte, sa sil ik hjoed noch dwaan. 31Doe bûgde Batsjêba mei it gesicht oan ’e grûn ta, foel foar de kening del en sei: Myn hear, kening David, mei foar altyd libje!
32Kening David sei: Rop pryster Sadok, profeet Natan en Benaja, de soan fan Jojada! Dy kamen foar de kening. 33De kening sei tsjin har: Nim de trouwe tsjinners fan jimme hear mei, lit myn soan Salomo op myn eigen mûldier ride en bring him nei de Gichon. 34Dêr moatte pryster Sadok en profeet Natan him ta kening oer Israel salvje. Dan moatte se op ’e rammehoarn blaze en roppe: Lang mei kening Salomo libje! 35Dan moatte jim achter him oan weromkomme en hy moat syn yntocht yn ’e stêd hâlde en op myn troan sitten gean en hy sil my opfolgje. Hjirmei haw ik him oansteld as oanfierder oer Israel en Juda. 36Doe antwurde Benaja, de soan fan Jojada, de kening en sei: Amen! 37Mei de Heare, de God fan mynhear de kening dat ek mar sizze! Sa’t de Heare mei mynhear de kening west hat, sa mei Er ek mei Salomo wêze en syn troan noch grutter meitsje as de troan fan mynhear de kening David.
38Doe setten pryster Sadok, profeet Natan en Benaja, de soan fan Jojada, ôf mei de Keretiten en de Peletiten, lieten Salomo op it mûldier fan kening David ride en brochten him nei de Gichon. 39Sadok, de pryster, helle in hoarn mei oalje út ’e tinte en salve Salomo. Hja bliezen op ’e rammehoarn en al it folk rôp: Lang mei kening Salomo libje! 40Doe sette it hiele folk de stap deryn achter him oan. Derby blies it folk op ’e skalmei, hja jubelen fan grutte bliidskip, dat de grûn spjalte fan har jûchhei.
41Adonia en alle gasten by him hearden it. Se woenen krekt dien meitsje, doe’t Joäb it lûd fan ’e rammehoarn hearde. Hy sei: Wat moat dat lûd lawaai yn ’e stêd betsjutte?
42Wylst er noch spriek, sjoch, dêr kaam Jonatan de soan fan pryster Abjatar oan. Adonia sei: Jo binne in betrouber man. Kom deryn. Jo hawwe faaks goed boadskip. 43Jonatan antwurde Adonia: Krektoarsom! Us hear, kening David, hat Salomo kening makke. 44Hy hat him pryster Sadok, profeet Natan, Benaja de soan fan Jojada en de liifwacht meijûn. Se hawwe him op it mûldier fan ’e kening ride litten 45en pryster Sadok en profeet Natan hawwe him ta kening salve by de Gichon. Dêrwei hawwe se mei jûchhei de stap deryn set en de stêd is yn ûnstjoer. Dat is it lawaai, dat jim heard hawwe. 46Fierders is Salomo al op ’e keningstroan sitten gien 47en de tsjinners fan ’e kening binne kommen om ús hear, kening David, te lokwinskjen. Hja seinen: Mei jo God Salomo syn namme noch hearliker meitsje as jo namme en syn troan noch grutter as jo troan. De kening hat him sels op syn bêd foaroerbûgd 48en sein: Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel, dy’t it sa beskikt hat, dat der hjoed ien op myn troan sit en dat myn eagen it sjen mochten.
49Feralterearre sprongen alle gasten, dy’t by Adonia wienen, oerein en elk socht in goed hinnekommen. 50Ek Adonia spile de wyk, bang dat er wie foar kening Salomo. 51Se dienen kening Salomo troch: Adonia is bang foar kening Salomo; hy hat de hoarnen fan it alter beetkrigen en sein: Earst moat kening Salomo my swarre, dat er syn tsjinner net ombringe sil mei it swurd. 52Doe sei Salomo: As er in betrouber man blykt te wêzen, sil der net in hier fan him op ’e grûn falle, mar as er op wat ferkeards betrape wurdt, dan moat er stjerre. 53Dêrmei liet kening Salomo him by it alter weihelje. Hy kaam en bûgde him foar kening Salomo en dy sei tsjin him: Gean nei hûs.